Earder wie it in tút op ‘e búk
dat wie moai om te dwaan.
Mar no kin ik dy einlik, as grutte sus
yn it echt in krûpke jaan.
Ik moast sa lang wachtsje,
ús mem har búk wie rûn en dik.
Mar no bisto der einlik,
en dyn grutte sus bin ik!
In tútsje op dyn wang,
wy hâlde fan dy ús libben lang.
Op myn teantsjes sjoch ik oer de râne fan ’e widze.
Dach lyts suske, ik fyn dy leaf.
Wy fine dy ek sa bysûnder.
Nei njoggen moanne, ús twadde wûnder.
(namme) sa grutsk as in pau.
“Kom mar suske, kom mar gau!”
Leaf lyts famke,
nij op dizze wrâld.
Nimmen wit wat
it libben ynhâldt.
Wy winskje dat dyn libben
like kleurryk wêze mei
as de tekening dy’t dyn broerke
makke, spesjaal foar dy.
Heit en mem sá grutsk en bliid,
in grutte sus dy’t fan dy hâldt.
Do bringst ús lok yn mearfâld!
In tútsje hjir en wêr noch mear?
Op dyn wang, yn dyn nekke
en ek op dyn ear!
Nee wacht, ik bin noch lang net klear,
op dyn noaske ek noch in pear!
Elkenien mei it hearre
want ien ding is wis:
dat myn lytse suske
presys op har jierdei berne is!
Myn earmke
stiif om dy hinne
sa moai dat wy no
broer en suske binne!
Mem bliuwt mem,
heit bliuwt heit.
Marruh, fynsto my
no net hiel stoer?
Fan hjoed ôf
bin ik grutte broer!
Op myn teantsjes sjoch ik oer de râne fan ’e widze.
Dach lyts suske/broerke, ik fyn dy leaf.
Dyn hantsje yn dat fan my,
sa rinne wy hân yn hân.
As broer en sus,
in izersterke bân.
Ik bin alwer wat grutter
en do bist noch sa lyts.
Do bist myn leave broerke/suske
in freontsje foar altyd.
Faak joegen wy mem har búk in tút,
en fregen: wannear komst der ris út?
No is ’t einlings safier,
meist mei ús boartsje, echt wier!
Wy hawwe der in broerke by,
en binne allegearre wakker wiis mei dy!
Ast aanst fertriet hast,
sil ik dy treaste.
As se dy letter pleagje,
sil ik foar dy fjochtsje.
Mar no bin ik gewoan bliid
mei dy as suske/broerke.
Myn suske yn ’e widze
einlings is it safier.
Wat bisto bysûnder
en wat bin ik bliid .
Aanst sil ik dy ferskes leare
en boartsje mei dy oer de flier.
No earst mar lekker koese,
want dat is noch net safier.
In wûnder bliuwt it sûnder mear
in lyts sûn famke, ek dizze kear
Se sil heit en mem de hannen bine
Dy kinne har dêr wol yn fine
Mar it moaiste is foar my
ik ha der in boarterskammeraatske by!
Wy binne bliid en wolle it hiel lûd roppe,
want wy hawwe in lytse poppe.
Mar fan allegear bin ik it measte op’t skik
want syn grutte broer, dat bin ik!
Grutsk en lokkich
sette wy der in
stuoltsje by,
… hat
der in broerke /suske by.
Dagen ha ik nei de búk sjoen,
bulten aaikes en tútsjes jûn.
Hiel faak ha ik nei dyn hertsje lústere
en wurdsjes nei dy flústere.
Earne yn de blaue himel dêr
skitteret dierber in lytse stjer
Hy/sy is in stille tsjûge fan
ús gelok op ierde.
Hoe lyts oft ik ek bin,
ûnskuldich en ûnbedoarn,
mei … as grutte broer/sus,
doar ik it libben wol oan.
Dach leave lytse poppe
wiest dêr al?
Wat hawwe wy in skoft
op dy wachtte,
dyn widze stiet al klear.
Sjoch, op it fuottenein
sit de leafste koesbear
fan dyn grutte suske/broerke.
