heit&mem

Fryske gedichten

Wolsto graach in tekst of gedicht op it Frysk nei sjen litte? Mail de tekst yn in wordbestân nei ynfo@heitenmem.nl en wy sjogge it fergees foar jim nei!

Sjoch foar Fryske routeksten en -gedichten it boekje ‘Foar altyd yn ús hert‘.
Sjoch foar houliks- en leafdesgedichten it boekje ‘Leafste leave‘.

 

Ik winskje dy in fleurich sin
dyn hiele libben lang
dat makket alles licht
en dat is fan belang.
Al falt it libben soms wat swier,
en is it faak in toer,
in famke fleurich, gol en blier
mei eltsenien wol oer.

Dit hert hjir, sêftmoedich en froed,
fan d’ ierdman mei blommen opsierd,
is’t byld fan in libben, sa fredich en goed,
dat ‘k hjirby ús (Wytske) tawinskje yndied.

Hjoed is de dei
Hjoed is de dei
Want hjoed is de dei
Dy komt mar ien kear
Moarn dan is it hjoed al net mear
Net seure, ha wille
Yn ’t libben dat mei
Mar doch it wol hjoed
Want hjoed is de dei

– Toon Hermans

Tsjerke heart by toer
De pleats heart by de boer
De slachter hat in slachterij
De bakker bakt der broadsjes by
Bôle heart by sjem
En …… heart by mem

Op in tûkje siet in spoekje
en dat spoekje hie in pinne,
soe dat spoekje skriuwe kinne?
Spoekje komris tichterby
meitsje ris in fers foar my?
Hip! Dêr siet it op dit boek.
En wat skreau dat lytse spoek
mei har lytse, lytse pintsje?
“Anne Berber is myn freondintsje.”
En ik ha derûnder set:
“Leave Berber, ferjit my net.”

Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

In ferske skriuw ik hjir foar dy,
kinsto dit noch wol lêze?
Want do praatst soms hiel oars as ik,
dochs wol ‘k dyn pake wêze.

Do hast in oare wurdeskat,
ik kin net sms’e
en leare wol ‘k it ek net mear,
want ik wol net wer stresse.

Do bist de hiele dei mobyl,
ik moat dêr net oan tinke.
Mar as ik yn dyn eagen sjoch,
dan kin ‘k dêryn ferdrinke.

Sa grutsk bin ik, ast dat mar witst,
datsto myn pakesizzer bist.

Jelle Bangma
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert 2004)

Der sit in fûgel, fluch en blij
yn’t fielend minskehert.
Dy sjongt syn simmermelodij,
by kjeld en wintersmert.
En wêr’t dy sang him hearre liet,
dêr brûze blommen op út d’ierd.
Dy fûgel, leave faam, do witst,
de ‘Leafdefûgel’ is’t!

In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
in tûfke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.
In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan flewiel.

Yn de widze leit
in berntsje
Heit stiet der grutsk
en glimkjend by
Mem sjocht der bliid
en ferbjustere nei
Wat binne wy wiis
mei dy

Dyn hantsje yn dat fan my
Sa rinne wy hân yn hân
As broer en sus
In izersterke bân
Ik bin al wer wat grutter
En do bist noch sa lyts
Do bist myn leave suske
In freontsje foar altyd

Nij libben yn ús earms,
sa tear en o sa unyk.
Troch Him oan ús tabetroud
wat fiele wy ús ryk.
It libben is moai,
mar ek kwetsber fanôf it begjin.
Wy sille der foar dy wêze,
wolkom yn ús gesin.

Strielje as kleare sinneskyn
mei dyn bliere eachjes it libben yn
Bring freonskip, leafde en nocht
dat elk bliid wurdt dy’t dy sjocht

Wy boarten faak as famkes,
freonskiplik dei oan dei,
ik hoopje dat dy freonskip
noch jierren duorje mei.
En sjochst yn stille oeren,
dyn album dan ris nei,
dan tinkste, (Trynke)…
dêr boarte ik faak mei!

Dyn hantsje yn dat fan my
sa gean wy hân yn hân.
Myn grutte hân, dyn lytse,
in izersterkebân.
En op in dei, in ein foarút,
sjocht de wrâld der foar ús beide itselde út.

Fanke, in feintsje nei it sin
In ponge fol jild net te min
In kelder fol jirpels
In skoarstien fol spek
Dat winskje dy ta
Dan haste neat gjin brek

Op it strân fan Amelân
lei in gouden aai.
Doe’t dat aai yn stikken foel
kaam der in goudene fûgel út
en dy fûgel sei:
“Libje goed, en fleurich op!
Rein of sinne, snie of skaad,
set mar troch op’t libbenspaad!”

Diet Huber
(Ut: “Fryske poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Untaastber
mar wy fiele it hân yn hân.
Unsichtber,
mar wy sjogge it each yn each:
leafde.

– Folkert Verbeek

(Dieuwke) leaf bern,
wat de minsken fan dy sizze
dêr hoechsto neat om te jaan.
Moatst dysels de plicht oplizze:
Ik wol altyd it goede dwaan.

Ta nij libben útgroeid
út leafde foar elkoar

Do lytse blom
noch yn ’e knop

Mar yn dy lizze besletten
de aldermoaiste kleuren

Want bewoartele bisto yn Gods tún
en meist no troch ús leafde en soarch
iepen gean en bloeie
en strielje fan gelok

De sinne sil net altyd skine,
en donkere wolken geane foarby.
Mar silst dan de wei ek fine,
nei ien dy’t heger stiet as wy.

Gean mei al dyn leed en soargen,
nei de Grutte Skepper ta,
Hy sil altyd oer dy weidsje
hokfoar soargen ast ek hast.

Wy hawwe nei dy útsjoen,
fol ferwachting
en mei leafde
en no’t wy dy
yn ús earmen hâlde
sjogge wy,
mei lok yn ús hert,
nei in geskink fan ’e Skepper.

Op ‘e wjukken fan ‘e wyn
stjoere wy dy in trompke,
der sitte de bêste winsken yn
fan muoike en fan omke.

Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Leafde
Leaf hawwe is foar leaf nimme
elkoars lekken en brekken;
in net wiermakke wurd
oersljochtsje mei in knypeach
Want allinnich sa en net oars
sil jim leafde bestean.

– Berber v/d Geest

Dach leave lytse poppe
wiest dêr al?
Wat hawwe wy in skoft
op dy wachte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke. 

Wolkom leaf lyts mantsje/famke.
Kom mar gau by heit en mem.
Wy binne nei al dat lange wachtsjen,
tige bliid om dy te sjen!

Gjin útsprutsen wurd,
gjin skreaun akkoart,
mar in stil ferbûn
mei dyjinge dy’t dy it libben skonk.
In gouden belofte,
dat wy mei hert en siel foar dy soargje sille.
Net allinne hjoed,
mar ek de dei fan moarn.

In blomke en in tûkje
plak ik yn dyn boekje
en winskje derby:
Libje lokkich en blij!

Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)

Op it grutte gele strân fan Skier
kuiere ris in âldwyfke sûnder hier
en se song foar dy dit ferske o sa blier:

Hasto dalik hielendal gjin tosken mear
en dogge alle bonken dy ôfgryslik sear
wês mei dyn boartsjen nea in kear klear!

Doch har ferske djip yn dyn kast
en asto der dan altyd goed op past
dan wurdst do in hele âlde…
(folje sels de namme mar yn)

Troch Albertine Soepboer
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok” Ljouwert, 2004)

Sa as de stjerren blinke,
en skine yn de jûn,
lit ek dyn ljochtsje sa striele,
tichtby en fier yn ’t rûn.
Dan silste seine bringe,
yn mannich minske hert.
Dyn ljocht mei blidens drage,
en útgean kin ’t net.

