Sy is berne op (datum), en kaam (tiid) oere boppe wetter,
mei sa’n 8 pûn in hiel gespetter.
Om’t (nammen mem en bern) bytiden oan’t slûgjen binne,
efkes skilje foar in poppeslok, om harren net mis te rinnen.
Ik ha dy leaf, myn hiele libben
’t is folle mear as hâlde fan.
Net te beskriuwen
hoe waarm de winter wêze kin
In protte yn heit syn hannen feroaret yn goud.
Mar it aldergrutste wûnder ha ik oan mem tabetroud.
Berte fan it libben,
it begjin,
in barren dat nea
gewoan wurde kin.
In berntsje sa lyts,
sa bysûnder,
wat binne wy tankber
foar dit wûnder.
In bertewûnder,
wurden sizze net wat wy no fiele.
Wy nûgje jimme fan herten út
foar it kreamfeest fan ús lytse sprút.
Fan 12.30 oant 15.00 en nei 21.30 oere jouwe wy ús del.
Dyn lytse libben,
ús grutte lok!
Dyn eachjes gean iepen
en sjogge nijsgjirrich yn it rûn.
Wolkom leaf lyts famke,
do hast dyn thús hjir fûn.
Do bist noch nij op ierde
do bist hjir noch mar krekt
en no hast fan dy ierde
al in stikje yn ’e sinne set.
Libje lang en libje sûn!
Fan gemoed: rjochtút en rûn!
Giet it altyd net nei ‘t sin,
doch it mar sa goed as ’t kin!
Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)
It wie al in nij begjin
mei syn fjouweren in gesin.
No bringsto der noch mear sinne by
wat binne wy wiis en lokkich mei dy!
Swarte kat, skilige knyn
bern, de datum stiet deryn.
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Knyn
Hiel sacht
Super super sacht
Super moai en sacht
Leaf
Marte Oostenbrug
Winner gedichtewedstriid 2008
Beantsjes út it sop
de datum stiet derop.
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Hy is 52 sintimeter lang en weaget 3805 gram.
Bliid binne wy mei Gods geskink, de berte fan ús soan/dochter.
Tige bliid binne wy mei de berte fan ús famke en suske …
Alhiel oeral litte wy jim witte
dat yn ús widske fan reid
op ’e nij in lyts wûnderke leit.
Dit wûnder yn ús hannen lein,
it stiet noch oan ’t begjin.
Wy winskje dat it wêze mei
in ljochtsje yn ús gesin.
Freonskip
Fyn ik meielkoar der op út
Tsjin elkoar fuotbalje
Dan hoechst dy net te ferfelen
As ’t no mar gjin traap krijst fan de fuotbalskoech
Harry van der Veen-Bakkefean
Winner gedichtewedstriid 2008
Leafde wol ik jaan
oan allegear dy ik ken
altyd om oaren tinke
ik bin Gods bern
Leafde wol ik jaan
sa meitsje ik oaren bly
en mei ik tinke
God is flakby
Blomke op’e kop, de datum stiet der op!
Lit thús en ek by oaren
oeral dyn ljochtsje skine.
Dan silsto op dyn libbenspaad
grif rike dingen fine.
Faaks silst ek leed ûntdekke
dat bring it libben mei
skyn do dan mei dyn ljochtsje
der alle skaden wei.
Alders
It is altyd it selde,
Alle kearen op ‘e nij,
Rûzje mei myn âlders,
Hast elke dei.
Ik mei neat fan dy twa.
Ja, ik kin sliepen gean,
As of dat wol, of sa.
Dat dit soarte fan âlders bestean.
In leuk mobyltsje? Dat sil wol net meie.
In moaie tas? Dy silst wol op de oare skoalle krije.
In gouden ring? Dat giet te fier!
In nije klok ha ik nedich! Dizze ha ik al 9 jier!
En merkklean dan?
Dy binne fierstente djoer!
As se dy priiskaartsjes sjocht…..
Oei, dan wurdt se oerstjoer!
Harren kleansmaak is my net nei it sin.
Moast ris sjen hoe’t se der byrinne.
Mei dy âlde beppeklean.
It is omdat it myn âlders binne.
Mar ik bin it al tiden sêd.
Al fanôf juster.
Ja, ik moat wer op tiid op bêd,
En altyd thús wêze foar it tsjuster.
Sa no en dan kinne we it wolris gesellich deroer ha,
Mar dat is samar foarby.
Dan begjinne se wer oer myn minne kanten of sa,
Soene der ek bettere âlders wêze dan dy fan my?
Jildau v/d Mey
Winner gedichtewedstriid 2008
Oaren graach ris helpe wolle.
neat is dy te folle.
Famke hâld dy der mar by
dan komt it wol goed mei dy.
In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei.
Wy steane no noed foar dy.
Dyn hantsje yn ús hannen
sa geane wy op wei.
Wy wolle God tankje
en freegje: ‘Bliuw har/him nei
wat der ek barre sil,
Heit, wês Jo derby.’
Der sit in fûgel, fluch en blij
yn’t fielend minskehert.
Dy sjongt syn simmermelodij,
by kjeld en wintersmert.
En wêr’t dy sang him hearre liet,
dêr brûze blommen op út d’ierd.
Dy fûgel, leave faam, do witst,
de ‘Leafdefûgel’ is’t!
Grutsk en o sa wiis
binne wy mei
de berte fan ús jonkje/famke
en broerke/suske
Tige lyts en dochs hiel grut,
sa jong en dochs folslein.
It bliuwt in ivich wûnder,
in wûnder sûnder ein.
Gean mar mei moed dyn libbenswei.
Wat dy yn’t libben treffe mei,
al giet it faak troch tsjusternis
oan Jezus’hân komst do der wis.
Dêrom it each omheech nei God,
syn hân bestjoerd yn libbenslot.
Dêr binne jimme dan
it libben kin begjinne!
Net ien, mar twa nije libbens
sjogge no it ljocht.
Wy tankje de Skepper
dy’t ús sa ryk betocht.
Dit libben bringt ús nei in nij begjin.
Wy binne fol fan dreamen hoe’t it wêze kin,
wolkom leaf lyts famke, wolkom yn ús gesin.
Famke, ik soe winskje datste de sinne
en de wyn mei blidens tamjitte giest,
want de ame fan it libben is it simmer ljocht
en de hân fan it libben de wyn.
En ferjit net dat it de ierde goed docht
dyn bleate fuorten te fielen,
en de wyn der nei langet
om mei dyn hier te boartsjen.
De grutte freugde
om de lytse dingen,
is it lytse geheim
fan it grutte gelok.
Der stie in bokje by it stek
mei in blomke yn ‘e bek,
en in briefke hie er ek.
Wat soe dat foar briefke wêze,
bokje, mei ik efkes lêze?
“‘k Winskje dy in protte lok.
Goeie! Groetnis fan ’e bok!”
stie der. En it wie foar dy.
No, itselde mar fan my!
Troch Diet Huber
(Ut: “De Teltsjebeam”, Ljouwert 1976)
Wy nûgje dy út foar it kreamfeest op … om .. oere.
In nij libben, in nije wrâld
wy hawwe in lytse poppe!
Groei mar, strielje,
laitsje yn alle talen.
Om ûnder it ûntdekken
soms te ferdwalen.
Libje, ferwûnderje dy
laitsje, ha wille.
En wit dat wy altyd
mei dy meirinne sille.
Ik winskje dy in libben,
in libben fol en ryk.
Libje lokkich en tefreden
dan giet it fest net bryk.
En giet it soms net foar de wyn
betink nei rein komt sinneskyn.
Licht is in flinter,
grutsk is in pau,
meager de wynhûn,
in baarch is grou.
Keal is de kikkert,
drok is in spin,
boartlik it fôltsje,
nijsgjirrich de hin.
Bliid is in protter,
ûnskuldich in pyk,
sterk is de buffel,
mar do?* Do bist unyk!
Troch Berber van der Geest
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)
Earne yn de blaue himel dêr
skitteret dierber in lytse stjer
Hy/sy is in stille tsjûge fan
ús gelok op ierde.
Ta nij libben útgroeid
út leafde foar elkoar
Do lytse blom
noch yn ’e knop
Mar yn dy lizze besletten
de aldermoaiste kleuren
Want bewoartele bisto yn Gods tún
en meist no troch ús leafde en soarch
iepen gean en bloeie
en strielje fan gelok
Mem bliuwt mem,
heit bliuwt heit.
Marruh, fynsto my
no net hiel stoer?
Fan hjoed ôf
bin ik grutte broer!
Gouden spintsje hat it drok,
wevet triedsjes fan gelok.
Wyntsje waai wyntsje waai
nimt in gouden triedsje mei.
Gouden triedsje yn ‘e sinne,
wer giest hinne?
Sjoch dêr waait it oer it lân,
sjoch dêr leit it yn dyn hân.
Wês der mar foarsichtich mei,
oars dan rekket it noch wei.
Troch Diet Huber
(Ut: “De Teltsjebeam”, Ljouwert 1976)
Sa no en dan
fljocht der in ingeltsje
nei de ierde.
De wolken binne rôs
it gers is blau,
oeral sweve ballonnen, oeral.
De hiele wide wrâld
leit iepen…
Us leafde hat
hantsjes en fuotsjes krigen.
Hjir op dit albumblêd
wol ’k allinne skriuwe:
Lit, wat ek feroarje mei,
ús freonskip altyd bliuwe.
Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)
Lytse poppe yn ’e widze.
Lytse poppe, leaf en tear.
Hjir binne gjin wurden foar,
sa wûndermoai
oan God de ear.
Ut ús, fan ús,
en dochs,
sa fansels,
dysels.
Twa blauwe eachjes
In kopke mei ljocht hier
.. sintimeter lingte
en … pûn swier.
Wolst net ferjitte (namme) as it efkes kin?
Dat ik op (bertedatum) de widze yngongen bin?
God hat alles makke,
de sinne, de blommen en de kij.
De loft, de see, dyn grutte sus,
en Hy makke dy!
Barre der noch wûnders?
Wurdt it lok noch fûn?
Do mei dyn lytse lûden,
hast ús it antwurd jûn.
Dêr bist dan,
it libben kin begjinne!
Juster noch yn it tsjuster
hjoed yn ’t folle ljocht,
wy tankje de Skepper
dy’t ús sa ryk betocht.
Al dy ferskes, al dy minsken,
al dy moaie goede winsken.
Tankber foar de leafde,
fan famylje en freonen.
Tankber foar de minsken
dy’t hjir yn skreaunen.
Myn album wie fuort
mar kaam my wer temjitte.
Myn oantinkens bergje ik op,
en ik sil se nea ferjitte.
Troch: Dieuwke Posthumus
Sjoch net by grutte minsken op,
fertrou do mar op God.
Want al dy sterke Goliat’s
lizze fan ien stientsje plat!
De tiid, hy nimt gjin skoft,
Famke, hâld dêr rekken mei.
Nim alle goede kânsen waar,
Op dyn koarte libbenswei.
Haw betrouwen yn’e takomst,
Wêr’t dy striid te wachtsjen stiet.
De oerwinning silst behelje
as it mei oanfurdzjen en berêsten giet.
Wai (Taiske groet)
As ik myn eagen slút
en nei dy sjoch
troch myn sielespegel hinne
nei dy laitsje
en mei ien finger
dyn swarte hier oanreitsje
is it krekt
as
glimkesto
hiel even
troch myn sielespegel werom
en ik
ik swaai
swaai útlitten.
‘Wai’ leave skat
Dach dach. Ik kom!
Lyts fleurich libben,
in prachtich minskje, fonkelnij.
Ferwûndere en nijsgjirrich
ferwolkomje wy dy.
Bern, libje!
Mar sjoch
troch alles hinne
syn teken fan trou:
Hy lit dy nea allinne.
Leaf lyts famke/jonkje,
sa eigen en unyk
wy binn’ sa bliid mei dy
wat makkesto ús ryk.
