heit&mem

Pake & Beppe-post: Foar it earst pake en beppe wurde yn coronatiid

x 8 februari 2021

Op 18 maaie 2020 waard ús earste pake- en beppesizzer berne – lytse Fenne. Dat wie krekt yn de wike foardat de “raambesite”-regel fersoepele waard. Lykwols mochten wy wol efkes komme as de kreamfersoarchster jûns nei hûs ta wie.

 

asto as pake en beppe soks foar it earst meimeitsje meist en do komst troch de doar en sjochst dyn earste bernsbern, dan geane alle regels fan it ôfstânhâlden efkes oan ’e kant hear. 

 

Sa koene wy Fenne en har heit en mem dochs fêsthâlde en in krûp jaan, want leau my mar: asto as pake en beppe soks foar it earst meimeitsje meist en do komst troch de doar en sjochst dyn earste bernsbern, dan geane alle regels fan it ôfstânhâlden efkes oan ’e kant hear. 

Lykwols ha wy grut respekt foar de kreamsoarch yn dizze krisis. Se hawwe te krijen mei allegear regeljouwing en hâld dat mar ris fol mei al dy emoasjes fan de heiten en memmen en ek nochris de pakes en beppes. 

Fenne is no al wer 8 moanne en wy sitte noch altyd yn de coronakrisis. Pake en beppe passe alle moandeis mei alle leafde op Fenne yn Akkrum. Heit is dan oan it wurk yn de bou en mem is noch altyd thús nei in hiele lange perioade fan thúswurkjen, kreamferlof en doe wer thúswurkje. Ik ha respekt foar allebeide, want regelje dat mar ris, yn in lockdown mei kreambesite, oppas, opfang en wurk. Ik jou it jo te dwaan.

Wy, as heit en mem en as nije pake en beppe, wolle har dêr safolle mooglik by helpe en stypje. Sa krije wy in hiele hechte bân mei ús bernsbern en dêr wurde pake en beppe hiel bliid fan! 

Pake Koos en Beppe Baukje Idsinga

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Fingerferskes fine bern prachtich en binne fan alle tiden. Kenst it ferske noch fan ‘Dit is pake, koart en dik?’ Hjir fynst de komplete tekst!

lês mear