heit&mem

Nij! It pake&beppe tydskrift!

Nij! It pake&beppe tydskrift!

Dieuwke van der Meer 25 maart 2021

Ynstee fan in ‘heit&mem’ is der no in ‘pake&beppe’ makke! Yn it blêd spesjaal foar pakes en beppes, mar fansels ek foar heiten en memmen, lêst û.o. oer it belang fan it trochjaan fan de Fryske taal troch de pakes en beppes, oer bern dy’t deselde hobby’s hawwe as harren pake of beppe, moaie foarlêsferhalen, de rol fan de pake en beppe yn dizze tiid, oer in libbenslange freonskip én der stiet in apart diel yn mei fragen foar pake en beppe dy’t se ynfolje kinne. Lykas fragen oer hoe’t it eartiids op skoalle wie, mei watfoar boartersguod pake of beppe boarte en wat se eartiids iten. Koartom stof genôch om mei de bern en bernsbern oer te praten.

It blêd wurdt yn in oplaach fan 10.000 stiks op in beheind oantal adressen rûnbrocht.

Wolsto it blêd graach lêze?

Elk kin in eksimplaar thús besoarge litte, it blêd is hjir online te bestellen  en dan betellest allinne de ferstjoerskosten. Ek kinst in eksimplaar fanôf 22 maart) ophelje by de Afûk wei. Foar de winkel stiet in rekje wêr ast it blêd fergees weipakke meist. As de biblioteken wer iepen gean kinst ek dêr in eksimplaar weihelje.

De pake&beppe is hjir online yn te sjen.

Hast fragen of opmerkingen nei oanlieding fan de pake&beppe? Lit it ús witte! Lit hjirûnder in reaksje efter of mail it nei ynfo@heitenmem.nl.

In protte lêswille tawinske!

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.