heit&mem

Pake & Beppe-post: Net beethâlde en net lokwinskje sa as je dat wend binne

Pake & Beppe-post: Net beethâlde en net lokwinskje sa as je dat wend binne

x 10 februari 2021

Op Facebook seach ik jimme oprop foarbykommen oer it pake en beppe wurden yn coronatiid. Dêr kinne wy ek oer meiprate. Op 3 maart 2020 hawwe ús dochter en skoansoan harren twadde berntsje, Jorrit Rienk, krigen. Doe wie corona al yn it lân en hawwe wy it jonkje noch ien kear op de earm hân. Mear net.

Op 20 maart 2020 hawwe ús soan en skoandochter harren earste berntsje krigen, Jenthe Jelbrich Rima. Doe wie de coronatiid wol echt útbrutsen. Dêr stiene se efter it raam en wy der elke dei mar efkes hinne te sjen oan de oare kant fan it raam. Mar net beethâlde, net lokwinskje sa as je dat wend binne. Spitich, mar it wie net oars. It hat my ferskriklik begrutte dat de beide húshâldingen gjin poppebesite en net in moaie kreamtiid hân ha. Wol bin ik tige tankber dat alles goed giet mei de froulju en de bern, mar dochs. 

 

Mar wy meie net eamelje, want de lytse bern groeie goed en de âlders dogge it best. 

 

Op 1 april hat myn man, pake Anne, in hertynfarkt hân. It hat spannend west, mar it is best beteard. De bern kamen dêrnei al wer thús, want ik woe dat se seagen dat it goed mei him gong. Elk oan in kant fan de keamer, mar de lytskes earst net op de earm. 

 

De bern hawwe it der dreech mei hân. Mar wy meie net eamelje, want de lytse bern groeie goed en de âlders dogge it best. 

Us soan en skoandochter krije yn maart harren twadde berntsje en wer yn coronatiid. Dat sil wer gjin besite wurde. 

Samar efkes in koart ferhaal oer ús húshâlding, mar wat hat corona in soad teweechbrocht, dit hie gjinien ea tocht.

De grutske pake en beppe fan Wybo en Mina, Fraukje en Jorrit, Jenthe en ?

Anne en Wiepkje Hoogland-Feenstra

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Fingerferskes fine bern prachtich en binne fan alle tiden. Kenst it ferske noch fan ‘Dit is pake, koart en dik?’ Hjir fynst de komplete tekst!

lês mear