In tútsje op dyn wang,
wy hâlde fan dy ús libben lang.
In pear eachjes sjogge dy oan
In pear hantsjes gripe nei dyn hân
In leaf lyts famke kostberder as goud
In twadde berntsje oan ús tabetroud
It wie al in nij begjin
mei syn fjouweren in gesin.
No bringsto der noch mear sinne by
wat binne wy wiis en lokkich my dy!
Dit libben bringt ús nei in nij begjin.
Wy binne fol fan dreamen hoe ’t it wêze kin,
wolkom leaf lyts famke, wolkom yn ús gesin.
3 lytse knapen dy’t allegear de oandacht wolle fan heit en mem
3 lytse knapen dy’t alles fan elkoar ôfpakke wolle
3 lytse knapen hast allegear tagelyk yn de pjuttepuberfaze
3 jonge knapen dy’t moai meielkoar boartsje kinne
3 jonge knapen dy’t mei elkoar harren grinzen lûke kinne
3 jonge knapen dy’t witte wat leafde, lok en sûnens betsjut
3 grutte knapen dy’t meielkoar in suske krigen ha, en har dat allegear leare wolle
Op ´e nij in grut wûnder
in lyts en leaf berntsje der by.
Wat binne wy tankber
wy binne sa wiis mei dy.
Twa hantsjes en twa fuortsjes,
sa lyts en sa bysûnder.
Op ‘e nij meie wy belibje
wer sa’n unyk wûnder.
Op ´e nij in grut wûnder
in twadde (tredde, fjirden) der by.
Op ´e nij dit moaie gefoel
wat binne wy bliid mei dy.
De earste al op in bernefyts,
al is ’t noch in lyts mantsje
en hjir leit wér, dochs o sa lyts,
de twadde yn ’t ledikantsje.
Grutsk en lokkich sette wy
der noch in stuoltsje by!
…. hannen op ien búk,
dat binne wy!
Mar plak genôch
foar noch twa hantsjes derby!
Us klaverblêd is rûn.
Hjoed is berne
ús jonkje/famke tige sûn.
Mem hat in baby yn har búk, hat heit sein.
Hoe’t dy der kaam is, hat er net útlein.
It duorre sa ûntsettend lang.
Ik tocht: dy hat it seker mis,
mar no kin ik einlings fertelle dat myn broerke berne is.
God hat alles makke,
de sinne, de blommen en de kij.
De loft, de see, dyn grutte sus,
en Hy makke dy!
Foar it each mei ús trijen.
Yn ús hert mei ús fjouweren.
Ut leafde ûntstien
Mei leafde droegen
Fol leafde ferwachte
Sinnestrieltsje,
kom der by!
Der is noch plak
genôch foar dy.