Leaf lyts famke/jonkje
do hearst by ús
fiel dy mar feilich
dit is dyn thús.
Yn it lân stiet in raketsje
mei in klaverfjouwerbledsje,
mei in roaske fan flewiel
en mei blomkes blau en giel.
En it duorret mar in skoft
of it fljocht al troch de loft
en dan is it gau by dy.
Dat dyn lok lang duorje mei!
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Nij libben yn ús earms,
sa tear en o sa unyk.
Op ‘e nij ferwûndere.
wat fiele wy ús ryk.
It libben is moai,
mar ek kwetsber sûnt it begjin.
Wy sille der foar dy wêze,
wolkom yn ús gesin.
Twa lytse michjes
dûnsen yn it sintsje,
gûnzedûns,
dûnsegûns,
do bist myn freondintsje.
Twa lytse spintsjes
rôpen ût harren reachjes wei:
‘Weveno,
wevenei,
dat dat lang sa bliuwe mei!’
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Jimme binne wolkom foar in poppeslok, it leafst earst efkes belje.
As dûnkere wolkens driuwe
of as it sintsje skynt
as ’t jild dy samar tastreamt
of as’t as snie ferdwynt
as ’t lok dy altyd oansjocht
of it ûnk dy efter sit
as ’t altyd fol fan moed bist
of as dy dat ûntsjit
al stiet by fleur of lijen
de wrâld ek op ‘e kop
al hast yn ’t fierdere libben
in gelokje of in strop
ien ding moatst net ferjitte
al wurdst ek 1000 jier
wij hâlde dy foar eagen
as ús famke sûn en blier!
Thys Woudstra
Berte is as dize yn ’e iere moarn,
hoeden siket it in wei.
Ynienen brekt de sinne troch
en begjint in nije dei.
Famke, as de blomkes bloeie,
fûgels sjonge yn ‘e loft,
wol dan as de blomkes tiere,
ha dan as de fûgels nocht.
Bliuw gol en goed
en wol te moed
Wês lokkich boppe mjitte
Tink faak oan my
en leau my frij
Ik sil dy nea ferjitte.
Sa fier as de moanne en werom,
sa mâl binne wy mei dy.
Wat ha ik in wille,
no’t ik in ferske
yn dit boekje skriuwe mei.
In printsje ha ik krigen,
it ferske lient.
Alles is fan herte miend.
Myn heilwinsk ta beslút,
libje lang en lokkich.
No is myn ferske út.
Asto letter oan dyn skoaltiid tinkst
en al dyn freonen yn herinnering bringst
tink dan ek oan har
dy’t dit hjir skriuwt
want freonskip bliuwt!
Dyn hantsje yn dat fan my
sa gean wy hân yn hân.
Myn grutte hân, dyn lytse,
in izersterkebân.
En op in dei, in ein foarút,
sjocht de wrâld der foar ús beide itselde út.
Hy weaget (of waacht/weacht) 4260 gram.
Foar alle minsken skynt de sinne
al skynt er dan net elke dei,
Foar alle minsken sjonge fûgels,
en bloeie blommen lâns de wei.
De blauwe loft, de wite wolken
it blinken fan in stille poel.
De wyn dy’t rust yn reid en beammen,
’t hat allegear in sin en doel.
Hoedzje wat libbet om dy hinne
Sjoch al dat moais mei blydskip oan.
En tink hjirom
dy’t foar dy libben,
ha al safolle moais bedoarn.
In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
in tûfke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.
In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan flewiel.
It libben is in fiere reis
en nimmen wit wêrhinne.
Dan driget de loft,
it stoarmet of reint
en dan wer skynt de sinne.
Mar wat it waar dy bringe mei
’t sij ûnwaar, stoarm of wetter,
draach alles mei in froed gemoed
en tink, nei dit komt better.
It libben is in fiere reis
en nimmen wit wêrhinne.
Ik winskje dy in goede reis,
leaf bern en folle sinne.
De kening en syn keninginne
ha in prinseske krigen.
Dit poesyalbum is fan my
salang as ik hjir libben krij.
Sjoukje is myn namme,
al fan myn heite stamme.
Yn Winsum kaam ik op ‘e wrâld,
in moai Frysk plak, dêr’t ik fan hâld.
Troch Marijke Haaima-Hoekstra
(Ut: “Ta in oantinken fan” Ljouwert, 1981)
Us fiifde berntsje, lyts en sûn.
In grut wûnder troch God oan ús jûn.
Kostber libben troch Him boud,
oan ús soargen tabetroud.
Hâld him/har yn Jo hân o Hear,
lit him/har libje ta Jo ear.
Gjin útsprutsen wurd,
gjin skreaun akkoart,
mar in stil ferbûn
mei dyjinge dy’t dy it libben skonk.
In gouden belofte,
dat wy mei hert en siel foar dy soargje sille.
Net allinne hjoed,
mar ek de dei fan moarn.
Syn noed giet oer de lytse mosk,
de fûgeltsjes yn fjild en bosk.
It gers de blomkes op it lân,
it komt alles fan Syn hertehân
Strielje as kleare sinneskyn,
mei jim bliere eachjes it libben yn.
Bring freonskip, leafde en nocht
dat elk bliid wurdt dy’t jim sjocht.
In leafde foar it libben,
út de krêft fan dy en my.
Twa eachjes dy’t twinkelje,
twa wankjes fan fluwiel.
Wy binne sa wiis mei dy,
do bist ús sinnestriel.
Kom, sjoch en bewûnder.
Wat? Blomkoal? Earrebarre?
Ach, welnee!
Heit en mem hawwe yn it hea west.
Fandêr datsto hjir no bist!
Sudewyntsje westewyn
sjoch, de datum stiet deryn.
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Ine mine
rufteline
boarterstreintsje
berneweintsje
lekkenrûskes
bak mei mûskes
wat in drokte
en fertier
mei in widske
oer de flier!
Wat barre mei yn’t libben,
hoe ’t gean mei yn’e wrâld.
Hâld fest oan dyn Heitelân,
dan boust net op sân.
Fanke gean mei moed troch ’t libben,
mei in fiks en fleurich sin.
Stim dyn liet en sjong dyn sangen,
lyk in fûgel sjonge kin.
Stean foar al wat moai is noed,
en dan komt it grif wol goed.
Wy fine dy ek sa bysûnder.
Nei njoggen moanne, ús twadde wûnder.
(namme) sa grutsk as in pau.
“Kom mar suske, kom mar gau!”
Twa bliere eachjes,
in mûltsje dat ropt,
hantsjes dy’t gripe,
in fuotsje dat skopt.
Tank foar dit wûnder
sa lyts en sa tear.
Jo binne de Makker,
Oan Jo is de ear.
Berne út leafde
kostberder as goud
in leaf lyts jonkje
oan ús tabetroud.
Ine mine
rufteline
boarterstreintsje
berneweintsje
lekkenrûskes
bak mei mûskes
wat in drokte
en fertier
mei in widske
oer de flier!
Myn namme sil ek yn dyn album stean, al sil hy der ek dwers trochhinne gean.
Kuierje bliid yn ‘e libbenstún om,
my der de stikel en ploaits dêr de blom.
Hâld foar it goed dyn hert al oan rom,
libje mar fleurich, ienfâldich en from.
Strui om dy hinne rju seine rûnom.
En achtsje it praat fan de minsken as skom.
Skielk ast in âld wyfke bist
en net safolle mear fan earder witst,
krij dan dit boekje der mar by,
dan belibbest alles wer opnij.
Auck Peanstra
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)
Klim yn de bargemottebeam
en yt in bargemottepar,
yn trije happen is er fuort
en wurdtst in bargemotsje.
…Mar ofst no in bargemotsje bist
of in famke mei wyt hier,
fan de stjerkes yn dyn eagen
wurdt ik altiten like blier.
Hynke hynke hop,
de datum stiet derop!
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Sinnestrieltsje,
kom derby!
Der is noch plak
genôch foar dy.
Der sille hannen wêze
dy’t dy drage
en earms
dêrst feilich yn bist
en minsken
dy’t sûnder freegjen
sizze datst
wolkom bist.
Yn de widze leit
in berntsje
Heit stiet der grutsk
en glimkjend by
Mem sjocht der bliid
en ferbjustere nei
Wat binne wy wiis
mei dy
…. hannen op ien búk,
dat binne wy!
Mar plak genôch
foar noch twa hantsjes derby!
Alderferskuorrendste bliid binne wy mei de berte fan …
No’tsto der bist is alles oars, mar krekt sa at it heart.
Leaf lyts jonkje/famke,
sa bliid datsto der bist.
Triennen fol leafde
dy’tsto noch net begripe kinst
Hark, yn ’e fierte
spilet de fanfare.
De minsken dûnsje
op ’e dyk en roppe:
Hoera, hoera
foar de lytse poppe!
Twa warbere hannen,
in holle klear,
twa heldere eagen,
in herte tear,
in bulte sinne,
in bytsje skaad,
dat winskje ik dy ta
op dyn libbenspaad.
Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)
Ut leafde ûntstien
Mei leafde droegen
Fol leafde ferwachte
De berte fan in berntsje
dat is in grut wûnder
mar de berte fan twa berntsjes
dat is wol hiel bysûnder!
As ’t sintsje yn ‘e iere moarn,
sa laket dy it libben oan.
Mar it libben is, lyk as de dei
en bring ‘skaadzjen’ meastal mei.
Dochs fan it lêste winskje ik dy
bliuw dêrfan it measte frij.
Sa moai
sa leaf
sa fan ús
sa hielendal do
No’tsto der bist
is alles oars
en dochs presys sa
as it heart
Ofgryslik bliid binne wy mei dy!
Do bist do
mei-inoar = wy
wolkom yn ús gesintsje
in leafde derby!
Doch dyn eachjes mar iepen,
rik mei dyn hantsjes nei it ljocht,
it is mei wurden net te sizzen,
wat de leafde by ús brocht.
In protte yn heit syn hannen feroaret yn goud.
Mar it aldergrutste wûnder ha ik oan mem tabetroud.
Wês myld as ‘t bliere sintsje,
dat skynt de hiele dei.
Wês moai lykas de blomkes
dy’t bloeie oan dyn wei.
Wês fleurich as de fûge1s,
dy’t sjonge yn it grien.
Wês freonlik foar dyn neiste
en mei syn lot begien!
Draach earnst en libbenswille
fan beiden yn dyn hert,
brûk holle en hannen beide
en wês yn ‘t wurk beret!
Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)
Ien bliek twa,
no ha wy der trije.
Wat in gelok
dat wy jim krije meie!
Al ús letter
is mei dy.
Berne út leafde
kostberder as goud
in leaf lyts famke
oan ús tabetroud.
Om de rêst te bewarjen yn it gesin graach even belje foar besite.
Ut twa herten ien leafde, út leafde in libben…
No’t wy
tegearre
dy wurden binne,
kinne wy allinnich mar tankber wêze.
Twa blauwe eachjes
In kopke mei ljocht hier
.. sintimeter lingte
en … pûn swier.
De tsiis is foar de mûs,
De kat is yn de sûs.
Pyt sjongt trillers by de rûs
En de hûn wekket oer it hûs.
(Femke) wês as de bisten om dy hinne
Dan skynt foar dy altyd de sinne.
Troch Klaske Hiemstra
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)
No’tsto berne bist
kinne wy mar net ophâlde
fan dy te hâlden.
Dêr’t blommen binne,
dêr is meastal ek de sinne.
Dasto dêrfan in protte hawwe meist,
dat winskje ik dy ta!
Wol fij, in tearke
in ezelsearke
En ek noch fêst,
dat is net bêst!
Do tinkste wis
dat it moade is.
Mar nee, bêste faam
it is kaam
datsto letter
noch wat better
tusken de bledsjes,
fluch en netsjes,
myn ferske it earste
iepentearste.
[mei in omteard en mei
in printsje fêstplakt hoekje]
Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)
Op ’e nij in grut wûnder
in lyts en leaf berntsje derby.
