heit&mem

Fryske apps foar bern

Der komme hieltyd mear apps by, gelokkich ék Fryske! Wy sette se allegear foar jim op in rychje.

Sietske Zwart 4 september 2023

Apps foar bern:

Tomke (1+)
Fergees
Android en Ipad

Lês en boartsje mei Tomke! Doch in spultsje, sjoch nei in filmke, lústerje nei in ferske of lês in ferhaaltsje!

 
lytskes

Lytskes (1+)
Fergees
Android en Ipad

Op de app Lytskes steane njoggen animearre Fryske
berneferskes, dy’t earder ferskynd binne op de populêre
dvd Lytskes.

 
handjes

Hantsjes yn ’e hichte (2+)
Fergees
Android en Ipad

Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it
filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, 5 nije en
10 tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels mei
begelieding op piano troch Cor Bakker. 

 
foarlesboek

It Grutte Foarlêsboek (2+)
Fergees
Android en Ipad

Untdek en boartsje mei de app ‘It grutte foarlêsboek’.
In app mei prachtige ferhalen, gedichten en spultsjes foar
bern fan 2 jier ôf.

 

Wat heart wêr? (2+)
Fergees
Android en Ipad

Oeral misse dingen, kinsto se wer op it plak delsette dêr’t se
thúshearre? Wat heart wêr is in learsume app foar beukers,
dêr’t se boartsjendewei mei leare om foarmen te werkennen
en yn ferskillende talen harren wurdskat mei fergrutsje.

 
7ferskillen

7 ferskillen (4+)
Fergees
Android en Ipad

Kinsto de ferskillen tusken de platen allegear fine? Dat giet fêst
noch wol op it maklike nivo, mar wy hawwe ek in drege kategory
en dy plaatsjes binne echt pittich!

 
taalwurdsjes 

Myn earste wurdsjes (4+)
Fergees
Android en Ipad

Wurden leare yn trije talen: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. 

 

 

Sjoch foar mear apps foar (âldere) bern en foar Fryske apps foar folwoeksenen op taalhelp.frl.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.