Jezus seit: Hy wol, dat wy allegear
binn’ in moai lyts kearske
of in ljochte stjer.
En hy wol dat der ljocht jout ta Syn ear,
do en ik net minder
mar altyd mear!

Fris en fleurich,
nea net treurich,
winskj’ ik op dyn libbenspaad
in soad sinne
om dy hinne,
folle lok en neat gjin skaad.

Troch Marijke Haaima-Hoekstra
(Ut: “Ta in oantinken fan” Ljouwert, 1981)

Wês myld as ‘t bliere sintsje,
dat skynt de hiele dei.
Wês moai lykas de blomkes
dy’t bloeie oan dyn wei.
Wês fleurich as de fûge1s,
dy’t sjonge yn it grien.
Wês freonlik foar dyn neiste
en mei syn lot begien!
Draach earnst en libbenswille
fan beiden yn dyn hert,
brûk holle en hannen beide
en wês yn ‘t wurk beret!

Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)

In wûnder bliuwt it sûnder mear
in lyts sûn famke, ek dizze kear
Se sil heit en mem de hannen bine
Dy kinne har dêr wol yn fine
Mar it moaiste is foar my
ik ha der in boarterskammeraatske by!

De iene seit: “Hy liket op heit”
en de oare fynt: op mem.
Wy soenen sizze:
jimme moatte ús lytse …
sels mar ris besjen!

Alders
It is altyd it selde,
Alle kearen op ‘e nij,
Rûzje mei myn âlders,
Hast elke dei.

Ik mei neat fan dy twa.
Ja, ik kin sliepen gean,
As of dat wol, of sa.
Dat dit soarte fan âlders bestean.

In leuk mobyltsje? Dat sil wol net meie.
In moaie tas? Dy silst wol op de oare skoalle krije.
In gouden ring? Dat giet te fier!
In nije klok ha ik nedich! Dizze ha ik al 9 jier!

En merkklean dan?
Dy binne fierstente djoer!
As se dy priiskaartsjes sjocht…..
Oei, dan wurdt se oerstjoer!

Harren kleansmaak is my net nei it sin.
Moast ris sjen hoe’t se der byrinne.
Mei dy âlde beppeklean.
It is omdat it myn âlders binne.

Mar ik bin it al tiden sêd.
Al fanôf juster.
Ja, ik moat wer op tiid op bêd,
En altyd thús wêze foar it tsjuster.

Sa no en dan kinne we it wolris gesellich deroer ha,
Mar dat is samar foarby.
Dan begjinne se wer oer myn minne kanten of sa,
Soene der ek bettere âlders wêze dan dy fan my?

Jildau v/d Mey
Winner gedichtewedstriid 2008

Leaf lyts famke,
nij op dizze wrâld.
Nimmen wit wat
it libben ynhâldt.
Wy winskje dat dyn libben
like kleurryk wêze mei
as de tekening dy’t dyn broerke
makke, spesjaal foar dy.

Sek mei jirpels,
pûdsje mei hjouwer,
hjir hast fan my in
klaverke fjouwer.

Kop sûkelade
hânfol framboazen,
hjir hast fan my ek
twa reade roazen.

Koer mei apels,
pantsje mei fet,
hjir hast fan my in
ferjit-my-net.

Wat komt derby?
Tûzen bêste winsken
fan my foar
dy.

Troch Diet Huber
(Ut: “De Teltsjebeam” Ljouwert 1976)

O, golle tiid, dy tiid fan skoallegean,
o, koe hy altyd foar ús bliuwe.
Op ’t skoalleplein yn in kring te stean
of ús eigen tinken op te skriuwen.
Wy hienen it drok, wolris, dat it ús net paste.
De skoalle learde ús dan: do moatste!
Ek fierders yn it libben silst wol ûnderfine:
Giet it net sa as it dy wol foege,
sit net mei de earmen oerinoar of yn ‘e pine,
mar slach fiks de hannen oan de ploege!

Albumferske foar ús famke:
blommen bloeie en bin moai,
fûgels sjonge en bin bliid,
mar, do bist in minskebern.
As it stoarmet ferwaait de simmerbloei,
as it wintert ferklûmje de fûgels,
mar, do bist in minskebern.
Stean sterk as de stoarmen komme,
kear de winter mei dyn waarmte,
want, do bist in minskebern.

Foar dy set ik myn masker ôf,
’k jou my mei leafde bleat
Om’t it by dy sa eigen is,
bin ik dêrta yn steat
In oar hoecht net te witten
hoe ûnwis oft ik wêze kin
Hoe kwetsber en ûnseker
oft ik somtiden bin
Myn sterkte en myn swakte,
do krigest se alle twa
Ik wol se mei dy diele,
mei ik dan dines ha
Gjin leagen dy’t beskerming biedt
by minsken lykas dy
Myn masker hasto nearne sjoen,
do sjochst allinne… my!

Oerset troch K. Kingma-Noordenbos
Dichter ûnbekend

Ferwûndere troch dit nije libben
lykas in blom, sa fyn en tear
kinne wy alinnich noch mar sizze
oan Jo is al ús tank, o Hear.

PANKOEK ite dat is lekker
en je wurd’ sa fol en sêd.
Elke moarn dan wurd ik wekker,
oars lei ‘k no grif noch op bêd.
Yn in oar syn album skriuwe
doch ik mei in soad plezier.
Koe it altyd mar sa bliuwe,
wat wie dan it libben blier.

Troch Jurjen van der Meer
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok” Ljouwert, 2004)

Sykje it sinneljocht, oaral dêrst giest,
bliuw ienfâldich, dêrst ek mar stiest.
Hâld fan ‘e natoer, mei al wat dêr libbet.
Wês immen, dy’t nei it goede stribbet.
Ha foar elkenien in leafdefol hert,
bring treast en help foar minsken yn smert.
Stypje dêrst kinste; net bang foar wat wurk,
stean altyd yn’t libben: moedich en sterk.

Libje der altyd needrich hinne
Needrich as it ferjit my net
Needrichheid sil ivich bliuwe
Idle grutheid mar in set
Oft in rike soms dy skoudert
Of gjin achting foar dy hat
Grut te wêzen op jins skatten
Is de wiere grutheid net

Dyn hantsje yn dat fan my,
sa rinne wy hân yn hân.
As broer en sus,
in izersterke bân.
Ik bin alwer wat grutter
en do bist noch sa lyts.
Do bist myn leave broerke/suske
in freontsje foar altyd.

Safolle leafde yn dit wûnder,
safolle lok troch Him oan ús jûn.
Safolle blydskip om in berntsje sa lyts
safolle moais om tankber foar te wêzen.

As de kleare simmersinne
oeral smûke waarmte jout
libje der dan net loaikjend hinne
om’t wy net ferwachtsje kinne
dat it altyd simmer bliuwt.

Wachtsje op adopsje 

Do 
fier fuort 
yn in oar lân 
mei dyn eigen taal, Boeddha 
en moessonrein. 

Do 
tichtby 
noch sûnder namme 
mar printe[YS1]  yn ús hert 

dyn keamer wachtet 
Net allinne 
dyn suske, heit en mem. Unbekend 
fier fuort tichtby hâlde wy fan dy. 

Wannear komsto hjirhinne? 
Meie wy dyn namme hearre 
Dyn bliere laits oer ús hinne falle litte 
En dyn fertriet fuortfeie? 

De tillefoan giet 
net 
Taal noch teken. 
It wurdt let, 
let. 
Is der no net ien dy’t sjocht 
dat wy twa 
ferlet ha 
fan elkoar. 
Do fan my 
en ik fan dy? 

Wêrom 
net? 
Wêrom duorret it sa lang? 
Burokrasy, stimpels, hantekening 
en in bulte papier 
wachtet noch 
op trage hannen 
dy’t, troch alle lannen 
hinne, ús byinoar bringe sille. 
Stevich sil ús keatling wurde 
Mar no noch 
net. 
Ik ha ferlet 
fan dy. 