Wat binne wy tankber
wy binne sa wiis mei dy.
Wachtsje op adopsje
Do
fier fuort
yn in oar lân
mei dyn eigen taal, Boeddha
en moessonrein.
Do
tichtby
noch sûnder namme
mar printe[YS1] yn ús hert
dyn keamer wachtet
Net allinne
dyn suske, heit en mem. Unbekend
fier fuort tichtby hâlde wy fan dy.
Wannear komsto hjirhinne?
Meie wy dyn namme hearre
Dyn bliere laits oer ús hinne falle litte
En dyn fertriet fuortfeie?
De tillefoan giet
net
Taal noch teken.
It wurdt let,
let.
Is der no net ien dy’t sjocht
dat wy twa
ferlet ha
fan elkoar.
Do fan my
en ik fan dy?
Wêrom
net?
Wêrom duorret it sa lang?
Burokrasy, stimpels, hantekening
en in bulte papier
wachtet noch
op trage hannen
dy’t, troch alle lannen
hinne, ús byinoar bringe sille.
Stevich sil ús keatling wurde
Mar no noch
net.
Ik ha ferlet
fan dy.
[YS1]Skrasse kin ek betsjutte ‘trochstreekje’, dat moat it hjir just net wêze, mar sa kinne je it dus wol lêze, dêrom ha ik dêr in oar wurd delsetten…
Tankber en grutsk binne wy mei de berte fan ús famke en suske…
Earder wie it in tút op ‘e búk
dat wie moai om te dwaan.
Mar no kin ik dy einlik, as grutte sus
yn it echt in krûpke jaan.
De wrâld sil fan dy genietsje,
want wêrsto ek giest,
do bringst it libben freugde,
omdatsto in sintsje bist.
It is in wûnder,
seit it hert.
It is in grutte ferantwurding,
seit it ferstân.
It binne in protte soargen,
seit de eangst.
It is in geskink fan God,
seit it leauwen.
It is ús grutste lok,
seit de leafde.
It binne ús leave bern,
sizze wy.
In nij libben
in grut wûnder
út leafde berne
oan ús tabetroud
Mei dy, leaf famke,
lyts en sûn
is foar ús
in nij aventoer begûn.
Wy sizze wol
tûzen kear opnij
wat binne wy
dochs wiis mei dy!
It is efkes wennen
mei sa’n lytse leave sprút,
mar … wol eltsenien graach moetsje
dus nûgje wy jim foar it kreamfeest út.
Leafde
Leaf hawwe is foar leaf nimme
elkoars lekken en brekken;
in net wiermakke wurd
oersljochtsje mei in knypeach
Want allinnich sa en net oars
sil jim leafde bestean.
– Berber v/d Geest
Hark, yn ’e fierte
spilet de fanfare.
De minsken dûnsje
op ’e dyk en roppe:
Hoera, hoera
foar de lytse poppe!
Berte fan it libben,
it begjin,
in barren dat nea
gewoan wurde kin.
In berntsje sa lyts,
sa bysûnder,
wat binne wy tankber
foar dit wûnder.
Dach leave lytse poppe
wiest dêr al?
Wat hawwe wy in skoft
op dy wachte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke.
Nim dyn tiid, dyn droech en wiet,
Sjong op tiid in fleurich liet,
Gean jûns altyd op tiid te rêst,
en moarns mei it sintsje út it nêst.
Ha boppedat fan it wurk gjin mier,
dan jout dy’t libben wille en tier.
Syn hannen hawwe Nynke makke
fanút in foarmleas bestean.
Hoe wûnderlik binne Jo wurken,
Hear, wol ek fierder mei har gean.
Wy ha dy leaf, ús hiele libben
’t is folle mear as hâlde fan.
Barre der noch wûnders?
Wurdt it lok noch fûn?
Do mei dyn lytse lûden,
hast ús it antwurd jûn.
Fris en fleurich,
nea net treurich,
winskj’ ik op dyn libbenspaad
in soad sinne
om dy hinne,
folle lok en neat gjin skaad.
Troch Marijke Haaima-Hoekstra
(Ut: “Ta in oantinken fan” Ljouwert, 1981)
In nij sinnestrieltsje skynt
yn ús libben.
Om stil fan te wurden,
om ferwûndere nei te sjen.
Grutsk en lokkich
sette wy der in
stuoltsje by,
… hat
der in broerke /suske by.
Berne om in minske te wêzen
hjir op dizze ierde
berne om Gods
winsk te wêzen
en wy meie dy liede.
O, golle tiid, dy tiid fan skoallegean,
o, koe hy altyd foar ús bliuwe.
Op ’t skoalleplein yn in kring te stean
of ús eigen tinken op te skriuwen.
Wy hienen it drok, wolris, dat it ús net paste.
De skoalle learde ús dan: do moatste!
Ek fierders yn it libben silst wol ûnderfine:
Giet it net sa as it dy wol foege,
sit net mei de earmen oerinoar of yn ‘e pine,
mar slach fiks de hannen oan de ploege!
Der sille hannen wêze
dy’t dy drage
en earms
dêrst feilich yn bist
en minsken
dy’t sûnder freegjen
sizze datst
wolkom bist.
Leaf lyts jonkje/famke,
sa bliid datsto der bist.
Triennen fol leafde
dy’tsto noch net begripe kinst.
Ferske skriuwe? Earlik bliuwe?
’t Is foar my in hiel karwei.
‘k Sil ’t prebearje! It kin beteare,
’t falt allicht in bytsje mei.
Op dit bledsje, kinst it fetsje?
winskje ik dy alles ta,
wat de oaren, mei elkoarren
foar dy yn ’e pinne ha.
In nij libben
in lyts wûnder.
It klinkt sa gewoan
mar foar ús hiel bysûnder.
Sa lyts ast bist
sa grut is ’t wûnder fan it libben
nimmen hat dy oant no ta kend
allinnich God, Hy hat dy oan ús jûn
De ien hie in famke tocht
in oar sei
der wurdt in jonkje brocht
gjinien kin it
fan tefoaren witte,
mar ik bin in jonkje
en sil hjitte…
De iene seit: “Hy liket op heit”
en de oare fynt: op mem.
Wy soenen sizze:
jimme moatte ús lytse …
sels mar ris besjen!
In godsgeskink bliuwt it sûnder mear.
In lyts famke / jonkje dizze kear.
Dat dyn libben wêze mei as de sinne,
mei waarmte, lok en leafde om dy hinne.
Dat Jezus dyn hoeder wêze mei
op dyn libbenswei.
Mei Hy dy liede dei oan dei.
Wolle jo komme foar in poppeslok,
doch dat dan net op ’e gok.
Út twa herten
ien leafde
ús leafde
Út ús leafde
in twadde libben
dyn libben
Ús leafde libbet yn dy
Diel mei ús dit grutte lok,
kom gau om in poppeslok!
Berne op 20 july 2009.
Weacht 7 pûn en is 52 sm lang.
Sinnestrieltsje,
kom derby!
Der is noch plak
genôch foar dy.
Mem en dochter/soan rêste fan 13.00 oant 15.00 oere.
Alle bern op ierde
ha de selde Heit,
Wêr’t ús widze ek stien hat,
wêr ’t ús wenplak leit,
hoe’t we ek prate meie
hoe’t ús mûle ’t seit,
wy binne allegearre berntsjes
fan de selde Heit.
Sa as de stjerren blinke,
en skine yn de jûn,
lit ek dyn ljochtsje sa striele,
tichtby en fier yn ’t rûn.
Dan silste seine bringe,
yn mannich minske hert.
Dyn ljocht mei blidens drage,
en útgean kin ’t net.
Op ’e tiid sprekke
op ’e tiid swije
op ’e tiid leavje
en triennen feie.
Yn berou
sykje nei harmonije:
dat ’s foar altyd
man en frou.
– Ytsje Hettinga
Gean dyn wei yn blidens,
en mei folle moed,
meitsje it ljocht foar oaren,
dan is it libben goed.
Tegearre
rinne wy hân yn hân
troch it bosk
op it strân
Tegearre
kinne wy de hiele wrâld oan.
Wêr’t wy ek stean of gean
tegearre binne wy ien.
Wat bisto leaflik famke
wy binn’ sa bliid mei dy.
Krol hier om ’t sêfte kopke
hoe mâl is mem mei dy.
Dyn moaie reade wankjes
om yn te biten, ja.
De lipkes ree ta patsjen,
dêr ik noait genôch fan ha.
En sjoch ik yn dyn eagen
fol gouden sinneskyn,
by dy is mem noch alles
ik fyn al myn lok deryn.
Ast sjongst fan skiep en lamkes
fan bûterblomkes giel,
of boartest mei de famkes
hoe lokkich ik my dan fiel…
Wolkom Riekje op ‘e skoalle
Wolkom Riekje op ‘e dyk
Altyd nocht oan alle boartsjen
Altyd fleurich, altyd kwyk.
Leaf lyts famke,
nij op dizze wrâld.
Nimmen wit wat
it libben ynhâldt.
Wy winskje dat dyn libben
like kleurryk wêze mei
as de tekening dy’t dyn broerke
makke, spesjaal foar dy.
Alhiel oeral litte wy jim witte
dat yn ús widske fan reid
op ’e nij in lyts wûnderke leit.
In doke frijlitten, dat fljocht de wrâld yn,
want altiten yn dat kuorke, is net nei dokes sin.
Ienris fljochsto ek de wrâld yn, de wrâld dy’tsto noch net kenst.
Mar ferjit dochs nea dat kuorke, dêrsto ienris útflein bist.
Hjir binne gjin wurden foar.
Ferwûndere sjogge wy nei dy.
We tankje God, want de wrâld
hat der in wûnder by.
Us leafde
libbet
yn dy.
Libje
dyn libben
yn leafde
eltse dei
op ’e nij.
Sa moai
Sa leaf
Sa lyts
Sa fan ús.
Hasto ek al in album?
Wat sille wy no ha!
En moat ik dêryn rymje?
Sis, hoe betinkst it sa!
Ik doar it hast net te weagjen,
want sjoch, beslacht it min,
dan wit elkien wat stakker
as ik yn ‘t rymjen bin!
Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)
Minyhantsjes
minyfuotsjes
minymûltsje
minynoas
Grut is ’t lok
in maksywûnder
poppeslokje
tsjoch en proast!
Wat? Blomkoal? Earrebarre?
Ach, wolnee!
Heit en mem hawwe yn it hea west.
Fandêr datsto hjir no bist!
Yn mem har búk wie it waarm en sacht.
Lei ik te skoppen dei en nacht.
Mar no lit ik my hearre,
en sil ik heit syn dreamen en ris bedjerre.
Us leave Hear dy’t alles docht
dy ’t alles wit en alles sjocht
Hy is sa goed sa myld en gol
dat hy dy trou bewarje wol.
Syn noed giet oer de lytse mosk,
de fûgeltsjes yn fjild en bosk.
It gers de blomkes op it lân,
it komt alles fan Syn Heitelân.
De bernewrâld sa tear en fyn,
dêr leit de hiele takomst yn.
Wy binne tige wiis mei ús famke/jonkje (namme), suske/broerke fan (namme)
Lok fynst yn it earste glimke
fan dyn bern.
Lok fynst yn ’e freegjende eagen
dy’t nei dy opsjogge.
Lok fynst yn it hantsje dat yn
dines leit.
Lok fynst yn dat iene wurd
dat krekt alles seit.
Dit album is fan Femke en dêrby
is … har achternamme.
De earste krige se fan heit en mem,
d’oare fan har heite/memme stamme.
En wat sy ek wol sizze mocht,
yn … seach sy it libbensljocht.
Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)
Ut ús, fan ús,
en dochs,
sa fansels,
dysels.
Mei rein en hurde wyn
mar ek mei sinneskyn
is der altyd ien dy’t strielt,
en dat bisto!
Yn elts bern
begjint de wrâld opnij.
Op it strân fan Amelân
lei in gouden aai.
