heit&mem

Pake Eelke hat in streekje foar

Pake Eelke hat in streekje foar

Nynke van der Zee 19 maart 2021

As lyts jonkje stie Eelke van der Weij (75) yn de winter hast alle dagen op it iis. Tsjintwurdich stiet er oan de kant by Thialf om nei syn pakesizzer Danique (8) te sjen. Danique is sljocht op reedriden, krekt as de oare pakesizzers Fimke (8) en Brecht (6). Pake Eelke hat letterlik en figuerlik in streekje foar.

Ut de kleankast hellet Danique har blau-giele trainingspak fan reedridersklup STD út Sint-Nyk. Itselde pak − mar dan in pear maten grutter − hat pake yn de kast hingjen. Mar leafst 35 jier stie er op it iis as trainer. ‘Twa jier lyn ha ik de redens oan ‘e wylgen hong’, fertelt er. ‘Myn lichem woe net mear. Mar ik fyn it krekt like moai om oan de kant te stean en nei de pakesizzers te sjen. Yn harren eagen sjoch ik dyselde passy.’

Gjin potten brekke
Op de fraach oft er talint hie, skoddet pake de holle. ‘Ik koe knap meikomme mei de jonges út it doarp, mar as it op wedstriden oankaam, dan koe ik gjin potten brekke’, laket er. Dat makket Danique neat út; sy fynt pake noch altyd de bêste reedrider. ‘Tegearre mei beppe mei ik graach komme te sjen by trainingen of wedstrydsjes’, fertelt pake. ‘Dan bin ik wakker grutsk op har. Ek sy kin knap meikomme. Mar it moaiste fyn ik dat se der sa’n aardichheid oan hat. Dat fyn ik belangriker noch as winnen.’

 

It giet derom dat je wille ha op it iis.

 

Plat foar de telefyzje
Danique hat yntusken de smaak te pakken en krijt ek les by de Sven Kramer Academie. Dochs hat se gjin posters fan Sven boppe it bêd hingjen. ‘Ik ha ek nea fan fan immen west’, jout pake ta. ‘Yn myn tiid wûnen Ard Schenk en Kees Verkerk alle wedstriden. Dat jier krigen wy thús ús alderearste telefyzje. Ik lei der plat foar om de technyk fan dy mannen ôf te sjen. Dat fûn ik belangriker as wa’t der úteinlik op it poadium stie.’

Iis yn it bloed
Ek al sille syn pakesizzers letter gjin nije Ireen Wüst wurde, pake is mar al te grutsk op harren. ‘It giet derom dat je wille ha op it iis. En dat ha se alle trije. De leafde foar it reedriden sit ús no ienris yn it bloed.’

 

Tekst: Nynke van der Zee 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!