 [YS1]Skrasse kin ek betsjutte ‘trochstreekje’, dat moat it hjir just net wêze, mar sa kinne je it dus wol lêze, dêrom ha ik dêr in oar wurd delsetten…

Yn it lân stiet in raketsje
mei in klaverfjouwerbledsje,
mei in roaske fan flewiel
en mei blomkes blau en giel.
En it duorret mar in skoft
of it fljocht al troch de loft
en dan is it gau by dy.
Dat dyn lok lang duorje mei!

Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)

Pakes, beppes, freonen, sibben
yn it widske leit nij libben.
Wy wolle it
fan de dakken roppe:
wy ha in lytse leave poppe!

Ik winskje dy op dit papier
yn hiel dyn libben in bulte fertier.
Dat alle jierren, dei oan dei.
“t fortún dy tige tsjinje mei.
Mar lykwols, is “t soms al ris mis.
Lit net te gau de moed dan sinke .
Wol net te gau dan “t slimste tinke.
Nee, bliuw dêrom mar moedich stean”
Wol dochs, as “t kin, mar fierder gean.
Tink, nei in tiid fan rein en wyn,
komt ien kear grif wer sinneskyn.

hjir is in ferske foar myn famke,
do bist no hast … jier.
Soms sa dartel as in lamke,
en altiid like bliid.
Skylk ast do grut bist,
en it altiid net goed wist.
Doch dan wat dyn hert dy ynjout,
dan is it ek nea fout.

Safolle blommen simmers blierje
Safolle snie min winters sjocht.
Safolle fisken as er tierje
yn `t wiet en fûgels yn è loft.
Safolle wiere nocht en wille
moast do hjir yn dit libben ha.
En dat dyn skouders flink dat tille
winskje ik dy yn dit ferske ta.

In ferske út in Poezyalbum fan
6 Juli 1947, in album ynbûn
yn oarlochspapier.

Op dit lytse albumblêd
wol ‘k allinne skriuwe:
Lit, wat ek feroarje mei,
ús freonskip altyd bliuwe!

Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes”, Ljouwert 1962)

Alle bern op ierde
ha de selde Heit,
Wêr’t ús widze ek stien hat,
wêr ’t ús wenplak leit,
hoe’t we ek prate meie
hoe’t ús mûle ’t seit,
wy binne allegearre berntsjes
fan de selde Heit.

Sa lyts ast bist
sa grut is ’t wûnder fan it libben
nimmen hat dy oant no ta kend
allinnich God, Hy hat dy oan ús jûn

Hjir binne hast gjin wurden foar.
Hjir kinst allinnich mar
stil nei sjen.
Dit is sa leaf en tear,
sa hiel bysûnder;
dit is in wûnder!

Tegearre
rinne wy hân yn hân
troch it bosk
op it strân

Tegearre
kinne wy de hiele wrâld oan.
Wêr’t wy ek stean of gean
tegearre binne wy ien.

Wat ha ik in wille,
no’t ik in ferske
yn dit boekje skriuwe mei.
In printsje ha ik krigen,
it ferske lient.
Alles is fan herte miend.
Myn heilwinsk ta beslút,
libje lang en lokkich.
No is myn ferske út.

Ik hearde dat der in famke wie
dat in hiel moai album hie.
Albumke mei praatsjes,
albumke mei plaatsjes
read en blau en giel en grien,
kin ik der noch by miskien,
yn dit moaie ferskesboek?
Tútsje en in oaljekoek!

Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)

Dit album dat is mines,
ús mem hat it my jûn.
Ik hjit Patrea Woudstra
waard berne op Fryske grûn.
Ik kaam 27 oktober
yn ’52 op ‘e wrâld.
Dit album wol ‘k bewarje
al wurd ik noch sa âld!

Troch: Thys Woudstra

Gjin roazen sûnder stikels
Gjin ljocht sûnder skaad
Nea inkeld wille, nocht
op it libbenspaad
Dêrom,… ljea
foar dy dizze bea
Hâld in tankber hert
yn bliidskip en yn smert.

De iene seit: “Hy liket op heit”
en de oare fynt: op mem.
Wy soenen sizze:
jimme moatte út lytse …
sels mar ris besjen!

Ha sinne yn ’t herte
al is noedlik de tiid
Al is de himel fol wolken
en de ierde fol striid.
Ha in liet op ‘e lippen,
in fleurich sang.
Al makket it deistige libben dy bang.
Ha in wurd ek foar oaren
yn soarch en yn noed.
En sis har, hoest it sels hast
sa’n wille en sa’n moed.
Ha in liet op ‘e lippen
dan komme wat mei.
Ha sinne yn ’t herte
en bliid is de dei.

Do hast it libben no noch foar dy,
en witst net wat it bringe sil;
dat is ek goed – mar watsto hân hast
yn ’t berteplak sa lyts en stil.

Wêr Mem dy yn‘e ruften wuolle
en Heit dy op‘e knibbel ried.
Wêrst opwoechst en as minske foarme
gjin soargen hiest, gjin grut fertriet.

Dat is dy net mear te ûntnimmen.
Ferjit dy tiid foar ivich net.
Dat wie de grûnslach foar dyn takomst,
op libbensskaekboerd de earste set.

En bisto ienkear âld, fertel dan
dyn bernsbern faaks, helje dan op
dy ûnbesoarge bernejierren,
fêr tusken Itens en de Bargekop.

Omke Klaas Hofstra
29-08-1948

Freonskip
Fyn ik meielkoar der op út
Tsjin elkoar fuotbalje
Dan hoechst dy net te ferfelen
As ’t no mar gjin traap krijst fan de fuotbalskoech

Harry van der Veen-Bakkefean
Winner gedichtewedstriid 2008

Gean mar mei moed dyn libbenswei.
Wat dy yn’t libben treffe mei,
al giet it faak troch tsjusternis
oan Jezus’hân komst do der wis.
Dêrom it each omheech nei God,
syn hân bestjoerd yn libbenslot.

Eachjes om te sjen,
in mûltsje om te roppen,
hantsjes om te gripen,
fuotsjes om te skoppen,
earkes om te hearren,
te hearren nei Syn stim.
Lyts berntsje, grut wûnder
ús skonken troch Him.

Gean ’t libben net allinne,
te swier is dy dyn lêst.
Wol ’t paad mei Jezus rinne
hy biedt dy treast en rêst.
Der bin safolle noeden,
en triennen en fertriet.
Mar ûnder Jezus hoede,
sjongsto in liet.

De tsiis is foar de mûs,
De kat is yn de sûs.
Pyt sjongt trillers by de rûs
En de hûn wekket oer it hûs.
(Femke) wês as de bisten om dy hinne
Dan skynt foar dy altyd de sinne.

Troch Klaske Hiemstra
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)

Yn mem har búk wie it waarm en sacht.
Dêr lei ik te trappeljen, dei en nacht.
Heit hie fan my oant no ta gjin lêst,
Mar no is ’t ek dien mei heit syn rêst!

Nim dyn tiid, dyn droech en wiet,
Sjong op tiid in fleurich liet,
Gean jûns altyd op tiid te rêst,
en moarns mei it sintsje út it nêst.
Ha boppedat fan it wurk gjin mier,
dan jout dy’t libben wille en tier.

Ta nij libben útgroeid
út leafde foar elkoar

Do lytse blom
noch yn ’e knop

Mar yn dy lizze besletten
de aldermoaiste kleuren

Want bewoartele bisto yn Gods tún
en meist troch ús leafde en soarch
iepengean en bloeie
en strielje fan gelok

De ien hie in famke tocht
in oar sei
der wurdt in jonkje brocht
gjinien kin it
fan tefoaren witte,
mar ik bin in jonkje
en sil hjitte…

Dêr binne jimme dan
it libben kin begjinne!
Net ien, mar twa nije libbens
sjogge no it ljocht.
Wy tankje de Skepper
dy’t ús sa ryk betocht.

