heit&mem

Pake Douwe is in ‘maakmannetje’

Pake Douwe is in ‘maakmannetje’

Nynke van der Zee 3 april 2021

Douwe van der Veer (70) út Koatstertille is in ‘maakmannetje’. Dy earetitel krige er fan syn pakesizzer Jarno (6). Alle moandeitemiddeis binne pake en Jarno oan it timmerjen yn de wurkpleats. As pake middeis by it skoalplein stiet, hat Jarno al folop ideeën betocht foar nije projekten. Fan stoere plysje-auto’s en raketten oant raceweinen en in eigen gersmeaner.

Grutsk hellet Jarno syn arkbak tefoarskyn, mei dêryn in knyptange, skroevedraaier, hammer en syn eigen sage. Jarno is sljocht op timmerjen. Tegearre mei syn pake makket er de moaiste dingen. ‘Ik ha jierrenlang timmerman west en dêrnei útfierder’, fertelt pake Douwe. ‘Krekt as Jarno wie ik as lyts mantsje alle dagen yn de wurkpleats fan ús heit te finen om myn eigen boartersguod te meitsjen. Ik fyn it prachtich om no tegearre mei Jarno te timmerjen.’

Op ’e knibbels
Yn de wurkpleats fan pake hat Jarno syn eigen wurkbank. Op ’e knibbels leit er der plat foar as er twa plankjes oan elkoar timmerje moat. ‘Fan tefoaren ried ik alfêst ta wat we dy middeis meitsje sille’, fertelt pake. ‘Ik saagje bygelyks alle ûnderdielen foar in frachtwein al út en boarje lytse gatsjes op de plakken dêr’t Jarno de spikers der ynslaan moat. Sa kinne wy út skoalle wei fuort oan ’e slach.’

 

Soms bellet syn mem oft se Jarno ek wat earder ophelje moat, mar faak kin dat net om’t wy noch net klear binne

 

Noch lang net klear
Beppe soarget tuskentroch foar tee en in koekje. En dat is mar goed ek, want pake en Jarno ha it smoardrok. ‘Soms bellet syn mem oft se Jarno ek wat earder ophelje moat, mar faak kin dat net om’t wy noch net klear binne’, fertelt pake. ‘Alles wat wy meitsje, moat eins fuort dyselde middeis mei nei hûs, sadat er der fuort mei boartsje kin.’

Mei pensjoen
It leafste soe Jarno alle dagen yn de wurkpleats timmerje, saagje en skroeve. Krekt as pake. ‘Doe’t Jarno syn mem lêstendeis in 10-minute-petear op skoalle hie, moast se fan Jarno oan de juffer freegje wannear’t er mei pensjoen koe. Want dat wie ik ommers ek, en dan koenen wy moai de hiele dei tegearre timmerje’, laket pake.

 

Tekst: Nynke van der Zee 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!