heit&mem

Foar altyd yn ús hert

Dieuwke van der Meer 24 augustus 2020

Ien ferlieze docht sear. Fansels wolst, as it in oar oerkomt, dyjinge treaste en moed ynsprekke. Faak stjoere wy in kaartsje. Mar wat setst derop? En wat ast sels ien ferliest? Wat setst yn in advertinsje of op in kaart? It fâlt net altyd ta om de júste wurden te finen. 

foaraltydynushert-omslach-webOm elts yn sokke drege tiden te stypjen hat de Afûk in nij boekje útbrocht: ‘Foar altyd yn ús hert‘. 

 

Yn dit boekje binne moaie Fryske wurden en gedichten sammele oer it ôfskie, de pine, de leafde en de reis nei it grutte ûnbekende.

 

 

 

 

 

 

Ik bin der nea wis fan hoe’t ik teksten yn it geef Frysk op kaartsjes sette moat. Ik bin bliid dat ik no dit boekje by de hân ha.

 

spread1

 

Ik krych it boekje fan myn freondin doe’t ús mem stoar. Wat in prachtich treastend geskink.

 

spread4 

 

Yn ‘Foar altyd yn ús hert’ steane ek prachtige teksten foar bern.

 

seheardebyus

 

Efteryn it boekje steane faak brûkte wurden en sinnen dy’tst brûke kinst foar in kaart of advertinsje.

 

spread3

 

It boekje hat in hurd kaft, is ynbûn en hat 64 siden. Formaat: 14,5 x 14,5 sm.

 

 

De prachtige yllustraasjes fan Natalia Maroz falle as in treastende tekken oer dy hinne.

Besjoch hjir it ynsjocheksimplaar.

 

 

In treastend kadootsje of in ynspirearjend boekje foar dysels.

It boekje wie op 29 maart ek yn Bynt te sjen! Besjoch hjirûnder it fragmint.

 

 

It boekje is no te bestellen foar mar € 8,95 of freegje dernei yn dyn boekhannel.

 

bestelknop

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.