Ja, flippe, flappe, flop,
it pintsje skriuwt it op.
Dat ha ik efkes liend,
no ’k delset wat ik mien.
Dat ik hjir myn namme set,
fyn ’k moai, ferjit my net!

Minskebern, sa lyts, sa tear,
’k lis in tekken om dy hinne,
like waarm as in sinne.
As dyn Hoeder silst My kenne
’k hâld dy fêst, kear op kear.

Leafde wol ik jaan
oan allegear dy ik ken
altyd om oaren tinke
ik bin Gods bern

Leafde wol ik jaan
sa meitsje ik oaren bly
en mei ik tinke
God is flakby

Wês gol en ienfâldich
doch altyd dyn bêst.
Wês troch dyn dieden
nimmen te lêst.

Oprjochtens en súv’rens
faaks net sa te sjen.
Bin’ dingen yn’t libben
fan wearde myn bern.

Folle lok en folle leafde
winskje ik dy hjirby ta!

Wol it goed altyd stypje,
soest dat kinne? Ik tink fan ja!

Rjocht en slocht en frank en frij
dat bern, winskje ‘k graach foar dy.

Famke, ik soe winskje datste de sinne
en de wyn mei blidens tamjitte giest,
want de ame fan it libben is it simmer ljocht
en de hân fan it libben de wyn.
En ferjit net dat it de ierde goed docht
dyn bleate fuorten te fielen,
en de wyn der nei langet
om mei dyn hier te boartsjen.

Ik winskje dy fan herte ta,
mei op ’e wrâld rjocht wille ha.
En giet it soms net foar de wyn,
tink dan: nei rein komt sinneskyn!

De wrâld is gut, de see is wiid,
en rûnom wenje minsken.
Datst earne in gaadlik plakje fynst,
is d’ earste fan myn winsken.

De blommen bloeie yn elk lân,
en oeral skynt de sinne.
Datst dêr dyn part fan krije meist,
soe my ek haagje kinne.

Fan lêst en soargen bliuwst net frij,
fertriet moatst grif ek tille;
mar boppe alles winskje ik dy
in protte libbenswille.

In sipelmem makke in sipelfers
foar har lytse berntsjes,
de sipeltsjes rôpen: Wat moai is dat!
en skriemden sipeltrientsjes.

Sa moai as dy sipelmem kin ik it net,
mar ‘k wol ek gjin ferskes meitsje
dêr’t elk dy’t it heart om skrieme moat,
men kin ommers better laitsje?

Ja, laitsje en boartsje mar, wês noch mar bliid,
dan hast noch in moaie bernetiid.

Diet Huber
(Ut: “Fryske poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Wat helpt dy it skinen fan de sinne,
as’t tsjuster is yn dy fan binnen,
Wat hindert dy de tsjusternis,
as’t ljocht yn dy fan binnen is.

It fee, de fûgels en de blommen,
wat groeit en bloeit op fjild en lân.
It hat by Him syn ûnderkommen.
Dyn dagen binnen yn syn hân.

Sa as de blom it kopke,
nei it sinneljocht sjen lit…
Sa as de fisk mei wille,
troch it kleare wetter sjit…
Sa as de ljurk te sjongen,
de hege loft ynflocht…
Sa as it wolkje fredich,
de hiele wrâld besjocht…
dat sa dyn hertsje, restich, bliid
op God fertrout, de hiele tiid.

Dyn heldere eachjes
sjogge ús oan,
do bist sa moai,
sa leaf en ûnbedoarn.
De Skepper
tankje wy oprjocht
dat er ús op ’e nij
sa ryk betocht.

Faak joegen wy mem har búk in tút,
en fregen: wannear komst der ris út?
No is ’t einlings safier,
meist mei ús boartsje, echt wier!
Wy hawwe der in broerke by,
en binne allegearre wakker wiis mei dy!

Ut twa herten
ien leafde
ús leafde.

Ut ús leafde
in twadde libben
dyn libben.

Us leafde libbet yn dy.

Al ús letter
is mei dy.

Giet it op ús draaiend wrâldsje
altyd wol net foar de wyn.
Dochs ik winskje dy it bêste
dat der yn dyn takomst rêste.
folle fleur en sinneskyn!

Do krijst fan my in hoed.
(It is in nuverenien, sa’n huodsje hat gjinien).
Wat tinksto sit deryn?
In gleske reade wyn?
In apel of in parke?
In biezem of in harke?
In sankje foar in sint,
in roltje pepermint?
In moaie reade roas?
Ei nee ju. Hiel wat oars,
en goed foar alle minsken
In protte goede winsken!

Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Licht is in flinter,
grutsk is in pau,
meager de wynhûn,
in baarch is grou.

Keal is de kikkert,
drok is in spin,
boartlik it fôltsje,
nijsgjirrich de hin.

Bliid is in protter,
ûnskuldich in pyk,
sterk is de buffel,
mar do?* Do bist unyk!

Troch Berber van der Geest
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)

Ferske skriuwe? Earlik bliuwe?
’t Is foar my in hiel karwei.
‘k Sil ’t prebearje! It kin beteare,
’t falt allicht in bytsje mei.
Op dit bledsje, kinst it fetsje?
winskje ik dy alles ta,
wat de oaren, mei elkoarren
foar dy yn ’e pinne ha.

Nij libben yn ús earms,
sa tear en o sa unyk.
Op ’e nij ferwûndere.
wat fiele wy ús ryk.
It libben is moai,
mar ek kwetsber sûnt it begjin.
Wy sille der foar dy wêze,
wolkom yn ús gesin.

Gean net allinne yn ’t libben
te swier is dy de lêst.
Hâld boppe freon en sibben,
dy oan dyn Heilân fêst.
Wol bliuwt der leed en smerte,
wol blet der mannich wûn,
mar lokkich is it herte
dat Jezus fûn.

Wai (Taiske groet)

As ik myn eagen slút 
en nei dy sjoch 
troch myn sielespegel hinne 
nei dy laitsje 
en mei ien finger 
dyn swarte hier oanreitsje 
is it krekt 
as 
glimkesto 
hiel even 
troch myn sielespegel werom 
en ik 
ik swaai 
swaai útlitten. 
‘Wai’ leave skat 
Dach dach. Ik kom!

Mem droech my njoggen moanne lang.
Se waard der somtiden nachts wekker fan.
mar no bin ik berne
en kin ik ús heit ek ris jenne

Ine mine
rufteline
boarterstreintsje
berneweintsje
lekkenrûskes
bak mei mûskes
wat in drokte
en fertier
mei in widske
oer de flier!

Strui mei mylde hân,
blommen op dyn wei,
Meitsje elkenien ljocht
en bliid de dei,
Wat it lot dy dan bringt,
wat it libben dy dan skinkt,
oeral fynst dan grif myn bern,
Goe’freonen dat silst sjen.

Twa bliere eachjes,
in mûltsje dat ropt,
hantsjes dy’t gripe,
in fuotsje dat skopt.
Tank foar dit wûnder
sa lyts en sa tear.
Jo binne de Makker,
Oan Jo is de ear.

Do makkest de wrâld 
sa ljocht.
Sjochst wol hoe’t 
de sinne laket? 

Der sille hannen wêze 
dy’t dy drage 
en earms dêrst feilich yn bist. 
En minsken dy’t 
sûnder te freegjen 
sizze datst wolkom bist.

Al dy ferskes, al dy minsken,
al dy moaie goede winsken.

Tankber foar de leafde,
fan famylje en freonen.

Tankber foar de minsken
dy’t hjir yn skreaunen.

Myn album wie fuort
mar kaam my wer temjitte.

