heit&mem

In freondinne foar it libben

In freondinne foar it libben

Ciska Noordmans 3 maart 2021

It foarfal op 12 juny 1979 wie in markearpunt yn it libben fan Reny Mous (59) en Maaike Greydanus (58) út Jirnsum. De twa-ienheid spatte útinoar, mar se binne freondinnen foar it libben. Al mear as 45 jier en foar altyd.

Reny en Maaike treffe inoar yn de earste klasse fan it lhno. Maaike streamt krekt wat letter yn en Reny fynt it nije famke ynteressant, ‘ferfrissend, en oars as alle oare famkes’. It klikt tusken de fammen. ‘We dagen inoar út,’ fertelt Maaike, ‘it wie in fantastyske tiid. By de itensiedersles smieten we it deech tsjin it plafond en wienen slop fan ’t laitsjen as it wer nei ûnderen kaam. En as we ús dan melde moasten by de konsjerzje, hiene wy ’t dêr ek gesellich.’ Reny fertelt: ‘Yn ’t wykein sliepten we byinoar en gongen we op stap nei ’t jeugdsintrum. Altyd hiene we it spikerjaske oan, sjek yn ’t rjochterbûske, ús hier smarden we mei sjippe yn en drûgen we, mei de holle foaroer, foar it straalkacheltsje.’ It libben is soargeleas en de problemen net grutter as te min bûsjild en tefolle freontsjes. De froulju helje har diploma en sille tegearre de wrâld ferbetterje. Sy skriuwe har yn foar de oplieding KVJV – kinder- en jeugdverzorging − en toere op de brommerkes nei Ljouwert.

Oant dy dei yn 1979. Reny is wat dryster, ek yn ’t ferkear, en rydt foarop.
Yn Ljouwert rekket har stjoer yn ’e knoop mei dat fan in fytser en tegearre bedarje se ûnder de tsjillen fan in frachtwein. Maaike is taskôger. Mei de ambulânse fleane se nei ’t sikehús. Reny har skonk is ferbrizele, mar dat fielt se net. It foarfal bliuwt har altyd by. ‘It ienige wat Maaike sizze koe, wie: Reny, Reny, Reny. Wol 1000 kear. Sy wie yn shock. Ik wie sa bliid dat Maaike by my wie. Ik ha har frege oft se myn bril even oppakke woe.’ Maaike: ‘De bril lei njonken dy fan de fytser. En dy ha ’k net oppakt. Dêr bin ik eins noch beroerd fan.’ It frommeske op ’e fyts oerlibbet it net.

 

Doe’t ik nei moannen refalidaasje wer rinne koe, gong ik ris in dei nei Maaike ta, dy’t doe al op harsels wenne.

 

Wylst Reny refalidearret, studearret Maaike fierder. Maaike: ‘Ik moast net seure, sei ús heit. My mankearre ommers neat? Mar it fielde sa ûnearlik. Wy soene tegearre en no moast ik allinne. Ik hie fertriet, mar gûle mocht ik net.’ ‘Fansels hiesto slachtofferhelp ha moatten,’ reagearret Reny wylst se de triennen út de eagen wriuwt, ‘dat fyn ik no sa erch achterôf. Yn dy tiid rekken ús libbens wat útinoar. Doe’t ik nei moannen refalidaasje wer rinne koe, gong ik ris in dei nei Maaike ta, dy’t doe al op harsels wenne.’ De beide froulju sjogge inoar wer oan. Maaike: ‘We ha gûld. Tegearre hiene we it ûngelok noch noait beprate en ferwurkje kinnen. Sûnt dy tiid wiene we wis: we litte inoar noait mear los.’
Mar der feroare mear. Reny: ‘Earst naam ik Maaike faak by de hân en rûn ik foarop. Troch myn ûngelok feroare dat en kaam it mear yn ’t lykwicht.’ Maaike studearret fierder, mar stapt noait wer op in brommer. Reny en Maaike trouwe, gean mei syn fjouweren op fakânsje, en diele alles mei-inoar. En doe’t Maaike ferhuze nei Jirnsum wie Reny de kening te ryk. Maaike: ‘It giet der net om hoe faak we inoar sjogge, mar dat we witte dat we alles by inoar kwyt kinne. Soms fertel ik Reny wat, en besef ik dêrnei pas hoe heech it my eins siet.’ Reny follet oan: ‘Ik fiel my better mei Maaike. Ek as der wat is, en oeral is wolris wat, ik gean altyd fleuriger by har wei. Lichter.’

 

De bernsbern binne in tankber ûnderwerp yn de petearen.

 

Tsjintwurdich diele de froulju de folgjende faze, en it hûs fol mei boartersguod tsjûget dêrfan: se binne beppe wurden. De bernsbern binne in tankber ûnderwerp yn de petearen. De eagen ljochtsje op. Reny: ‘Myn beppesizzers neame har beppe Maaike.’ Maaike: ‘En do bist ek beppe foar myn beppesizzers.’ It jout mar oan hoe’t de twa libbens mei-inoar fergroeid binne. ‘Us bern ha net byinoar op skoalle sitten,’ fertelt Maaike, ‘mar doe’t ús âldste soannen in jier of 16 wiene, lutsen se hieltyd mear nei inoar ta. No binne it bêste maten. Sy binne der foar inoar. Dat fine wy hiel bysûnder, mar tagelyk ek hiel gewoan. Wy snappe wol wêrom’t it sa goed past.’

Tekst: Ciska Noordmans
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!