Doe’t dat aai yn stikken foel
kaam der in goudene fûgel út
en dy fûgel sei:
“Libje goed, en fleurich op!
Rein of sinne, snie of skaad,
set mar troch op’t libbenspaad!”
Diet Huber
(Ut: “Fryske poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Twa lytse berntsjes
om ferwûndere nei te sjen.
Sa tear en sa lyts,
oan har libbensbegjin.
Twa lytse wûnders
dy’t strielje as de sinne.
In twilling dêr’t wy
dûbeld gelokkich mei binne.
In sipelmem makke in sipelfers
foar har lytse berntsjes,
de sipeltsjes rôpen: Wat moai is dat!
en skriemden sipeltrientsjes.
Sa moai as dy sipelmem kin ik it net,
mar ‘k wol ek gjin ferskes meitsje
dêr’t elk dy’t it heart om skrieme moat,
men kin ommers better laitsje?
Ja, laitsje en boartsje mar, wês noch mar bliid,
dan hast noch in moaie bernetiid.
Diet Huber
(Ut: “Fryske poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Pakes, beppes, freonen, sibben
yn it widske leit nij libben.
Wy wolle it
fan de dakken roppe:
wy ha in lytse, leave poppe!
Berne om foar altyd fan te hâlden.
Troch waarmte kinne wy kjeld oan
troch ferbûnens frijheid
troch leafde haat ferdriuwe
troch swijen wurden begripe
troch ienheid kinne wy twa wêze.
– Ytsje Hettinga
In aardich lyts famke, ûndogens en stout.
Mar dochs hat (…)
in hertsje fan goud.
Wolle jimme in beskútsje helje?
Wolle jimme dan earst efkes belje?
De iene seit: “Hy liket op heit”
en de oare fynt: op mem.
Wy soenen sizze:
jimme moatte út lytse …
sels mar ris besjen!
Gean net allinne yn ’t libben
te swier is dy de lêst.
Hâld boppe freon en sibben,
dy oan dyn Heilân fêst.
Wol bliuwt der leed en smerte,
wol blet der mannich wûn,
mar lokkich is it herte
dat Jezus fûn.
Ut Gods hannen
in libben nij.
Hy joech ús in wûnder
Hy joech ús dy.
Jezus hâldt fan eltsenien
alle bern hjir fan ‘e wrâld.
Brún of giel en swart of wyt
hy fynt se allegear gelyk!
Ut twa herten
ien leafde
ús leafde.
Ut ús leafde
in twadde libben
dyn libben.
Us leafde libbet yn dy.
Al ús letter
is mei dy.
‘k Fûn in plantsje tusken ’t gers
‘k ha dat yn in potsje set
doe kaam der in blomke yn
dat wie in ferjit-my-net.
’t Plantsje stie der prachtich by
dêrom jou ik it oan dy,
no en dan moat it wat wetter,
silst ek oan my tinke, letter?
Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
O Hear, dy’t út ‘e himel sjocht
nei alles wat dit famke docht
Wês Jo har Hoeder dei oan dei
en lied har op de Libbenswei
Syn hannen ha dy makke
en Hy seach hoesto groeidest
Fol spanning ha wy op dy wachte
in ûnbegryplik wûnder…
Wolkom berntsje op ’e wrâld
wolkom, kom derby,
want op dizze grutte ierde
is ek plak foar dy.
Wês oprjocht yn dwaan en litten
jou in oar gjin wiis beskie,
dan hast berntsje hjir yn ’t libben
fan dyn heit in goede rie.
Takomst is gjin dream
Net letter, takomst is de dei fan hjoed
Dreamen falle yn it wetter,
As de notiid ús net stjoert.
Net heger,
slaan de earste stien net oer.
Mei it bouwurk klimt de steger,
nei de maaibeam op ’en doer.
Net fierder, rin net op ’e tiid foarút
Siedzje moat de iere siedder
foar’t it nije lân ûntsprút.
Takomst is gjin dream,
mar it plantsjen fan in beam.
Sûnder fuotten yn ’e ierde,
bliuwe dagen sûnder dieden.
Takomst is de koartste klap.
Hjoed sette jim de earste stap.
Strielje as kleare sinneskyn
mei dyn bliere eachjes it libben yn
Bring freonskip, leafde en nocht
dat elk bliid wurdt dy’t dy sjocht
Alwer in mantsje
út tûzenen!
Leafde is it ienige wat him fermannichfâldiget ast it dielst.
Doch dyn eachjes mar iepen,
rik mei dyn hantsjes nei it ljocht,
it is mei wurden net te sizzen,
wat de leafde by ús brocht.
Libje der altyd needrich hinne
Needrich as it ferjit my net
Needrichheid sil ivich bliuwe
Idle grutheid mar in set
Oft in rike soms dy skoudert
Of gjin achting foar dy hat
Grut te wêzen op jins skatten
Is de wiere grutheid net
Sa as de blom it kopke,
nei it sinneljocht sjen lit…
Sa as de fisk mei wille,
troch it kleare wetter sjit…
Sa as de ljurk te sjongen,
de hege loft ynflocht…
Sa as it wolkje fredich,
de hiele wrâld besjocht…
dat sa dyn hertsje, restich, bliid
op God fertrout, de hiele tiid.
Hjir binne gjin wurden foar.
Ferwûndere sjogge wy nei dy.
We tankje God, want de wrâld
hat der in wûnder by.
Om stil fan te wurden
om ferwûndere nei te sjen
in kostber stikje libben
út leafde berne bern
Eltse berte bliuwt in wûnder
elk bern wer bysûnder.
De Skepper fan it libbensljocht
hat ús opnij ryk betocht.
Wy ha de maaitiid yn ’e kop
Us gelok kin net op!
Sek mei jirpels,
pûdsje mei hjouwer,
hjir hast fan my in
klaverke fjouwer.
Kop sûkelade
hânfol framboazen,
hjir hast fan my ek
twa reade roazen.
Koer mei apels,
pantsje mei fet,
hjir hast fan my in
ferjit-my-net.
Wat komt derby?
Tûzen bêste winsken
fan my foar
dy.
Troch Diet Huber
(Ut: “De Teltsjebeam” Ljouwert 1976)
Wês jimmer fleurich, wol te moed.
Want, o, dat docht it hert sa goed.
In golle laits, in fleurich sin,
is it beste wat ik dy winskje kin.
Hjir ha wy lang op wachte
einlings is it dan safier.
It lytse wûnder yn it widske
Om stil fan te wurden
om ferwûndere nei te sjen
in kostber stikje libben
út leafde berne bern
Nei dyn bernetiid
folget aanst it grutte libben.
Soargje datst dan bliuwe meist
in seine foar dyn sibben.
Yn mem har búk wie it waarm en sacht.
Dêr lei ik te trappeljen, dei en nacht.
Mar no lit ik goed fan my hearre,
En sil ik heit syn rêst bedjerre!
Nij libben op ’e pleats
mar no yn ’e foarein!
Diel mei ús dit grutte lok,
kom gau om in poppeslok!
Dyn hantsje yn dat fan my,
sa rinne wy hân yn hân.
As broer en sus,
in izersterke bân.
Ik bin alwer wat grutter
en do bist noch sa lyts.
Do bist myn leave broerke/suske
in freontsje foar altyd.
Njoggen moanne ien
no ús leave poppe
omearme yn leafde.
Al njoggen moanne
prate se oer my,
mar fan hjoed ôf
sille se fan my hearre!
Do bist kommen yn ús libben
weve ûnder memmehert.
Wûnderlik ta wêzen wurden,
wy ferstean dit wûnder net.
It fee, de fûgels en de blommen,
wat groeit en bloeit op fjild en lân.
It hat by Him syn ûnderkommen.
Dyn dagen binnen yn syn hân.
As it sintsje
yn de iere moarn
laket it libben dy oan.
It wurdt tiid foar lytse dingen
in fûnkje út de flammen
in blom yn de hjerst
in wurd út in lang ferhaal
‘t is tiid foar lytse dingen
om te hoedzjen
om te noedzjen
om yn dyn hert te sluten
Troch Anny de Jong
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)
Tige grutsk binne wy op ús dochter en lytse suske (namme)
Grutsk en lokkich sette wy
der noch in stuoltsje by!
Sa hiel gewoan
mar dochs sa bysûnder.
Sa alledeisk
mar foar ús in wûnder.
Sa hiel gewoan
mar dochs sa bysûnder.
Sa alledeisk
mar foar ús in wûnder.
De roazen fertoarkje,
de blommen fergean.
Mar ús freonskip
bliuwt ivich bestean.
Lit dyn libben wêze
lykas de sinne,
mei leafde, lok en
waarmte om dy hinne!
In hynder iet syn hjouwer
en fûn in klaverfjouwer .
Hy joech it oan de fret
dy sei:”dat mei ik net!’
Hy joech it oan de kat
dy sei:”wat spul is dat?”
Hy joech it oan de hûn
dy smiet it oer de grûn.
Hy joech it oan de podde
dy’t mei syn holle skodde.
Doe joech dat hynder it oan my.
Ik jou it daliks troch oan dy.
Se sizze, dat der gelok yn sit,
do moast mar ris sjen. Wa wit,wa wit.
Diet Huber
(Ut: “Fryske poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Ik moast sa lang wachtsje,
ús mem har búk wie rûn en dik.
Mar no bisto der einlik,
en dyn grutte sus bin ik!
Bliid en tankber litte wy jim witte dat wy de grutske heit en mem wurden binne fan (namme)
Blommen fertoarkje,
blêden fergean,
mar oprjochte freonskip
bliuwt ivich bestean.
Strielje
as kleare sinneskyn,
mei dyn bliere eachjes
it libben yn!
Hy is berne om 05.25 oere en is 4500 gram.
Yn elts bern
begjint de wrâld opnij.
Op myn teantsjes sjoch ik oer de râne fan ’e widze.
Dach lyts suske/broerke, ik fyn dy leaf.
Mem hat in baby yn har búk, hat heit sein.
Hoe’t dy dêr kaam is, hat er net útlein.
It duorre sa ûntsettend lang.
Ik tocht: dy hat it seker mis,
mar no kin ik einlings fertelle dat myn broerke berne is.
De grutte freugde
om de lytse dingen,
is it lytse geheim
fan it grutte gelok.
Wês in fikse golle faam,
dy’t ek yn bange oeren,
blierhertich troch in appel byt,
al is ’t dan ek in soeren.
Lâns elts paadsje bloeie blommen
mannichien sjocht se foarby
Ik hoopje datsto de blommen sjochst
dy’t bloeie lâns dyn libbenswei.
Ut ’e skroeven binne wy mei de berte fan …
Do makkest de wrâld
sa ljocht.
Sjochst wol hoe’t
de sinne laket?
Lytse minsken meitsje
grutte minsken ryk!
Op dit lytse albumblêd
wol ‘k allinne skriuwe:
Lit, wat ek feroarje mei,
ús freonskip altyd bliuwe!
Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes”, Ljouwert 1962)
Mem droech my njoggen moanne lang.
Se waard der somtiden nachts wekker fan,
mar no bin ik berne
en kin ik ús heit ek ris jenne.
Hear, wol om him tinke
him jo hoede skinke
set syn libben
yn it ljocht
dat jo antlit oer
him brocht.
Sa fier as de moanne en werom,
sa mâl binne wy mei ús jonkje.
Sa moai
Sa leaf
Sa lyts
Sa fan ús.
Hy weaget 2900 gram of hy weacht 2900 gram.
Jezus seit: Hy wol, dat wy allegear
binn’ in moai lyts kearske
of in ljochte stjer.
En hy wol dat der ljocht jout ta Syn ear,
do en ik net minder
mar altyd mear!
Op ‘e wjukken fan ‘e wyn
stjoere wy dy in trompke,
der sitte de bêste winsken yn
fan muoike en fan omke.
Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
In jonkje
sa lyts, sa nij
ús jonkje
wat binne wy wiis
mei dy.
Dêr wie it dan safier
in lyts popke oer de flier.