Myn oantinkens bergje ik op,
en ik sil se nea ferjitte.

Troch: Dieuwke Posthumus

Do bist leaf, seit jim heit
soms
do bist stout, seit jim mem
soms
do wurdst grut, tinke se beide

Grut wurde is moai
grut wurde is fertriet ha
en leaf ha
leare en begeare, nimme en jaan
dyn neiste mear
as dysels
de bêsten en de kweaden
de dommen en gelearden
want allegear hawwe ferlet
fan leafde
fan dyn en myn hert

Oene Spoelstra
(Ut: “De Fryske skriuwerskalinder, 1976)

Myn suske yn ’e widze
einlings is it safier.
Wat bisto bysûnder
en wat bin ik bliid .
Aanst sil ik dy ferskes leare
en boartsje mei dy oer de flier.
No earst mar lekker koese,
want dat is noch net safier.

 

Yn ’t hastige libben fljocht de tiid
Mei kûgelsfeart foarby
En ûngemurken skrept men sa
Oan alle moais foarby
Besit dat bringt ús it lok net oan
Sa’t men faak hearre kin
Mar dêr hat nimmen hâldfêst oan
De earmoed bringt it likemin
Mar wa’t hjir op syn libbenswei
It each op ’t eigen hâldt
En dêryn ’t moaie en skjintme fynt
Bliuwt jong en wurdt nea âld

– Hoatse de Jong

Leaf lyts famke/jonkje,
sa eigen en unyk
wy binn’ sa bliid mei dy
wat makkesto ús ryk.

Leaf lyts famke/jonkje
do hearst by ús
fiel dy mar feilich
dit is dyn thús.

Lok fynst yn it earste glimke
fan dyn bern.
Lok fynst yn ’e freegjende eagen
dy’t nei dy opsjogge.
Lok fynst yn it hantsje dat yn
dines leit.
Lok fynst yn dat iene wurd
dat krekt alles seit.

Yn mem har búk wie it waarm en sacht.
Lei ik te skoppen dei en nacht.
Mar no lit ik my hearre,
en sil ik heit syn dreamen en ris bedjerre.

Twa lytse berntsjes
om ferwûndere nei te sjen.
Sa tear en sa lyts,
oan har libbensbegjin.
Twa lytse wûnders
dy’t strielje as de sinne.
In twilling dêr’t wy
dûbeld gelokkich mei binne.

It libben leit noch foar dy iepen
gjin noeden ha dy noch bedoarn
earst giet dyn paad oer maitiidsblommen
dan komt al gau de simmer oan
der kinne dan al wolkjes komme
mar och, de kimen bin’ noch klear
de wrâld dy leit noch foar dy iepen
geneugten bin der kear op kear
mar as de hjerst komt yn it libben
dan is it moaiste al foarby
as tsjustere skaden elkoar jeie
dan wurdt it winter ek foar dy
skier en swart bin no de loften
it sintsje is faak net mear te sjen
maitiid-simmer-hjerst en winter
is ’t libben fan elk minskebern!

As dûnkere wolkens driuwe
of as it sintsje skynt
as ’t jild dy samar tastreamt
of as’t as snie ferdwynt
as ’t lok dy altyd oansjocht
of it ûnk dy efter sit
as ’t altyd fol fan moed bist
of as dy dat ûntsjit
al stiet by fleur of lijen
de wrâld ek op ‘e kop
al hast yn ’t fierdere libben
in gelokje of in strop
ien ding moatst net ferjitte
al wurdst ek 1000 jier
wij hâlde dy foar eagen
as ús famke sûn en blier!

Thys Woudstra

In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
in toefke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.
In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan flewiel

In godsgeskink bliuwt it sûnder mear.
In lyts famke / jonkje dizze kear.
Dat dyn libben wêze mei as de sinne,
mei waarmte, lok en leafde om dy hinne.
Dat Jezus dyn hoeder wêze mei
op dyn libbenswei.
Mei Hy dy liede dei oan dei.

Der sille hannen wêze
dy’t dy drage
en earms
dêrst feilich yn bist
en minsken
dy’t sûnder freegjen
sizze datst
wolkom bist.

De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twivelje gjin tel!

In doke frijlitten, dat fljocht de wrâld yn,
want altiten yn dat kuorke, is net nei dokes sin.
Ienris fljochsto ek de wrâld yn, de wrâld dy’tsto noch net kenst.
Mar ferjit dochs nea dat kuorke, dêrsto ienris útflein bist.

Earlik troch it libben gean
Mei in fleurich sin;
Leare flitich en mei nocht;
helpe wer’t dat kin.
Altyd goed om sizzen jaan,
Mem graach helpe wolIe.
Net mei oaren kreauwe of dwaan,
Neat is dy tefolle.

Famke, hâld dy dêr mar by,
Dan komt it grif wol goed mei dy!

Tiny Mulder
(Ut:”It boek foar de Fryske bern”, Drachten 1954)

Sa no en dan
fljocht der in ingeltsje
nei de ierde.
De wolken binne rôs
it gers is blau,
oeral sweve ballonnen, oeral.
De hiele wide wrâld
leit iepen…

It libben is in fiere reis
en nimmen wit wêrhinne.
Dan driget de loft,
it stoarmet of reint
en dan wer skynt de sinne.
Mar wat it waar dy bringe mei
’t sij ûnwaar, stoarm of wetter,
draach alles mei in froed gemoed
en tink, nei dit komt better.
It libben is in fiere reis
en nimmen wit wêrhinne.
Ik winskje dy in goede reis,
leaf bern en folle sinne.

Jezus hâldt fan eltsenien
alle bern hjir fan ‘e wrâld.
Brún of giel en swart of wyt
hy fynt se allegear gelyk!

It wurdt tiid foar lytse dingen
in fûnkje út de flammen
in blom yn de hjerst
in wurd út in lang ferhaal

‘t is tiid foar lytse dingen
om te hoedzjen
om te noedzjen
om yn dyn hert te sluten

Troch Anny de Jong
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)

In tútsje hjir en wêr noch mear?
Op dyn wang, yn dyn nekke
en ek op dyn ear!
Nee wacht, ik bin noch lang net klear,
op dyn noaske ek noch in pear!

Lâns elts paadsje bloeie blommen
mannichien sjocht se foarby
Ik hoopje datsto de blommen sjochst
dy’t bloeie lâns dyn libbenswei.

‘k Fûn in plantsje tusken ’t gers
‘k ha dat yn in potsje set
doe kaam der in blomke yn
dat wie in ferjit-my-net.
’t Plantsje stie der prachtich by
dêrom jou ik it oan dy,
no en dan moat it wat wetter,
silst ek oan my tinke, letter?

Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)

Lit thús en ek by oaren
oeral dyn ljochtsje skine.
Dan silsto op dyn libbenspaad
grif rike dingen fine.
Faaks silst ek leed ûntdekke
dat bring it libben mei
skyn do dan mei dyn ljochtsje
der alle skaden wei.

Wy binne twa freondinnen
En wy sjonge
Wy dogge tegearre o sa’n soad
Wy binne twillingen
Wy boartsje
Wy diele
Sy fynt my leaf
En ik fyn har leaf

Nienke Jagersma

Lytse hantsjes, lytse fuotsjes,
in lyts kopke mei in miny noas.
Sa lyts, mar o sa bysûnder,
do makkest alles oars.

Hjoed, moarn en elke dei dêrnei,
fan no ôf is al ús letter mei dy.

Wês jimmer fleurich, wol te moed.
Want, o, dat docht it hert sa goed.
In golle laits, in fleurich sin,
is it beste wat ik dy winskje kin.

Mei winskjen om safolle
brekt mannichien de holle

Mar Dieuwke, tink hjir mar om:
net winskje wat men ha kin,
mar tinke wer it mei ta kin

Dan hat men it altyd rom

Hoe wiis at wy mei dy binne
is yn wurden hast net út te lizzen,
mar wy hoopje it dy
troch de jierren hinne
mei leafde te sizzen.

