heit&mem

Afûk-boekpanel

Wy binne op syk nei boek(foar)lêzers foar de Afûk-boekpanel. Wat foar dy?
Liket it dy leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en der wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan!

Wat moatst der foar dwaan?

  • Minstens 4 leuke foto’s (wêrfan minstens 2 yn de breedte) meitsje fan it boek (mei dyn bern) en/of it foarlêsritueel foar op ús website, yn ús webwinkel én op ús Facebook en Instagram. Sjoch ûnderoan dizze side foar trije fotografytips.
  • In reviewtekst skriuwe dy’t wy op ús website sette kinne fan 300 oant 400 wurden en yn in wordbestan oanleverje (dus net los yn de mail)
  • It mei sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Ast it yn it Frysk dochst, sil it noch troch ús neisjoen wurde, mar do kinst dyn Frysk alfêst neisjen litte troch hjir dyn tekst yn te setten)
  • Alles binnen sa’n trije wiken oanleverje. (maile nei ynfo@heitenmem.nl)

    It boek meist fansels hâlde!

Oanmelde

Oanmelde kin troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@heitenmem.nl.

Set yn de mail:

  1. Dyn foar- en achternamme en adresgegevens.
  2. It soarte boek datst graach teste wolst. (printeboeken, jeugdboeken, romans, dichtbondels ensf. sjoch foar ynspiraasje op websjop.afuk.frl)
  3. Yn hokker taal ast de blog skriuwe silst en ofst skriuwûnderfining hast.
  4. Ast graach berneboeken (foar)lêze wolst, set dan de leeftiiden (en bertedata) fan dyn bern yn de mail.
  5. Ast it leuk fynst dat wy dy tagge as wy dyn resinsjes brûke op ús sosjale media, jou dan ek efkes dyn Facebook en/of Instagramnamme troch.

Publikaasje

De tekst en foto’s sille publisearre wurde:
– op www.heitenmem.nl
– op websjop.afuk.frl
– yn de Fryske boek en kadowinkel fan de Afûk 
– op ús socialmedia-kanalen (Instagram en Facebook)
– en somtiden yn de heit&mem of de Lytse heit&mem

Sa’n ien kear yn de wike krije alle Afûkboekpanelleden in mailtsje mei de fraach wa’t oer in boek of produkt in resinsje skriuwe wol. Hâld dyn mail dus goed yn ‘e gaten!


6 Skriuwtips!

1 Ast dyn tekst yn it Frysk skriuwst, sjoch dan even op https://taalweb.frl/staveringshifker

2 Begjin dyn resinsje mei in koarte gearfetting.

3 Lit witte wat ast wol of net goed fûnst oan it boek en wêrom.

4 Einich de resinsje mei in konklúzje.

5 Skriuw dyn namme en wenplak ûnder de resinsje. Ek leuk: heit/mem fan… of dyn berop. 

6. Mail dyn resinsje yn in wordbestân nei ynfo@heitenmem.nl (dus de tekst net los yn de mail) En stjoer de foto’s ek los mei. (net yn in wordbestân)


 

3 Fotografytips!

De resinsjetekst is belangryk, mar in pear moaie foto’s derby ek! Mar dat is somtiden in hiele keunst, dêrom jouwe wy dy hjirby 3 tips om moaie foto’s te meitsjen foar by de resinsjes.
Ferjit net om tastimming fan alle âlders te freegjen om’t wy de foto’s op ús webside én op ús sosjale media sette! De foto’s graach los yn de mail sette. (en dus net yn in Wordbestân)

1) Fotografearje it boek mei persoanen
Mei de persoanen derby komt de foto echt ta libben. Ek kinst goed it formaat fan it boek ynskatte.Kinst fansels ek dysels op de foto sette wylst it it boek oan it lêzen bist. Leaver net werkenber yn byld? Hâld it boek dan wat foar dyn gesicht.
 
  2) Fotografearje ek de binnenkant fan it boek
Minsken binne altyd hiel benijd nei de binnenkant fan it boek. In moaie wize om dat op de foto te krijen is om de lêzer mei it boek fan achter te fotografearjen.
3) Set it boek op in moai plakje
It is altyd leuk om it boek op in moai plakje del te setten, sadat wy ek de cover sjen kinne. Let derby op dat it net te drok wurdt. Let op kleuren, komposysje en ljocht. En ferjit net om de foto’s yn de breedte te meitsjen! Dat komt moaier út op ús website.