Lytse hantsjes, lytse earkes
in lyts kopke mei in minynoas,
dêr’t wy sa wiis mei binne
dat kin dochs net oars!
Dagen ha ik nei de búk sjoen,
bulten aaikes en tútsjes jûn.
Hiel faak ha ik nei dyn hertsje lústere
en wurdsjes nei dy flústere.
Katsje klaut
hûntsje knaut
michje stekt
kopke brekt
gatsjes komme yn ‘e hoas
mar dyn mem docht hiel wat oars!
Mem skriuwt: Berntsje, dit stiet fêst.
hasto soarch of noed of lêst
hâld de koartswyl der mar by
en begjin mar wer opnij,
dan giet alles folle better,
letter.
Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Pakes, beppes, freonen, sibben
yn it widske leit nij libben.
Wy wolle it
fan de dakken roppe:
wy ha in lytse leave poppe!
Do hast twa lytse hantsjes
lit ús hân yn hân rinne
dan liede wy dy rûn oantst seist:
no kin ik it wol allinne.
Ast wolst dat elts dy lije mei,
rin dan net prott’lich oer de wei.
mar ha in blier en fleurich sin,
net ien dy’t dêr tsjin slúmje kin.
Ut langstme en leafde
Berne út ’e memmeskoat
Leit no in lytse poppe yn ús hannen
As wy dy sa sjogge
Bysûnder, lyts en tear
Kinne wy allinnich noch flústerje:
Tankjewol Hear
It libben leit noch foar dy iepen
gjin noeden ha dy noch bedoarn
earst giet dyn paad oer maitiidsblommen
dan komt al gau de simmer oan
der kinne dan al wolkjes komme
mar och, de kimen bin’ noch klear
de wrâld dy leit noch foar dy iepen
geneugten bin der kear op kear
mar as de hjerst komt yn it libben
dan is it moaiste al foarby
as tsjustere skaden elkoar jeie
dan wurdt it winter ek foar dy
skier en swart bin no de loften
it sintsje is faak net mear te sjen
maitiid-simmer-hjerst en winter
is ’t libben fan elk minskebern!
Foar dy set ik myn masker ôf,
’k jou my mei leafde bleat
Om’t it by dy sa eigen is,
bin ik dêrta yn steat
In oar hoecht net te witten
hoe ûnwis oft ik wêze kin
Hoe kwetsber en ûnseker
oft ik somtiden bin
Myn sterkte en myn swakte,
do krigest se alle twa
Ik wol se mei dy diele,
mei ik dan dines ha
Gjin leagen dy’t beskerming biedt
by minsken lykas dy
Myn masker hasto nearne sjoen,
do sjochst allinne… my!
Oerset troch K. Kingma-Noordenbos
Dichter ûnbekend
Myn suske yn ’e widze
einlings is it safier.
Wat bisto bysûnder
en wat bin ik bliid .
Aanst sil ik dy ferskes leare
en boartsje mei dy oer de flier.
No earst mar lekker koese,
want dat is noch net safier.
Ut Gods hannen
krigen we dy.
Wolkom (namme)
do hearst derby.
Strielje as kleare sinneskyn
mei dyn bliere eachjes it libben yn
Bring freonskip, leafde en nocht
dat elk bliid wurdt dy’t dy sjocht
Leaf
Bysûnder
Geweldich
In wûnder!
De sinne sil net altyd skine,
en donkere wolken geane foarby.
Mar silst dan de wei ek fine,
nei ien dy’t heger stiet as wy.
Gean mei al dyn leed en soargen,
nei de Grutte Skepper ta,
Hy sil altyd oer dy weidsje
hokfoar soargen ast ek hast.
Kom mar gauris efkes sjen.
Dan nimme wy der ien op.
Strui mei mylde hân,
blommen op dyn wei,
Meitsje elkenien ljocht
en bliid de dei,
Wat it lot dy dan bringt,
wat it libben dy dan skinkt,
oeral fynst dan grif myn bern,
Goe’freonen dat silst sjen.
Sjoch myn leave pop,
de datum stiet derop!
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Mocht dy juster wat mislearje,
hjoed net kremmenearje.
Moarn gewoan wer op ‘e nij probearje!
Wês as in lamke dat boartet,
en springt yn it sinneljocht.
Mar wol by de Heare bliuwe
Hy hat dy al jong socht.
Lit Hy dyn Hoeder wêze,
en hear mar nei Syn stim.
Dan silsto net ferdwale
Hy ropt… dus folgje Him.
Oan ‘e kant fan ’t stille wetter
bloeit in lytse blauwe blom.
Noait fynt er syn plakje better,
want it is dêr stil en rom.
Moedich tilt er ’t teare kopke
moarns út ‘e ûnderwâl omheech.
En lûkt it sintsje nei it Westen,
bûcht er stadich wer omleech.
Sa yn ‘e ûnderwâl beskûle,
is der nimmen dy’t him let.
Dochs wit eltsenien syn namme
en dy is: FERJIT MY NET!
W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes”, Ljouwert 1962)
Ik winskje dy in fleurich sin
dyn hiele libben lang
dat makket alles licht
en dat is fan belang.
Al falt it libben soms wat swier,
en is it faak in toer,
in famke fleurich, gol en blier
mei eltsenien wol oer.
Fanke, in feintsje nei it sin
In ponge fol jild net te min
In kelder fol jirpels
In skoarstien fol spek
Dat winskje dy ta
Dan haste neat gjin brek
Earlik, gol en fleurich,
mei in hiel best sin.
Gean sa troch it libben
ik tink grif dat it kin.
En as it alris tsjin rint,
tink dan by dysels:
Wat my hjoed net slagget,
giet faaks moarn fansels.
Op in tûkje siet in spoekje
en dat spoekje hie in pinne,
soe dat spoekje skriuwe kinne?
Spoekje komris tichterby
meitsje ris in fers foar my?
Hip! Dêr siet it op dit boek.
En wat skreau dat lytse spoek
mei har lytse, lytse pintsje?
“Anne Berber is myn freondintsje.”
En ik ha derûnder set:
“Leave Berber, ferjit my net.”
Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Ha sinne yn ’t herte
al is noedlik de tiid
Al is de himel fol wolken
en de ierde fol striid.
Ha in liet op ‘e lippen,
in fleurich sang.
Al makket it deistige libben dy bang.
Ha in wurd ek foar oaren
yn soarch en yn noed.
En sis har, hoest it sels hast
sa’n wille en sa’n moed.
Ha in liet op ‘e lippen
dan komme wat mei.
Ha sinne yn ’t herte
en bliid is de dei.
Do krijst fan my in hoed.
(It is in nuverenien, sa’n huodsje hat gjinien).
Wat tinksto sit deryn?
In gleske reade wyn?
In apel of in parke?
In biezem of in harke?
In sankje foar in sint,
in roltje pepermint?
In moaie reade roas?
Ei nee ju. Hiel wat oars,
en goed foar alle minsken
In protte goede winsken!
Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
Libben út ús libben
Lyts en hiel bysûnder
Wy jouwe dy in namme
Mar einliks hjitsto wûnder
Nij libben yn ús earms,
sa tear en o sa unyk.
Troch Him oan ús tabetroud
wat fiele wy ús ryk.
It libben is moai,
mar ek kwetsber fanôf it begjin.
Wy sille der foar dy wêze,
wolkom yn ús gesin.
Nij libben yn ús earms,
sa tear en o sa unyk.
Op ’e nij ferwûndere.
wat fiele wy ús ryk.
It libben is moai,
mar ek kwetsber sûnt it begjin.
Wy sille der foar dy wêze,
wolkom yn ús gesin.
It reint sinnestrielen
yn dizze maitiid,
en do bist dêr ien fan…
Blier fan herte,
leaf foar eltsenien;
Dat hat noch nea
in minske misstien!
Gean sa troch it libben,
dan fynst op dyn wei
Grif fleur en wille:
hast eltse dei!
Lok fynst yn it earste glimke
fan dyn bern.
Lok fynst yn ‘e freegjende eagen
dy’t nei dy opsjogge.
Lok fynst yn it hantsje dat yn
dines leit.
Lok fynst yn dat iene wurd
dat krekt alles seit.
Tankber sizze wy dyn namme,
swijend foar de heimenis.
Op ’e nij meie wy belibje
it geheim dat libben is.
In nij libben
in grut wûnder
út leafde berne
oan ús tabetroud.
De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twivelje gjin tel!
Sa trou as in hûntsje.
Sa sêft as poes Bûntsje.
Sa tink ik oan dy.
Doch do it oan my.
Troch Marijke Haaima-Hoekstra
(Ut: “Ta in oantinken fan” Ljouwert, 1981)
Sa lyts en sûn
troch de Skepper
oan ús jûn.
Hâld it yn Jo hân, o Hear,
lit it libje ta Jo ear.
Giet it op ús draaiend wrâldsje
altyd wol net foar de wyn.
Dochs ik winskje dy it bêste
dat der yn dyn takomst rêste.
folle fleur en sinneskyn!
In tútsje hjir en wêr noch mear?
Op dyn wang, yn dyn nekke
en ek op dyn ear!
Nee wacht, ik bin noch lang net klear,
op dyn noaske ek noch in pear!
Hjir binne hast gjin wurden foar.
Hjir kinst allinnich mar
stil nei sjen.
Dit is sa leaf en tear,
sa hiel bysûnder;
dit is in wûnder!
Mei dy, leaf famke,
lyts en sûn
is foar ús
in nij aventoer begûn.
Wy sizze wol
tûzen kear opnij
wat binne wy
dochs wiis mei dy!
Lyts trappeljend libben
In prachtich minskje, fonkelnij
Ademloas, nijsgjirrich
Ferwolkomje wy dy
In Godswûnder bliuwt it sûnder mear.
In lyts jonkje/famke dizze kear.
Dat har libben wêze mei as de sinne,
mei waarmte, lok en leafde om har hinne.
In blomke en in tûkje
plak ik yn dyn boekje
en winskje derby:
Libje lokkich en blij!
Troch E.S. de Jong
(Ut: “Foar fleurige famkes” Wolvegea 1964)
Wol it goede goed wolle
en doch it mei moed.
Foar heal wurk binne holle
en hannen te goed!
Hoe wiis at wy mei dy binne
is yn wurden hast net út te lizzen,
mar wy hoopje it dy
troch de jierren hinne
mei leafde te sizzen.
In tútsje op dyn wang,
wy hâlde fan dy ús libben lang.
Wolkom berntsje op ’e wrâld
wolkom, kom derby,
want op dizze grutte ierde
is ek plak foar dy.
Doch alles sa by ljochtskyndei
dat elts it sjen en witte mei.
Dan hoechst dy foar net ien te mijen
en mei gjin minske spul te krijen.
Wês altyd wier, gean rjocht troch see:
dyn ja is ja, dyn nee is nee.
Wolkom leaf lyts mantsje/famke.
Kom mar gau by heit en mem.
Wy binne nei al dat lange wachtsjen,
tige bliid om dy te sjen!
Ik winskje dy op dit papier
yn hiel dyn libben in bulte fertier.
Dat alle jierren, dei oan dei.
“t fortún dy tige tsjinje mei.
Mar lykwols, is “t soms al ris mis.
Lit net te gau de moed dan sinke .
Wol net te gau dan “t slimste tinke.
Nee, bliuw dêrom mar moedich stean”
Wol dochs, as “t kin, mar fierder gean.
Tink, nei in tiid fan rein en wyn,
komt ien kear grif wer sinneskyn.
Folle lok en folle leafde
winskje ik dy hjirby ta!
Wol it goed altyd stypje,
soest dat kinne? Ik tink fan ja!
Rjocht en slocht en frank en frij
dat bern, winskje ‘k graach foar dy.
Stil wêze en belibje
in minske
in bern
in nij libben
dierber en sa bysûnder
in grut godswûnder
As leafde
libben wurdt,
kriget lok
in namme.
(Dieuwke) leaf bern,
wat de minsken fan dy sizze
dêr hoechsto neat om te jaan.