Mem droech my njoggen moanne lang.
Se waard der somtiden nachts wekker fan,
mar no bin ik berne
en kin ik ús heit ek ris jenne.

Fanke gean mei moed troch ’t libben,
mei in fiks en fleurich sin.
Stim dyn liet en sjong dyn sangen,
lyk in fûgel sjonge kin.
Stean foar al wat moai is noed,
en dan komt it grif wol goed.

Skiep en baarch en boarre en bok:
‘k Winskje dy in protte gelok.

Sûkerpotsje, kop en pantsje:
‘k Winskje dy in aardich mantsje.

Earm en skonk en hân en foet:
‘k Winskje dy in poarsje moed.

Tiger, liuw en foks en bear:
Sa. No is myn ferske klear.

Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)

As in jonge protter
sjongsto dyn liet
fan fier fuort
Hoeden
sikesto dyn wei
ûnder de pannen
fan ús dak
In nije melodije
follet it hûs

Ik wenje net yn in kastiel
yn in gouden mearkestêd.
Ik haw gjin jurken fan flewiel
en ek gjin himelbêd.
Myn fyts is skurf,
myn klean net sjyk,
yn myn beurs sitte gjin sintsjes…
Dochs fiel ik my geweldich ryk
want wy binne freondintsjes!

Troch Lida Dykstra
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)

Ast wolst dat elts dy lije mei,
rin dan net prott’lich oer de wei.
mar ha in blier en fleurich sin,
net ien dy’t dêr tsjin slúmje kin.

Katsje klaut
hûntsje knaut
michje stekt
kopke brekt
gatsjes komme yn ‘e hoas
mar dyn mem docht hiel wat oars!
Mem skriuwt: Berntsje, dit stiet fêst,
hasto soarch of noed of lêst
hâld de koartswyl der mar by
en begjin mar wer opnij,
dan giet alles folle better,
letter.

Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Asto letter grut bist,
en net mear jong mar âld,
dan reitsje in bulte dingen
dy grif út it ûnthâld.
Mar de nammen yn dit boek,
bliuwe licht dy lang wol by.
Sis asto letter nochris bledderst,
tink dan ek nochris oan my.

Kuierje bliid yn ‘e libbenstún om,
my der de stikel en ploaits dêr de blom.
Hâld foar it goed dyn hert al oan rom,
libje mar fleurich, ienfâldich en from.
Strui om dy hinne rju seine rûnom.
En achtsje it praat fan de minsken as skom.

Blier fan herte,
leaf foar eltsenien;

Dat hat noch nea
in minske misstien!

Gean sa troch it libben,
dan fynst op dyn wei

Grif fleur en wille:
hast eltse dei!

De blomkes yn ‘e greiden,
it jongfee yn’e finne,
de fûgels yn’e blauwe loft
sykje allegear de sinne.
Mirjam ik winskje dy
op dyn libbenspaad
net folle skaad,
mar tige folle sinne.

Famke, ik winskje dy
folle sinne en seine
mar do silst yn’t koart wol sjen
it wol ek wolris reine
wês dan fol fan goede moed
faaks docht san buike goed.

Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)

Wol fij, in tearke
in ezelsearke
En ek noch fêst,
dat is net bêst!
Do tinkste wis
dat it moade is.
Mar nee, bêste faam
it is kaam
datsto letter
noch wat better
tusken de bledsjes,
fluch en netsjes,
myn ferske it earste
iepentearste.
[mei in omteard en mei
in printsje fêstplakt hoekje]

Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)

In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei.
Wy steane no noed foar dy.
Dyn hantsje yn ús hannen
sa geane wy op wei.
Wy wolle God tankje
en freegje: ‘Bliuw har/him nei
wat der ek barre sil,
Heit, wês Jo derby.’

It is in wûnder,
seit it hert.
It is in grutte ferantwurding,
seit it ferstân.
It binne in protte soargen,
seit de eangst.
It is in geskink fan God,
seit it leauwen.
It is ús grutste lok,
seit de leafde.
It binne ús leave bern,
sizze wy.

In Godswûnder bliuwt it sûnder mear.
In lyts jonkje/famke dizze kear.
Dat har libben wêze mei as de sinne,
mei waarmte, lok en leafde om har hinne.

Wat bisto leaflik famke
wy binn’ sa bliid mei dy.
Krol hier om ’t sêfte kopke
hoe mâl is mem mei dy.

Dyn moaie reade wankjes
om yn te biten, ja.
De lipkes ree ta patsjen,
dêr ik noait genôch fan ha.

En sjoch ik yn dyn eagen
fol gouden sinneskyn,
by dy is mem noch alles
ik fyn al myn lok deryn.

Ast sjongst fan skiep en lamkes
fan bûterblomkes giel,
of boartest mei de famkes
hoe lokkich ik my dan fiel…

Lytse Janny, folgje Jezus.
Nimmen is sa goed as Hy.
Hear, Syn stim ropt allegearre:
“Lytse berntsjes, kom ta My!”

Jimmer sil Hy dy beweitsje
as in Hoeder, trou en goê,
en Hy sil nei hûs tabringe
’t skiepke dat ferdwale soe.

Skielk ast in âld wyfke bist
en net safolle mear fan earder witst,
krij dan dit boekje der mar by,
dan belibbest alles wer opnij.

Auck Peanstra
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)

Hasto ek al in album?
Wat sille wy no ha!
En moat ik dêryn rymje?
Sis, hoe betinkst it sa!
Ik doar it hast net te weagjen,
want sjoch, beslacht it min,
dan wit elkien wat stakker
as ik yn ‘t rymjen bin!

Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)

Dach leave lytse poppe
wiest dêr al?
Wat hawwe wy in skoft
op dy wachtte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke. 

Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
ús eigen lytse …
einlings kaamst foar ’t ljocht!

Der sille hannen wêze
dy’t dy drage
en earms
dêrst feilich yn bist
en minsken
dy’t sûnder freegjen
sizze datst
wolkom bist.

Klim yn de bargemottebeam
en yt in bargemottepar,
yn trije happen is er fuort
en wurdtst in bargemotsje.

…Mar ofst no in bargemotsje bist
of in famke mei wyt hier,
fan de stjerkes yn dyn eagen
wurdt ik altiten like blier.

Wy binne bliid en wolle it hiel lûd roppe,
want wy hawwe in lytse poppe.
Mar fan allegear bin ik it measte op’t skik
want syn grutte broer, dat bin ik!

Mei dy, leaf famke,
lyts en sûn
is foar ús
in nij aventoer begûn.
Wy sizze wol
tûzen kear opnij
wat binne wy
dochs wiis mei dy!

Troch waarmte kinne wy kjeld oan
troch ferbûnens frijheid
troch leafde haat ferdriuwe
troch swijen wurden begripe
troch ienheid kinne wy twa wêze.

– Ytsje Hettinga

In wûnder yn ’e widze
Te moai om wier te wêzen,
Lekkentsjes mei kant,
Reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús eagen út
Wol tûzen kear opnij.
Do bist ús eigen berntsje
Wat binne wy wiis mei dy

Wês as in lamke dat boartet,
en springt yn it sinneljocht.
Mar wol by de Heare bliuwe
Hy hat dy al jong socht.
Lit Hy dyn Hoeder wêze,
en hear mar nei Syn stim.
Dan silsto net ferdwale
Hy ropt… dus folgje Him.

Sa trou as in hûntsje.
Sa sêft as poes Bûntsje.
Sa tink ik oan dy.
Doch do it oan my.

Troch Marijke Haaima-Hoekstra
(Ut: “Ta in oantinken fan” Ljouwert, 1981)

Der stie in bokje by it stek
mei in blomke yn ‘e bek,
en in briefke hie er ek.
Wat soe dat foar briefke wêze,
bokje, mei ik efkes lêze?

