heit&mem

Swangerskipskalinder

Wanneer kan de baby horen, wanneer kan heit met het kamertje beginnen en wanneer kan mem de baby al voelen?

Heit en mem 
Hat de oansteande mem wat lêst fan pinebúk? Dat komt wierskynlik troch de groei fan de liifmoer.
Ek kin de mem al wat in dikkere búk krije. Dat komt net troch de liifmoer mar troch de terms (darmen), dy’t wat opsette.

Ast nei de toskedokter moast, moast wol even sizze datst yn ferwachting bist, yn ferbân in eventuele ferdôving.
Miskien giest dizze wike foar foar it earst nei de ferloskundige?
Sy sil dy fragen stelle oer dyn sûnens en sykten yn de famylje. Ek wurdst miskien wol weage en wurdt dyn bloeddruk opmjitten.

Poppe
De harsens fan jimme poppe begjinne te funksjonearjen! It hertsje kloppet sa’n sechstich kear de minút.
Ek wurde de geslachtsorganen dizze wike oanmakke.

De poppe kriget al fingerkes, mar der sitte noch wol swimflueskes tusken.
De poppe kin al flink bewege, mar ja, hy is spitigernôch noch te lyts om dat te fielen.
De lytse hat ek al eachjes, mar noch gjin iris.
Ek hat er noch gjin eachleden, dus oant no ta hat er syn eagen de hiele tiid iepen, mar hy sjocht noch neat.

It berntsje is no:
2 sintimeter en 0 gram

SchattigeBabykleertjes.nl