heit&mem

Beppe Willy kinst wol in boek oer skriuwe

Beppe Willy kinst wol in boek oer skriuwe

Nynke van der Zee 19 maart 2021

Poezen dy’t prate kinne. Mûzen dy’t kattekwea úthelje. En hûntsjes dy’t spannende aventoeren belibje. Yn de fantasywrâld fan Lauren (7) en beppe Willy van der Veen (67) kin alles. Tegearre betinke se oan de keukentafel de moaiste ferhalen en meitsje dêr harren eigen tekeningen by. Kinst der wol in boek oer skriuwe.

Potleaden, stiften, papier en de nytmasine. De keukentafel fan beppe Willy leit fol as Lauren op besite komt. Beide binne se gek op tekenjen en ferhalen betinke. ‘Lauren koe al hiel betiid lêze en hâldt fan taal. Krekt as ik. Tegearre betinke wy de moaiste ferhalen en meitsje dêr ús eigen tekeningen by. As alles klear is, komt der in nytsje yn en krijt Lauren it boekje mei nei hûs, dêr’t it yn de boekekast komt te stean.’

Yn de boekekast
Ek beppe Willy hat yn har eigen boekekast in pear selsmakke boeken. Ditkear sûnder nytsje, mar offisjeel ynbûn troch útjouwerij EigenZinnig. ‘Ik ha oant no ta twa boeken útjûn: “Giraf wil van zijn vlekken af” en “Muis doet het zelf wel”. En yn It Grutte Foarlêsboek stean twa ferhaaltsjes fan my. In berneboek útjaan liket miskien ienfâldich, mar der komt noch hiel wat by te sjen. Ik ha ferskate kursussen en workshops folge om safier te kommen.’

 

Stikem dreame wy tegearre fan ús eigen boek.

 

In laad fol tekeningen
Dêr’t beppe tiden twifelje kin oer in tekening of in ferhaal, is Lauren folle earder út ’e rie. ‘Dat fyn ik sa moai oan Lauren, dy twifelet net oer alderhande techniken, mar tekenet gewoan. Healwei de tekening tinkt se net: ‘it moat wol moai wurde’, want it wurdt altyd moai. Dêr genietsje ik hiel bot fan. Ik ha hjir thús in laad fol mei tekeningen fan har.’

Tegearre in boek skriuwe
Njonken hûntsjes, katten en mûzen is Laurens favorite bist it hynder. ‘Se dreamt fan in eigen hynder’, wit beppe. ‘En stikem dreame wy tegearre fan ús eigen boek. It plan is dat Lauren de tekeningen makket en ik it ferhaaltsje. Hooplik stiet dat oer in pear jier ek yn ús boekekast.’

 

Tekst: Nynke van der Zee 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!