“‘k Winskje dy in protte lok.
Goeie! Groetnis fan ’e bok!”
stie der. En it wie foar dy.
No, itselde mar fan my!

Troch Diet Huber
(Ut: “De Teltsjebeam”, Ljouwert 1976)

Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
ús eigen lytse …
einlings kaamst foar ’t ljocht!

De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twivelje gjin tel!

Wat sil beppe no ris skriuwe
yn dit albumke fan dy?
‘Silst in aardich famke bliuwe’
of: ‘Do bist in pop fan my?’
Wize wurden? Goede rie?
Hoe’t sy sels de dingen die?
Nee, mar net. My tinkt, dat ’s better,
do moatst alles sels dwaan, letter.
Hâld it holtsje der mar by,
dan komt it wol goed mei dy!

Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)

Bliuw ienfâldich en oprjocht
ha mar folle wille
dan silst, wer ast ek hinne fljochst
neare swier oer tille
Want in fleurich blier gemoed,
is foar alle dingen goed!

Berte fan it libben,
it begjin,
in barren dat nea
gewoan wurde kin.
In berntsje sa lyts,
sa bysûnder,
wat binne wy tankber
foar dit wûnder.

Libje lang en libje sûn!
Fan gemoed: rjochtút en rûn!
Giet it altyd net nei ‘t sin,
doch it mar sa goed as ’t kin!

Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)

Us fiifde berntsje, lyts en sûn.
In grut wûnder troch God oan ús jûn.
Kostber libben troch Him boud,
oan ús soargen tabetroud.
Hâld him/har yn Jo hân o Hear,
lit him/har libje ta Jo ear.

In libben…
is as de dize yn ’e iere moarn
Hoeden siket it in wei
Ynienen brekt de sinne troch
en begjint in nije dei.

Twa lytse michjes
dûnsen yn it sintsje,
gûnzedûns,
dûnsegûns,
do bist myn freondintsje.

Twa lytse spintsjes
rôpen ût harren reachjes wei:
‘Weveno,
wevenei,
dat dat lang sa bliuwe mei!’

Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Hjir op dit albumblêd
wol ’k allinne skriuwe:
Lit, wat ek feroarje mei,
ús freonskip altyd bliuwe.

Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)

Doch dyn eachjes mar iepen,
rik mei dyn hantsjes nei it ljocht,
it is mei wurden net te sizzen,
wat de leafde by ús brocht.

Ferwûndering

Op ’e nij
wer bysûnder
net út te lizzen
dizze rykdom
Do joust
mei bliere eachjes
ús leafde in gesicht
Twirje dyn ljocht
kleurje suver
as in blom
mei folle nocht
it libben ta

 

Sa moai
sa leaf
sa fan ús
sa hielendal do

No’tsto der bist
is alles oars
en dochs presys sa
as it heart
Ofgryslik bliid binne wy mei dy!

Do bist do
mei-inoar = wy
wolkom yn ús gesintsje
in leafde derby!

Us leave Hear dy’t alles docht
dy ’t alles wit en alles sjocht
Hy is sa goed sa myld en gol
dat hy dy trou bewarje wol.

Syn noed giet oer de lytse mosk,
de fûgeltsjes yn fjild en bosk.
It gers de blomkes op it lân,
it komt alles fan Syn Heitelân.

In wûnder yn ’e widze
Te moai om wier te wêzen,
Lekkentsjes mei kant,
Reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús eagen út
Wol tûzen kear opnij.
Do bist ús eigen berntsje
Wat binne wy wiis mei dy

Katsje klaut
hûntsje knaut
michje stekt
kopke brekt
gatsjes komme yn ‘e hoas
mar dyn mem docht hiel wat oars!
Mem skriuwt: Berntsje, dit stiet fêst.
hasto soarch of noed of lêst
hâld de koartswyl der mar by
en begjin mar wer opnij,
dan giet alles folle better,
letter.

Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Dit album is fan Femke en dêrby
is … har achternamme.
De earste krige se fan heit en mem,
d’oare fan har heite/memme stamme.
En wat sy ek wol sizze mocht,
yn … seach sy it libbensljocht.

Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)

Op ’e tiid sprekke
op ’e tiid swije
op ’e tiid leavje
en triennen feie.
Yn berou
sykje nei harmonije:
dat ’s foar altyd
man en frou.

– Ytsje Hettinga

It sintsje boartet troch it blêd,
en pattet flinter, brims en blom,
En wurdt it boartlich spul net sêd?
Krûpt no ris wei, komt dan werom.
O, datsto op dyn libbenswei,
sa dwaan kinst, as it sintsje docht.
En fleur bringst, rûnom dei oan dei,
oan mannichien mei folle nocht.

As ’t sintsje yn ‘e iere moarn,
sa laket dy it libben oan.
Mar it libben is, lyk as de dei
en bring ‘skaadzjen’ meastal mei.
Dochs fan it lêste winskje ik dy
bliuw dêrfan it measte frij.

Lok fynst yn it earste glimke
fan dyn bern.
Lok fynst yn ‘e freegjende eagen
dy’t nei dy opsjogge.
Lok fynst yn it hantsje dat yn
dines leit.
Lok fynst yn dat iene wurd
dat krekt alles seit.

Syn hannen hawwe Nynke makke
fanút in foarmleas bestean.
Hoe wûnderlik binne Jo wurken,
Hear, wol ek fierder mei har gean.

Ik winskje dy in libben,
in libben fol en ryk.
Libje lokkich en tefreden
dan giet it fest net bryk.
En giet it soms net foar de wyn
betink nei rein komt sinneskyn.

Oan ‘e kant fan ’t stille wetter
bloeit in lytse blauwe blom.
Noait fynt er syn plakje better,
want it is dêr stil en rom.
Moedich tilt er ’t teare kopke
moarns út ‘e ûnderwâl omheech.
En lûkt it sintsje nei it Westen,
bûcht er stadich wer omleech.
Sa yn ‘e ûnderwâl beskûle,
is der nimmen dy’t him let.
Dochs wit eltsenien syn namme
en dy is: FERJIT MY NET!

W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes”, Ljouwert 1962)

Dit poesyalbum is fan my
salang as ik hjir libben krij.
Sjoukje is myn namme,
al fan myn heite stamme.
Yn Winsum kaam ik op ‘e wrâld,
in moai Frysk plak, dêr’t ik fan hâld.

Troch Marijke Haaima-Hoekstra
(Ut: “Ta in oantinken fan” Ljouwert, 1981)

Asto letter oan dyn skoaltiid tinkst
en al dyn freonen yn herinnering bringst
tink dan ek oan har
dy’t dit hjir skriuwt
want freonskip bliuwt!

Leafde is elkoar fertrouwe,
tegearre in libben opbouwe.
Tegearre, hân yn hân,
troch it ûnbekende lân.
Soms oer bergen, soms troch dalen*,
mar tegearre sille wy net ferdwale

Lyk as in blom nei in dize,
har blêdsjes iepen docht;
en glimkjend op har eigen wize,
bliid nei de sinne sjocht.
Sa moatte wy by wat ús treft,
nei boppe sjen, nei God.
Hy jout ús hieltyd nije krêft,
en hy bestjoerd ús lot.

Foar alle minsken skynt de sinne
al skynt er dan net elke dei,
Foar alle minsken sjonge fûgels,
en bloeie blommen lâns de wei.
De blauwe loft, de wite wolken
it blinken fan in stille poel.
De wyn dy’t rust yn reid en beammen,
’t hat allegear in sin en doel.
Hoedzje wat libbet om dy hinne
Sjoch al dat moais mei blydskip oan.
En tink hjirom
dy’t foar dy libben,
ha al safolle moais bedoarn.