Moatst dysels de plicht oplizze:
Ik wol altyd it goede dwaan.
Yn mem har búk wie it waarm en sacht.
Lei ik te skoppen dei en nacht.
Mar no lit ik my hearre,
en sil ik heit syn dreamen ris bedjerre.
Dyn heldere eachjes
sjogge ús oan,
do bist sa moai,
sa leaf en ûnbedoarn.
De Skepper
tankje wy oprjocht
dat er ús op ’e nij
sa ryk betocht.
Hoe lyts oft ik ek bin,
ûnskuldich en ûnbedoarn,
mei … as grutte broer/sus,
doar ik it libben wol oan.
Sa moai
sa leaf
sa fan ús
sa hielendal do
No’tsto der bist
is alles oars
en dochs presys sa
as it heart
Ofgryslik bliid binne wy mei dy!
Do bist do
mei-inoar = wy
wolkom yn ús gesintsje
in leafde derby!
Bliuw altyd gol en blier.
Al liket soms
ús libben swier.
Kinst jimmer hjir op oan;
Jezus helpt ek dy
elke dei wer op ‘e nij.
Wat sil beppe no ris skriuwe
yn dit albumke fan dy?
‘Silst in aardich famke bliuwe’
of: ‘Do bist in pop fan my?’
Wize wurden? Goede rie?
Hoe’t sy sels de dingen die?
Nee, mar net. My tinkt, dat ’s better,
do moatst alles sels dwaan, letter.
Hâld it holtsje der mar by,
dan komt it wol goed mei dy!
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Nij libben
noch finzen
yn lytse lûden
mar fannijs
belibje wy
it wûnder
Do makkest de wrâld
sa ljocht.
Sjochst wol hoe’t
de sinne laket?
Der sille hannen wêze
dy’t dy drage
en earms dêrst feilich yn bist.
En minsken dy’t
sûnder te freegjen
sizze datst wolkom bist.
In wûnder bliuwt it sûnder mear
in lyts sûn famke, ek dizze kear
Se sil heit en mem de hannen bine
Dy kinne har dêr wol yn fine
Mar it moaiste is foar my
ik ha der in boarterskammeraatske by!
Wy binne twa freondinnen
En wy sjonge
Wy dogge tegearre o sa’n soad
Wy binne twillingen
Wy boartsje
Wy diele
Sy fynt my leaf
En ik fyn har leaf
Nienke Jagersma
Safolle blommen simmers blierje
Safolle snie min winters sjocht.
Safolle fisken as er tierje
yn `t wiet en fûgels yn è loft.
Safolle wiere nocht en wille
moast do hjir yn dit libben ha.
En dat dyn skouders flink dat tille
winskje ik dy yn dit ferske ta.
In ferske út in Poezyalbum fan
6 Juli 1947, in album ynbûn
yn oarlochspapier.
No’tsto berne bist
kinne wy mar net ophâlde
fan dy te hâlden.
Do hast twa lytse hantsjes
lit ús neist dy rinne
dan liede wy dy rûn oantst seist:
no kin ik it wol allinne.
Rom bom rommele bom
Tryntsje wurdt skielk in tamboer
Dan rint se by de muzyk foaroan.
wat heart dat wûnderskoan.
Sa wiis, sa bliid, sa mâl mei dy!
Dit libben
sa pril.
Dit berntsje
sa wolkom.
Hiel unyk,
hiel bysûnder.
Us lyts leaf famke/jonkje,
God, wat in wûnder.
Katsje klaut
hûntsje knaut
michje stekt
kopke brekt
gatsjes komme yn ‘e hoas
mar dyn mem docht hiel wat oars!
Mem skriuwt: Berntsje, dit stiet fêst,
hasto soarch of noed of lêst
hâld de koartswyl der mar by
en begjin mar wer opnij,
dan giet alles folle better,
letter.
Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)
De earste al op in bernefyts,
al is ’t noch in lyts mantsje
en hjir leit wér, dochs o sa lyts,
de twadde yn ’t ledikantsje.
Oan ’e kant
oan ’e kant
ik wol der ek graach by!
Hallo – hallo
hjir bin ik dan!
Wat fynst fan my?
Earlik troch it libben gean
Mei in fleurich sin;
Leare flitich en mei nocht;
helpe wer’t dat kin.
Altyd goed om sizzen jaan,
Mem graach helpe wolIe.
Net mei oaren kreauwe of dwaan,
Neat is dy tefolle.
Famke, hâld dy dêr mar by,
Dan komt it grif wol goed mei dy!
Tiny Mulder
(Ut:”It boek foar de Fryske bern”, Drachten 1954)
Ik hearde dat der in famke wie
dat in hiel moai album hie.
Albumke mei praatsjes,
albumke mei plaatsjes
read en blau en giel en grien,
kin ik der noch by miskien,
yn dit moaie ferskesboek?
Tútsje en in oaljekoek!
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
Leaf
Bysûnder
Geweldich
In wûnder!
Us leafde
libbet
yn dy.
Libje
dyn libben
yn leafde
eltse dei
op ’e nij.
Mem droech my njoggen moanne lang.
Se waard der somtiden nachts wekker fan.
mar no bin ik berne
en kin ik ús heit ek ris jenne
Njoggen moanne ien
no ús leave poppe
omearme yn leafde.
Dyn hantsje yn dat fan my
sa gean wy hân yn hân.
Myn grutte hân, dyn lytse,
in izersterkebân.
En op in dei, in ein foarút,
sjocht de wrâld der foar ús beide itselde út.
Berte,
it makket waarm,
it makket kâld,
it rekket jong,
it rekket âld,
it bliuwt in wûnder
yn’e wrâld.
Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
ús eigen lytse …
einlings kaamst foar ’t ljocht!
Untaastber
mar wy fiele it hân yn hân.
Unsichtber,
mar wy sjogge it each yn each:
leafde.
– Folkert Verbeek
Ik winskje dy fan herte ta,
mei op ’e wrâld rjocht wille ha.
En giet it soms net foar de wyn,
tink dan: nei rein komt sinneskyn!
Do bist in maitiidswûnder,
in blomke fan fluwiel.
Wy binne sa wiis mei dy,
do bist ús sinnestriel.
Leafde
Leafde is sterk,
Hja kin wûnders dwaan.
Libbens feroarje,
Lêsten fersêftsje,
It fynt har freugde
Troch freugde te jaan.
It jout ynhâld en glâns,
Oan it libben.
Lok fynst yn it hantsje
dat yn dines leit.
Wat is in foarjier sûnder libben.
Wat is in simmer sûnder sinne.
Wat is leafde sûnder jaan.
Wat is der wol, as it nea begûn.
Wat is in himel sûnder blau.
Wat is de wrâld sûnder dy.
Dêrom tink altyd oan my…
Bliuw ienfâldich en oprjocht
ha mar folle wille
dan silst, wer ast ek hinne fljochst
neare swier oer tille
Want in fleurich blier gemoed,
is foar alle dingen goed!
Tsjerke heart by toer
De pleats heart by de boer
De slachter hat in slachterij
De bakker bakt der broadsjes by
Bôle heart by sjem
En …… heart by mem
Ast aanst fertriet hast,
sil ik dy treaste.
As se dy letter pleagje,
sil ik foar dy fjochtsje.
Mar no bin ik gewoan bliid
mei dy as suske/broerke.
It sintsje boartet troch it blêd,
en pattet flinter, brims en blom,
En wurdt it boartlich spul net sêd?
Krûpt no ris wei, komt dan werom.
O, datsto op dyn libbenswei,
sa dwaan kinst, as it sintsje docht.
En fleur bringst, rûnom dei oan dei,
oan mannichien mei folle nocht.
Wolle jim in slokje helje?
Nim de tillefoan en belje.
“Mau!”sei de mûs,
“Boe!”sei de hûn,
“Piip!”sei de kat.
Wat nuver spul is dat!
Hoe soe dat no komme kinne
dat dy bisten har fersinne?
No, mar ik fersin my net
as ik yn dyn album set:
Rein of wyn of sinneskyn,
hâld de moed der dochs mar yn!
In nij libben, in nije wrâld
wy hawwe in lytse poppe!
It is efkes wennen
mei sa’n lytse leave sprút,
mar … wol elkenien graach moetsje
dus nûgje wy jim foar in poppeslok út.
Dach leave lytse poppe
wiest dêr al?
Wat hawwe wy in skoft
op dy wachtte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke.
Dit gefoel
is fierstente grut
foar it aldermoaiste
wurd!
De wrâld sil fan dy genietsje,
want wêrsto ek giest,
do bringst it libben freugde,
omdatsto in sintsje bist.
Elkenien mei it hearre
want ien ding is wis:
dat myn lytse suske
presys op har jierdei berne is!
Leaf lyts berntsje,
tear en bysûnder,
troch God oan ús tabetroud,
dit grutte wûnder.
Sjong mar ta
en dûnsje bliid!
God hâldt fan dy!
Om’t mem en dochter/soan bytiden oan it slûgjen binne,
efkes skilje foar in poppeslok, om harren net mis te rinnen.
Wy hawwe nei dy útsjoen,
fol ferwachting
en mei leafde
en no’t wy dy
yn ús earmen hâlde
sjogge wy,
mei lok yn ús hert,
nei in geskink fan ’e Skepper.
Sa as de blom de sinne lûkt
de fisk yn ’t kleare wetter dûkt
de ljurk de blauwe loft yn kliuwt
de wite wolk omhegen driuwt
dat sa dyn herte, from en frij
Gods hillige wegen sykje mei!
Do bist sa lyts en leaf
wy fine dy in wûnder,
no’tsto sa ticht by ús bist
wurdt alles hiel bysûnder.
Dêr wie it dan safier
in lyts popke oer de flier.
Lytse hantsjes, lytse earkes
in lyts kopke mei in miny noas,
dêr’t wy sa wiis mei binne
dat kin dochs net oars!
Mei in blier herte,
kin men it libben oan.
Do bist in maitiidswûnder,
in blomke fan fluwiel.
Wy binne sa wiis mei dy,
do bist ús sinnestriel.
Do hast it libben no noch foar dy,
en witst net wat it bringe sil;
dat is ek goed – mar watsto hân hast
yn ’t berteplak sa lyts en stil.
Wêr Mem dy yn‘e ruften wuolle
en Heit dy op‘e knibbel ried.
Wêrst opwoechst en as minske foarme
gjin soargen hiest, gjin grut fertriet.
Dat is dy net mear te ûntnimmen.
Ferjit dy tiid foar ivich net.
Dat wie de grûnslach foar dyn takomst,
op libbensskaekboerd de earste set.
En bisto ienkear âld, fertel dan
dyn bernsbern faaks, helje dan op
dy ûnbesoarge bernejierren,
fêr tusken Itens en de Bargekop.
Omke Klaas Hofstra
29-08-1948
Twa eachjes dy’t twinkelje,
twa wankjes fan fluwiel.
Wy binne sa wiis mei dy,
do bist ús sinnestriel.
Berte is as dize yn ‘e iere moarn,
hoeden siket it in wei.
Ynienen brekt de sinne troch
en begjint in nije dei.
dit libben sa pril
in famke, sa leaf
tear en bysûnder
wat in wûnder!
Dyn lytse libben,
ús grutte lok!
In libben…
is as de dize yn ’e iere moarn
Hoeden siket it in wei
Ynienen brekt de sinne troch
en begjint in nije dei.
Ferwûndering
Op ’e nij
wer bysûnder
net út te lizzen
dizze rykdom
Do joust
mei bliere eachjes
ús leafde in gesicht
Twirje dyn ljocht
kleurje suver
as in blom
mei folle nocht
it libben ta
Freondin
Akkelyn
Akkelyn
Do bist in knyn
En
Bist altyd
By my
Do bist de leafste freondin
Dewi van der Hoek
Winner gedichtewedstriid 2008
In wûnder yn ’e widze
Te moai om wier te wêzen,
Lekkentsjes mei kant,
Reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús eagen út
Wol tûzen kear opnij.