Mem hat in baby yn har búk, hat heit sein.
Hoe’t dy dêr kaam is, hat er net útlein.
It duorre sa ûntsettend lang.
Ik tocht: dy hat it seker mis,
mar no kin ik einlings fertelle dat myn broerke berne is.
God hat alles makke,
de sinne, de blommen en de kij.
De loft, de see, dyn grutte sus,
en Hy makke dy!
Foar it each mei ús trijen.
Yn ús hert mei ús fjouweren.
Sa moai
sa leaf
sa fan ús
sa hielendal do
No’tsto der bist
is alles oars
en dochs presys sa
as it heart
Ofgryslik bliid binne wy mei dy!
Do bist do
mei-inoar = wy
wolkom yn ús gesintsje
in leafde derby!
Út twa herten
ien leafde
ús leafde
Út ús leafde
in twadde libben
dyn libben
Ús leafde libbet yn dy
Ut leafde ûntstien
Mei leafde droegen
Fol leafde ferwachte
Dêr wie it dan safier
in lyts popke oer de flier.
Lytse hantsjes, lytse earkes
in lyts kopke mei in miny noas,
dêr’t wy sa wiis mei binne
dat kin dochs net oars!
Barre der noch wûnders?
Wurdt it lok noch fûn?
Do mei dyn lytse lûden,
hast ús it antwurd jûn.
Om stil fan te wurden
om ferwûndere nei te sjen
in kostber stikje libben
út leafde berne bern
In nij libben
in lyts wûnder.
It klinkt sa gewoan
mar foar ús hiel bysûnder.
Tige lyts en dochs hiel grut,
sa jong en dochs folslein.
It bliuwt in ivich wûnder,
in wûnder sûnder ein.
Alhiel oeral litte wy jim witte
dat yn ús widske fan reid
op ’e nij in lyts wûnderke leit.
Do makkest de wrâld
sa ljocht.
Sjochst wol hoe’t
de sinne laket?
Der sille hannen wêze
dy’t dy drage
en earms dêrst feilich yn bist.
En minsken dy’t
sûnder te freegjen
sizze datst wolkom bist.
Sa moai
Sa leaf
Sa lyts
Sa fan ús.
Wolkom berntsje op ’e wrâld
wolkom, kom derby,
want op dizze grutte ierde
is ek plak foar dy.
In nij libben
in grut wûnder
út leafde berne
oan ús tabetroud.
Dyn hantsje yn dat fan my
sa gean wy hân yn hân.
Myn grutte hân, dyn lytse,
in izersterkebân.
En op in dei, in ein foarút,
sjocht de wrâld der foar ús beide itselde út.
No’tsto berne bist
kinne wy mar net ophâlde
fan dy te hâlden.
Do bist in maitiidswûnder,
in blomke fan fluwiel.
Wy binne sa wiis mei dy,
do bist ús sinnestriel.
Twa eachjes dy’t twinkelje,
twa wankjes fan fluwiel.
Wy binne sa wiis mei dy,
do bist ús sinnestriel.
De wrâld sil fan dy genietsje,
want wêrsto ek giest,
do bringst it libben freugde,
omdatsto in sintsje bist.
Nij libben yn ús earms,
sa tear en o sa unyk.
Op ‘e nij ferwûndere.
wat fiele wy ús ryk.
It libben is moai,
mar ek kwetsber sûnt it begjin.
Wy sille der foar dy wêze,
wolkom yn ús gesin.
Nij libben
noch finzen
yn lytse lûden
mar fannijs
belibje wy
it wûnder
Tankber sizze wy dyn namme,
swijend foar de heimenis.
Op ’e nij meie wy belibje
it geheim dat libben is.
Strielje as kleare sinneskyn
mei dyn bliere eachjes it libben yn
Bring freonskip, leafde en nocht
dat elk bliid wurdt dy’t dy sjocht
Net foar te stellen
sa bysûnder
Nea fanselssprekkend
foar ús in wûnder
Berte,
it makket waarm,
it makket kâld,
it rekket jong,
it rekket âld,
it bliuwt in wûnder
yn’e wrâld.