Wat is in foarjier sûnder libben.
Wat is in simmer sûnder sinne.
Wat is leafde sûnder jaan.
Wat is der wol, as it nea begûn.
Wat is in himel sûnder blau.
Wat is de wrâld sûnder dy.

Dêrom tink altyd oan my…

Libje fleurich mei ferstân.
yn ús âlde Fryske ierdelân.
Hâld dy oan ús Fryske aard,
yn dyn wêzen, yn dyn praat.
Sljocht en rjocht en froed fan sin.
Sûn en rûn sa goed as ‘t kin.

Groei mar, strielje,
laitsje yn alle talen.
Om ûnder it ûntdekken
soms te ferdwalen.

Libje, ferwûnderje dy
laitsje, ha wille.
En wit dat wy altyd
mei dy meirinne sille.

Yn mem har búk wie it waarm en sacht.
Dêr lei ik te trappeljen, dei en nacht.
Mar no lit ik goed fan my hearre,
En sil ik heit syn rêst bedjerre!

Leafde
Leafde is sterk,
Hja kin wûnders dwaan.
Libbens feroarje,
Lêsten fersêftsje,
It fynt har freugde
Troch freugde te jaan.
It jout ynhâld en glâns,
Oan it libben.

Takomst is gjin dream
Net letter, takomst is de dei fan hjoed
Dreamen falle yn it wetter,
As de notiid ús net stjoert.
Net heger,
slaan de earste stien net oer.
Mei it bouwurk klimt de steger,
nei de maaibeam op ’en doer.
Net fierder, rin net op ’e tiid foarút
Siedzje moat de iere siedder
foar’t it nije lân ûntsprút.
Takomst is gjin dream,
mar it plantsjen fan in beam.
Sûnder fuotten yn ’e ierde,
bliuwe dagen sûnder dieden.
Takomst is de koartste klap.
Hjoed sette jim de earste stap.

Berte fan it libben,
it begjin,
in barren dat nea
gewoan wurde kin.
In berntsje sa lyts,
sa bysûnder,
wat binne wy tankber
foar dit wûnder.

Dêr bist dan,
it libben kin begjinne!
Juster noch yn it tsjuster
hjoed yn ’t folle ljocht,
wy tankje de Skepper
dy’t ús sa ryk betocht.

De tiid, hy nimt gjin skoft,
Famke, hâld dêr rekken mei.
Nim alle goede kânsen waar,
Op dyn koarte libbenswei.
Haw betrouwen yn’e takomst,
Wêr’t dy striid te wachtsjen stiet.
De oerwinning silst behelje
as it mei oanfurdzjen en berêsten giet.

Dit is in dei om te ûnthâlden
in dei dy’t hiel bysûnder is,
dit is in dei om fan te hâlden
om’t dizze dei ús troudei is.

– Gjalt Huizenga

Dêr wie it dan safier
in lyts popke oer de flier.
Lytse hantsjes, lytse earkes
in lyts kopke mei in minynoas,
dêr’t wy sa wiis mei binne
dat kin dochs net oars!

Gouden spintsje hat it drok,
wevet triedsjes fan gelok.
Wyntsje waai wyntsje waai
nimt in gouden triedsje mei.

Gouden triedsje yn ‘e sinne,
wer giest hinne?
Sjoch dêr waait it oer it lân,
sjoch dêr leit it yn dyn hân.
Wês der mar foarsichtich mei,
oars dan rekket it noch wei.

Troch Diet Huber
(Ut: “De Teltsjebeam”, Ljouwert 1976)

Yn in libben
as man en frou
is leafde sterker as fertriet.
In libben tegeare
is sprekke en swije
in glimke by dat iene liet.
In libben tegeare
is jaan en nimme,
earlikheid en trou.
Hân yn hân, each yn each,
foar ivich
man en frou.

– Dieuwke Posthumus

In hynder iet syn hjouwer
en fûn in klaverfjouwer .
Hy joech it oan de fret
dy sei:”dat mei ik net!’
Hy joech it oan de kat
dy sei:”wat spul is dat?”
Hy joech it oan de hûn
dy smiet it oer de grûn.
Hy joech it oan de podde
dy’t mei syn holle skodde.
Doe joech dat hynder it oan my.
Ik jou it daliks troch oan dy.
Se sizze, dat der gelok yn sit,
do moast mar ris sjen. Wa wit,wa wit.

Diet Huber
(Ut: “Fryske poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)

Doch alles sa by ljochtskyndei
dat elts it sjen en witte mei.
Dan hoechst dy foar net ien te mijen
en mei gjin minske spul te krijen.
Wês altyd wier, gean rjocht troch see:
dyn ja is ja, dyn nee is nee.

De ien hie in famke tocht
in oar sei
der wurdt in jonkje brocht
gjinien kin it
fan tefoaren witte,
mar ik bin in famke
en sil hjitte..

3 lytse knapen dy’t allegear de oandacht wolle fan heit en mem

3 lytse knapen dy’t alles fanelkoar ôfpakke wolle

3 lytse knapen hast allegear tagelyk yn de pjuttepuberfaze

3 jonge knapen dy’t moai meielkoar boartsje kinne

3 jonge knapen dy’t meielkoar harren grinzen lûke kinne

3 jonge knapen dy’t witte wat leafde, lok en sûnens betsjut

3 grutte knapen dy’t meielkoar in suske krigen ha, en har dat allegear leare wolle

Earlik, gol en fleurich,
mei in hiel best sin.
Gean sa troch it libben
ik tink grif dat it kin.

En as it alris tsjin rint,
tink dan by dysels:
Wat my hjoed net slagget,
giet faaks moarn fansels.

Sa as de blom de sinne lûkt
de fisk yn ’t kleare wetter dûkt
de ljurk de blauwe loft yn kliuwt
de wite wolk omhegen driuwt
dat sa dyn herte, from en frij
Gods hillige wegen sykje mei!

Wolle jim ús mei wat ferrasse,
lit it dan yn in slúfke passe.

Ut langstme en leafde
Berne út ’e memmeskoat
Leit no in lytse poppe yn ús hannen
As wy dy sa sjogge
Bysûnder, lyts en tear
Kinne wy allinnich noch flústerje:
Tankjewol Hear

Do stiest no noch foar it libben,
’t is alles noch sa moai.
In jeugd fol fleur en sinne,
in wrâld fol blommetoai.
Ik ried dy oan myn famke
nim goed dyn jonkheid mei,
want neat giet yn it libben
sa bjuster gau foarby.
Mar wêrst ek letter swalkest
of wêrt dyn fuotten gean,
dyn âldershûs, dyn thús
sil jimmer iepen stean!

Thys woudstra.
15-11-’61

“Mau!”sei de mûs,
“Boe!”sei de hûn,
“Piip!”sei de kat.
Wat nuver spul is dat!
Hoe soe dat no komme kinne
dat dy bisten har fersinne?
No, mar ik fersin my net
as ik yn dyn album set:
Rein of wyn of sinneskyn,
hâld de moed der dochs mar yn!

Twa warbere hannen,
in holle klear,
twa heldere eagen,
in herte tear,
in bulte sinne,
in bytsje skaad,
dat winskje ik dy ta
op dyn libbenspaad.

Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)

(Marijke), leave, do meist net laitsje,
master kin gjin ferskes meitsje.
Hy sil it lykwols besykje
Bôlekuorke… einepykje…
hopke, hoanne, doke, donge,
harke, hiemhûn, hofkesjonge
hearken, ít wol net út ‘e pinne,
sitte, skrasse, skriuwe, stinne
sûkerslakje… sparrebeantsje…
Datst mar lokkich biste, berntsje!

Freondin
Akkelyn
Akkelyn
Do bist in knyn
En
Bist altyd
By my
Do bist de leafste freondin

Dewi van der Hoek
Winner gedichtewedstriid 2008