Do bist ús eigen berntsje
Wat binne wy wiis mei dy
Twa lytse fuotsjes
dy fuotballen omraak.
Twa lytse hantsjes
dy klapten withoefaak.
Wat wiest in droktemakker
dyn mem dy waard hast sljocht,
ús eigen lytse …
einlings kaamst foar ’t ljocht!
In nij libben
in lyts wûnder.
It klinkt sa gewoan
mar foar ús hiel bysûnder.
3 lytse knapen dy’t allegear de oandacht wolle fan heit en mem
3 lytse knapen dy’t alles fanelkoar ôfpakke wolle
3 lytse knapen hast allegear tagelyk yn de pjuttepuberfaze
3 jonge knapen dy’t moai meielkoar boartsje kinne
3 jonge knapen dy’t meielkoar harren grinzen lûke kinne
3 jonge knapen dy’t witte wat leafde, lok en sûnens betsjut
3 grutte knapen dy’t meielkoar in suske krigen ha, en har dat allegear leare wolle
Dit gefoel
is fierstente grut
foar it aldermoaiste
wurd!
Leaf lyts berntsje
kostberder as goud,
sa wolkom yn ús midden
troch de Hear oan ús tabetroud
De sinne hat der in sinnestrieltsje by,
wat binne wy dochs wiis mei dy!
Lit dyn libben wêze
lykas de sinne,
mei leafde, lok en
waarmte om dy hinne!
De útnûging foar it kreamfeest folget ynkoarten.
Want wy fiere hjoed de leafde,
en de leafde dat bisto…
Do hast twa lytse hantsjes
lit ús hân yn hân rinne
dan liede wy dy rûn oantst seist:
no kin ik it wol allinne.
De blomkes yn ‘e greiden,
it jongfee yn’e finne,
de fûgels yn’e blauwe loft
sykje allegear de sinne.
Mirjam ik winskje dy
op dyn libbenspaad
net folle skaad,
mar tige folle sinne.
Tige bliid binne wy mei de berte fan ús jonkje/famke …
Wolle jim ús mei wat ferrasse,
lit it dan yn in slúfke passe.
Lytse hantsjes, lytse fuotsjes,
in lyts kopke mei in miny noas.
Sa lyts, mar o sa bysûnder,
do makkest alles oars.
Hjoed, moarn en elke dei dêrnei,
fan no ôf is al ús letter mei dy.
Ferwûndere troch dit nije libben
lykas in blom, sa fyn en tear
kinne wy alinnich noch mar sizze
oan Jo is al ús tank, o Hear.
Gjin roazen sûnder stikels
Gjin ljocht sûnder skaad
Nea inkeld wille, nocht
op it libbenspaad
Dêrom,… ljea
foar dy dizze bea
Hâld in tankber hert
yn bliidskip en yn smert.
Leaf lyts famke / jonkje,
sa eigen en unyk.
Wy binne sa bliid mei dy,
wat makkesto ús ryk!
Ik wenje net yn in kastiel
yn in gouden mearkestêd.
Ik haw gjin jurken fan flewiel
en ek gjin himelbêd.
Myn fyts is skurf,
myn klean net sjyk,
yn myn beurs sitte gjin sintsjes…
Dochs fiel ik my geweldich ryk
want wy binne freondintsjes!
Troch Lida Dykstra
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert, 2004)
Sa fier as de moanne en werom,
sa mâl binne wy mei ús famke.
Net foar te stellen
sa bysûnder
Nea fanselssprekkend
foar ús in wûnder
As in jonge protter
sjongsto dyn liet
fan fier fuort
Hoeden
sikesto dyn wei
ûnder de pannen
fan ús dak
In nije melodije
follet it hûs
Ja, flippe, flappe, flop,
it pintsje skriuwt it op.
Dat ha ik efkes liend,
no ’k delset wat ik mien.
Dat ik hjir myn namme set,
fyn ’k moai, ferjit my net!
Lytse Janny, folgje Jezus.
Nimmen is sa goed as Hy.
Hear, Syn stim ropt allegearre:
“Lytse berntsjes, kom ta My!”
Jimmer sil Hy dy beweitsje
as in Hoeder, trou en goê,
en Hy sil nei hûs tabringe
’t skiepke dat ferdwale soe.
Eachjes om te sjen,
in mûltsje om te roppen,
hantsjes om te gripen,
fuotsjes om te skoppen,
earkes om te hearren,
te hearren nei Syn stim.
Lyts berntsje, grut wûnder
ús skonken troch Him.
In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
in toefke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.
In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan flewiel
Wolkom leaf lyts mantsje/famke.
Kom mar gau by heit en mem.
Wy binne nei al dat lange wachtsjen,
tige bliid om dy te sjen!
Hoe wiis at wy mei dy binne
is yn wurden hast net út te lizzen,
mar wy hoopje it dy
troch de jierren,
mei leafde te sizzen.
Heit en mem sá grutsk en bliid,
in grutte sus dy’t fan dy hâldt.
Do bringst ús lok yn mearfâld!
Libje fleurich mei ferstân.
yn ús âlde Fryske ierdelân.
Hâld dy oan ús Fryske aard,
yn dyn wêzen, yn dyn praat.
Sljocht en rjocht en froed fan sin.
Sûn en rûn sa goed as ‘t kin.
Sykje it sinneljocht, oaral dêrst giest,
bliuw ienfâldich, dêrst ek mar stiest.
Hâld fan ‘e natoer, mei al wat dêr libbet.
Wês immen, dy’t nei it goede stribbet.
Ha foar elkenien in leafdefol hert,
bring treast en help foar minsken yn smert.
Stypje dêrst kinste; net bang foar wat wurk,
stean altyd yn’t libben: moedich en sterk.
Twa hantsjes en twa fuortsjes,
sa lyts en sa bysûnder.
Op ‘e nij meie wy belibje
wer sa’n unyk wûnder.
Berne op 30 novimber om 08:15 oere.
Oan ’e kant
oan ’e kant
ik wol der ek graach by!
Hallo – hallo
hjir bin ik dan!
Wat fynst fan my?
In geskink út Syn hân
oan ús tabetroud.
Wy hoopje dy leafde,
betrouwen en in thús te jaan.
Ut twa herten
ien leafde
ús leafde
Ut ús leafde
in twadde libben
dyn libben
Us leafde libbet yn dy
Skiep en baarch en boarre en bok:
‘k Winskje dy in protte gelok.
Sûkerpotsje, kop en pantsje:
‘k Winskje dy in aardich mantsje.
Earm en skonk en hân en foet:
‘k Winskje dy in poarsje moed.
Tiger, liuw en foks en bear:
Sa. No is myn ferske klear.
Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)
As de kleare simmersinne
oeral smûke waarmte jout
libje der dan net loaikjend hinne
om’t wy net ferwachtsje kinne
dat it altyd simmer bliuwt.
Leaf lyts famke / jonkje,
sa eigen en unyk.
Wy binne sa bliid mei dy,
wat makkesto ús ryk!
Alhiel oeral litte wy jimme witte dat yn ús widske fan reid op ’e nij in lyts wûnderke leit …
Gjin sinnestriel is moaier,
as it wûnder fan in bern.
De wrâld is gut, de see is wiid,
en rûnom wenje minsken.
Datst earne in gaadlik plakje fynst,
is d’ earste fan myn winsken.
De blommen bloeie yn elk lân,
en oeral skynt de sinne.
Datst dêr dyn part fan krije meist,
soe my ek haagje kinne.
Fan lêst en soargen bliuwst net frij,
fertriet moatst grif ek tille;
mar boppe alles winskje ik dy
in protte libbenswille.
Sa as de sinne
de blommen kleuret,
sa kleurje bern
it libben.
Albumferske foar ús famke:
blommen bloeie en bin moai,
fûgels sjonge en bin bliid,
mar, do bist in minskebern.
As it stoarmet ferwaait de simmerbloei,
as it wintert ferklûmje de fûgels,
mar, do bist in minskebern.
Stean sterk as de stoarmen komme,
kear de winter mei dyn waarmte,
want, do bist in minskebern.
Juster noch yn it
tsjuster
Hjoed yn it
folle ljocht
Minyhantsjes
minyfuotsjes
minymûltsje
minynoas
Grut is ’t lok
in maksywûnder
poppeslokje
tsjoch en proast!
Wy binne tankber en tige wiis mei ús famke.
In leafde foar it libben,
út de krêft fan dy en my.
Ut leafde ûntstien
Mei leafde droegen
Fol leafde ferwachte
Us klaverblêd is rûn.
Hjoed is berne
ús jonkje/famke tige sûn.
Komsto ek gesellich del
op it kreamfeest fan ús lytse pop?
Want ús .. is einlik berne
en dêr drinke wy ien op!
Tige lyts en dochs hiel grut,
sa jong en dochs folslein.
It bliuwt in ivich wûnder,
in wûnder sûnder ein.
Foar besite graach efkes belje/skilje.
Sa as de sinne
de blommen kleuret,
sa kleurje bern
it libben.
Do bist kommen yn ús libben
weve ûnder memmehert.
Wûnderlik ta wêzen wurden,
wy ferstean dit wûnder net.
Hjir binne hast gjin wurden foar.
Hjir kinst allinnich mar
stil nei sjen.
Dit is sa leaf en tear,
sa hiel bysûnder;
dit is in wûnder!
Do bist leaf, seit jim heit
soms
do bist stout, seit jim mem
soms
do wurdst grut, tinke se beide
Grut wurde is moai
grut wurde is fertriet ha
en leaf ha
leare en begeare, nimme en jaan
dyn neiste mear
as dysels
de bêsten en de kweaden
de dommen en gelearden
want allegear hawwe ferlet
fan leafde
fan dyn en myn hert
Oene Spoelstra
(Ut: “De Fryske skriuwerskalinder, 1976)
Libben út ús libben
Lyts en hiel bysûnder
Wy jouwe dy in namme
Mar einliks hjitst do wûnder.
(Marijke), leave, do meist net laitsje,
master kin gjin ferskes meitsje.
Hy sil it lykwols besykje
Bôlekuorke… einepykje…
hopke, hoanne, doke, donge,
harke, hiemhûn, hofkesjonge
hearken, ít wol net út ‘e pinne,
sitte, skrasse, skriuwe, stinne
sûkerslakje… sparrebeantsje…
Datst mar lokkich biste, berntsje!
Tefreden lykje, in skriele gunst
tefreden wêze, in grutte keunst
tefreden wurde, in grut berik
tefreden bliuwe, in masterstik
Mei winskjen om safolle
brekt mannichien de holle
Mar Dieuwke, tink hjir mar om:
net winskje wat men ha kin,
mar tinke wer it mei ta kin
Dan hat men it altyd rom
Do bist sa lyts en leaf
wy fine dy in wûnder,
no’tsto sa ticht by ús bist
wurdt alles hiel bysûnder.
Berte fan it libben,
it begjin,
in barren dat nea
gewoan wurde kin.
In berntsje sa lyts,
sa bysûnder,
wat binne wy tankber
foar dit wûnder.
Hast te lyts om fêst te hâlden, mar te grut foar wurden.
Berne út leafde
kostberder as goud
in leaf lyts famke
oan ús tabetroud.
No’t wy,
mei-inoar
dy wurden binne,
kinne wy allinnich mar tankber wêze
Dit is in dei om te ûnthâlden
in dei dy’t hiel bysûnder is,
dit is in dei om fan te hâlden
om’t dizze dei ús troudei is.
– Gjalt Huizenga
Asto letter grut bist,
en net mear jong mar âld,
dan reitsje in bulte dingen
dy grif út it ûnthâld.
Mar de nammen yn dit boek,
bliuwe licht dy lang wol by.
Sis asto letter nochris bledderst,
tink dan ek nochris oan my.
Leafde is elkoar fertrouwe,
tegearre in libben opbouwe.
Tegearre, hân yn hân,
troch it ûnbekende lân.
