heit&mem

Pake & Beppe-post: Wat in rykdom!

Pake & Beppe-post: Wat in rykdom!

x 17 februari 2021

Hiel grutsk fertelle oer pake- en beppesizzers, dêr hear ik wis by. Wat jo nea fan tefoaren betinke kinnen hiene, is de rykdom dy’t jo fiele by dy skatten.

Wy, myn man en ik, hawwe 3 prachtige pake- en beppesizzers. Jelte Gerrit fan 10 jier, Ronja Elisabeth fan 6 jier en Saar fan 16 moanne.

Ik sil jimme fertelle oer Saar. It is in lyts, fyn minskje mei brún hier en blauwe eachjes, en se is altyd blier. Jawis, se gûlt hast nea, wylst se dochs oant no ta altyd yn in spreidbroekje omdangelje moat.

Dat moat dochs hiel ferfelend wêze, soene jo sizze, mar nee hear, foar Saar net.

It krûpen giet as in tierelier en mei in mûltsje fol tosken praat se al in aardich wurdsje Frysk. Wat bin ik grutsk, se kin ek al beppe sizze.

 

We binne no al de grutste freondinnen.

 

De ferskes fan Nijntje it knyntsje meitsje har hiel bliid. Dêr kinne we tegearre lekker op dûnsje. Se kin har ek tige fermeitsje yn it rinstek.

Meastentiids tiisdeis past dizze beppe op Saar en dan meitsje wy der in gesellige dei fan. We binne no al de grutste freondinnen.

En no al in bytsje dreame oer letter. Dan ek noch sa mâl mei inoar? Dat hoopje ik fan herte. Beppe lit no al witte dat Saar altyd by my terjochte kin.

 Beppe Els en Saar.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!