Soms oer bergen, soms troch dalen*,
mar tegearre sille wy net ferdwale
Wy ha dy leaf, ús hiele libben
’t is folle mear as hâlde fan.
Do makkest de wrâld
sa ljocht.
Sjochst wol hoe’t
de sinne laket?
Der sille hannen wêze
dy’t dy drage
en earms dêrst feilich yn bist.
En minsken dy’t
sûnder te freegjen
sizze datst wolkom bist.
Yn in libben
as man en frou
is leafde sterker as fertriet.
In libben tegeare
is sprekke en swije
in glimke by dat iene liet.
In libben tegeare
is jaan en nimme,
earlikheid en trou.
Hân yn hân, each yn each,
foar ivich
man en frou.
– Dieuwke Posthumus
Ynlik winske,
in nagelnij minske!
Jimme binne fan herte wolkom, mar graach earst efkes belje.
Mei dy om ús hinne,
skynt altyd de sinne!
Njoggen moanne hienen wy de grutste wille
Mar doe koe ús mem ús net mear tille
Fjouwer fuotsjes, fjouwer hantsjes
Wy lizze no yn ús ledikantsjes
It is efkes wennen
mei sa’n lytse leave sprút,
mar … wol elkenien graach moetsje
dus nûgje wy jim foar in poppeslok út.
Op it grutte gele strân fan Skier
kuiere ris in âldwyfke sûnder hier
en se song foar dy dit ferske o sa blier:
Hasto dalik hielendal gjin tosken mear
en dogge alle bonken dy ôfgryslik sear
wês mei dyn boartsjen nea in kear klear!
Doch har ferske djip yn dyn kast
en asto der dan altyd goed op past
dan wurdst do in hele âlde…
(folje sels de namme mar yn)
Troch Albertine Soepboer
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok” Ljouwert, 2004)
Wy binne bliid en wolle it hiel lûd roppe,
want wy hawwe in lytse poppe.
Mar fan allegear bin ik it measte op’t skik
want syn grutte broer, dat bin ik!
Lyk as in blom nei in dize,
har blêdsjes iepen docht;
en glimkjend op har eigen wize,
bliid nei de sinne sjocht.
Sa moatte wy by wat ús treft,
nei boppe sjen, nei God.
Hy jout ús hieltyd nije krêft,
en hy bestjoerd ús lot.
Ta nij libben útgroeid
út leafde foar elkoar
Do lytse blom
noch yn ’e knop
Mar yn dy lizze besletten
de aldermoaiste kleuren
Want bewoartele bisto yn Gods tún
en meist troch ús leafde en soarch
iepengean en bloeie
en strielje fan gelok
Op myn teantsjes sjoch ik oer de râne fan ’e widze.
Dach lyts suske, ik fyn dy leaf.
As in pearel yn Gods hân,
rykt hy ús dit berntsje oan.
Kostber libben troch Him boud,
oan ús soargen tabetroud.
Al ús letter,
is mei dy.
Berte,
it makket waarm,
it makket kâld,
it rekket jong,
it rekket âld,
it bliuwt in wûnder
yn’e wrâld.
Ik stjoer gjin sms-ke,
mar skriuw foar dy in ferske
en plak der in plaatsje by,
leaf moai famke, ik hâld fan dy.
Faak joegen wy mem har búk in tút,
en fregen: wannear komst der ris út?
No is ’t einlings safier,
meist mei ús boartsje, echt wier!
Wy hawwe der in broerke by,
en binne allegearre wakker wiis mei dy!
As it sintsje
yn de iere moarn
laket it libben dy oan.
Yn mem har búk wie it waarm en sacht.
Dêr lei ik te trappeljen, dei en nacht.
Heit hie fan my oant no ta gjin lêst,
Mar no is ’t ek dien mei heit syn rêst!
Leaf lyts famke/jonkje,
sa eigen en unyk
wy binn’ sa bliid mei dy
wat makkesto ús ryk.
Leaf lyts famke/jonkje
do hearst by ús
fiel dy mar feilich
dit is dyn thús.
Famke, ik winskje dy
folle sinne en seine
mar do silst yn’t koart wol sjen
it wol ek wolris reine
wês dan fol fan goede moed
faaks docht san buike goed.
Troch W. Dykstra-Talsma
(Ut: “Albumferskes” Ljouwert, 1962)
Do stiest no noch foar it libben,
’t is alles noch sa moai.
In jeugd fol fleur en sinne,
in wrâld fol blommetoai.
Ik ried dy oan myn famke
nim goed dyn jonkheid mei,
want neat giet yn it libben
sa bjuster gau foarby.
Mar wêrst ek letter swalkest
of wêrt dyn fuotten gean,
dyn âldershûs, dyn thús
sil jimmer iepen stean!
Thys woudstra.
15-11-’61
Wês gol en ienfâldich
doch altyd dyn bêst.
Wês troch dyn dieden
nimmen te lêst.
Oprjochtens en súv’rens
faaks net sa te sjen.
Bin’ dingen yn’t libben
fan wearde myn bern.
Safolle leafde yn dit wûnder,
safolle lok troch Him oan ús jûn.
Safolle blydskip om in berntsje sa lyts
safolle moais om tankber foar te wêzen.
Blom fan it Easten
Moai en spesjaal
Dyn namme in gedicht
Dyn komst in ferhaal
De ien hie in famke tocht
in oar sei
der wurdt in jonkje brocht
gjinien kin it
fan tefoaren witte,
mar ik bin in famke
en sil hjitte..
Lyts en suver
in libben nij.
God joech ús in wûnder,
God joech ús dy.
Minskebern, sa lyts, sa tear,
’k lis in tekken om dy hinne,
like waarm as in sinne.
As dyn Hoeder silst My kenne
’k hâld dy fêst, kear op kear.
In wûnder yn ’e widze
Te moai om wier te wêzen,
Lekkentsjes mei kant,
Reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús eagen út
Wol tûzen kear opnij.
Do bist ús eigen berntsje
Wat binne wy wiis mei dy
Hast te lyts om fêst te hâlden
mar te grut foar wurden.
Yn de widze leit
in berntsje
Heit stiet der grutsk
en glimkjend by
Mem sjocht der bliid
en ferbjustere nei
Wat binne wy wiis
mei dy
In pear eachjes sjogge dy oan
In pear hantsjes gripe nei dyn hân
In leaf lyts famke kostberder as goud
In twadde berntsje oan ús tabetroud
Hjir ha wy lang op wachte
einlings is it dan safier.
It lytse wûnder yn it widske
Juster noch yn it
tsjuster
Hjoed yn it
folle ljocht
De sinne hat der in sinnestrieltsje by,
wat binne wy dochs wiis mei dy!
Dit album dat is mines,
ús mem hat it my jûn.
Ik hjit Patrea Woudstra
waard berne op Fryske grûn.
Ik kaam 27 oktober
yn ’52 op ‘e wrâld.
Dit album wol ‘k bewarje
al wurd ik noch sa âld!
Troch: Thys Woudstra
Op ’e nij in grut wûnder
in twadden (tredden, fjirden) derby.
Op ’e nij dit moaie gefoel
wat binne wy bliid mei dy.
Gean ’t libben net allinne,
te swier is dy dyn lêst.
Wol ’t paad mei Jezus rinne
hy biedt dy treast en rêst.
Der bin safolle noeden,
en triennen en fertriet.
Mar ûnder Jezus hoede,
sjongsto in liet.
In lyts wyfke!
Sûn en wol.
Wy boarten faak as famkes,
freonskiplik dei oan dei,
ik hoopje dat dy freonskip
noch jierren duorje mei.
En sjochst yn stille oeren,
dyn album dan ris nei,
dan tinkste, (Trynke)…
dêr boarte ik faak mei!
Yn ’t hastige libben fljocht de tiid
Mei kûgelsfeart foarby
En ûngemurken skrept men sa
Oan alle moais foarby
Besit dat bringt ús it lok net oan
Sa’t men faak hearre kin
Mar dêr hat nimmen hâldfêst oan
De earmoed bringt it likemin
Mar wa’t hjir op syn libbenswei
It each op ’t eigen hâldt
En dêryn ’t moaie en skjintme fynt
Bliuwt jong en wurdt nea âld
– Hoatse de Jong
Ha sinne yn it libben,
in gouden hert.
Wês altyd fleurich,
ferjit my net.
PANKOEK ite dat is lekker
en je wurd’ sa fol en sêd.
Elke moarn dan wurd ik wekker,
oars lei ‘k no grif noch op bêd.
Yn in oar syn album skriuwe
doch ik mei in soad plezier.
Koe it altyd mar sa bliuwe,
wat wie dan it libben blier.
Troch Jurjen van der Meer
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok” Ljouwert, 2004)
Ploaits blommen yn ’t libben,
meitsje wille dei oan dei.
Stap oer de stikels hinne,
dy’t steane oan dyn wei.
Yn elke earm in bern
4 hantsjes – 4 fuotsjes
alles derop en deroan!
Dit is in mirakel,
dit is net gewoan!
De iene sei: ús poppe wurdt in jonkje
De oare sei: in famke dat is wis
De iene sei: hy liket grif op pake
De oare sei: op beppe, sûnder mis
De iene sei: wat sil er wille meitsje
De oare sei: se dûnset as in swel
De iene sei: ús bern dat wurdt in wûnder
De oare sei: ik twivelje gjin tel!
Nij libben
noch finzen
yn lytse lûden
mar fannijs
belibje wy
it wûnder
Net foar te stellen
sa bysûnder
Nea fanselssprekkend
foar ús in wûnder
Libje lang en libje sûn.
Yt jo dik, jit tsjok en rûn.
Ha in tige fleurich sin
en ek noait gjin jild te min.
Hjoed is de dei
Hjoed is de dei
Want hjoed is de dei
Dy komt mar ien kear
Moarn dan is it hjoed al net mear
Net seure, ha wille
Yn ’t libben dat mei
Mar doch it wol hjoed
Want hjoed is de dei
– Toon Hermans
Do bist noch nij op ierde
do bist hjir noch mar krekt
en no hast fan dy ierde
al in stikje yn ’e sinne set.
Tankber sizze wy dyn namme,
swijend foar de heimenis.
Op ’e nij meie wy belibje
it geheim dat libben is.
hjir is in ferske foar myn famke,
do bist no hast … jier.
Soms sa dartel as in lamke,
en altiid like bliid.
Skylk ast do grut bist,
en it altiid net goed wist.
Doch dan wat dyn hert dy ynjout,
dan is it ek nea fout.
Om stil fan te wurden
om ferwûndere nei te sjen
Twa leave lytse berntsjes,
oan ús tabetroud troch Him.
Do bist as de sinne en de moanne,
it ljocht yn ús libben.
Dit hert hjir, sêftmoedich en froed,
fan d’ ierdman mei blommen opsierd,
is’t byld fan in libben, sa fredich en goed,
dat ‘k hjirby ús (Wytske) tawinskje yndied.
In ferske skriuw ik hjir foar dy,
kinsto dit noch wol lêze?
Want do praatst soms hiel oars as ik,
dochs wol ‘k dyn pake wêze.
Do hast in oare wurdeskat,
ik kin net sms’e
en leare wol ‘k it ek net mear,
want ik wol net wer stresse.
Do bist de hiele dei mobyl,
ik moat dêr net oan tinke.
Mar as ik yn dyn eagen sjoch,
dan kin ‘k dêryn ferdrinke.
Sa grutsk bin ik, ast dat mar witst,
datsto myn pakesizzer bist.
Jelle Bangma
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert 2004)
Myn earmke
stiif om dy hinne
sa moai dat wy no
broer en suske binne!
Wat helpt dy it skinen fan de sinne,
as’t tsjuster is yn dy fan binnen,
Wat hindert dy de tsjusternis,
as’t ljocht yn dy fan binnen is.
Klaas is berne om 23.33 oere,
is 2580 gram en 45 sm lang.
Mei dyn libben wêze lykas de sinne
Mei waarmte, lok en leafde om dy hinne!