heit&mem

‘Wy genietsje no folle mear fan de bern’

‘Wy genietsje no folle mear fan de bern’

Klasina van der Werf 18 maart 2021

Pakes en beppes binne anno 2021 net allinnich pake en beppe mar faak ek oppas foar harren bernsbern. Wat fine se dêr eins fan en bemuoie se harren ek mei de opfieding? Wy praten mei fjouwer grutske pakes en beppes oer harren dûbeldrol.

‘Wy binne in pake en beppe fan utersten’, seit Jan Rodenhuis (64) fan Surhuzum. Hy wennet mei syn frou Alie (60) yn deselde pleats as de pake- en beppesizzers Sander (9) en Jelmer (7). Dat hat in bewuste kar west, sân jier lyn. Jan en Alie koene dizze pleats tegearre mei harren dochter en skoansoan keapje. Se ha elk har eigen helte, mar it hiem is foar harren allegearre. ‘Us dochter en har man woenen graach dat harren bern alle romte hawwe om op te groeien. Dy romte is hjir. En – bykommend foardiel – de oppas wennet no neist de doar’, seit Jan laitsjend.

Bysûnder is dat harren soan en skoandochter no al in jier hielendal oan ’e oare kant fan ’e wrâld (Florida) wenje, mei de bern Eden (4) en Joas (2). ‘Dy bern kenne ús eins allinnich fia it skerm’, seit Alie.

Elke freed oppasse
Jan en Alie genietsje fan harren rol as pake en beppe. Al fanôf dat de bernsbern lyts wiene, passe se elke freed op. ‘Doe’t it noch pjutten wiene, kamen se hjir moarns yn ’e pyama troch de doar. Dat is it foardiel ast neistinoar wennest’, fertelt Jan. Neffens Alie hat it soms ek neidielen. ‘Wy krije no in protte mei, ek as der bonje is, of as de bern wat útheve. Mar it is foaral leuk en unyk dat de bern sa tichtby wenje. Wy kenne se troch en troch en begripe it ek as de bern even net sa lekker yn har fel sitte.’

 

Heit en mem fiede op, wy binne der foar de leuke dingen.

 

Doe’t Sander en Jelmer noch lytser wienen, fûn Jan it prachtich om mei de bern te lêzen. ‘Ik ha skoalmaster west en dat sit der noch altyd wol wat yn. Soms besykje ik de bern ek noch wat te learen, bygelyks as se in fout meitsje mei it skriuwen.’ Alie: ‘Ik tink dan al gau: it is dochs al knap dat we witte wat der stiet? Dan makket dat foutsje neffens my neat mear út.’

‘Wy binne der foar de leuke dingen’
It moaie fan bernsbern is neffens harren ûnder oaren dat se no mear tiid hawwe foar de bern. Alie: ‘As ik eartiids in apeltaart bakte en de bern woene helpe sei ik: no even net, ik wol graach opsjitte. Wylst ik no tsjin de bernsbern sis: sille we mei-inoar even bakke?’

Neffens Jan is der ien belangryk ferskil. ‘Heit en mem binne je 24 oeren deis. Wy fine it as pake en beppe in feest as de bern hjir komme, mar we witte ek dat se oan ’e ein fan de dei wer fuortgean. Dat jout romte. Dat jildt ek foar de opfieding. Heit en mem fiede op, wy binne der foar de leuke dingen.’

Ien generaasje tefolle
Wat it moaie fan pake- en beppesizzers noch mear is? Alie: ‘Hoe lyts se ek binne, se hearre der fuort by. Wy gunne it elkenien om pake en beppe te wurden. It is echt in rykdom.’

 

Wy genietsje der no folle mear fan en fine alles bysûnder wat de bern dogge, it binne lytse wiisnoaskes.

 

Jan en Alie binne beide frij jong pake en beppe wurden. Dat hâldt wol yn dat se op dit stuit njonken it wurk de soarch foar de bern én foar harren eigen âldelju (om de 90 hinne) hawwe. Jan: ‘Dat makket it soms wol in protte. Eins is der no ien generaasje tefolle. Mar wy dogge it beide mei nocht en wille.’

In bysûnder gefoel
Alle (68) en Klaske (65) Vellenga fan Damwâld hawwe yn seis jier tiid seis pake- en beppesizzers krigen, en de sânde is no op komst. ‘Wy binne frij âld pake en beppe wurden. Op in gegeven momint hat Alle sels sein: “Ik wit net oft wy oait wol pake en beppe wurde.” Mar net sa lang dêrnei kamen ús dochter Janna en har man Sytze thús mei in foto fan de echo. Dêr wienen we wol even stil fan. It wie in hiel bysûnder gefoel’, fertelt Klaske. It wie doe net harren bedoeling om fêst op te passen, want dat is sa bannich, mar it rûn oars. Alle hie lytse Lise op skoat en wie drok mei har oan it ‘praten’ doe’t Janna sei: ‘Heit fynt it wol moai, net? Wolle jimme ek in dei yn ’e wike oppasse?’ ‘Jawol’, sei Alle fuortendaliks. ‘Mar dat wie net de ôfspraak’, murk Klaske op, dy’t doe noch trije dagen yn ’e wike yn ’e soarch wurke.

Dochs binne se oerstaach gien. Elke freed setten se om seis oere de wekker, om op ’e tiid yn Grins te wêzen om op harren pake- en beppesizzer te passen. Yntusken hat Lise (5) der in broerke by, Fedde (2). ‘No bin ik wol bliid dat we doe ja sein ha, want we bouwe echt in bân mei de bern op.’

In hiele drokte
Mar it bleau net by dy twa bernsbern. Yntusken hiene harren âldste soan Sipke en syn frou Susan twa jonkjes krigen, Jorn (4) en Sven (2). Sy wenje yn Wommels en hiene de fêste oppas al rûn. ‘Mar tuskentroch is der ek gauris wat, dus wy passe faak genôch op’, fertelt Klaske. It is soms in hiele drokte, want Jorn en Sven hawwe der ek noch in lyts suske by krigen, Marrit (4 moanne). Dêr komt noch by dat de jongste soan, Hedman, ek heit wurden is fan in famke, Linde (1 jier). En de twadde is yn april op komst. Doe’t syn frou Francisca frege oft sy miskien ien dei yn ’e wike oppasse woene op Linde, koenen Alle en Klaske net wegerje. ‘Ast de ien dochst, moat de oare ek’, seit Klaske.

Se binne no beide mei pensjoen, dus se hawwe de tiid. Klaske fynt it foaral wichtich dat se it leuk hawwe meielkoar. ‘As âlders seisto tink ik gauwer “no even net”. Ik fiel my as beppe ek mear ferantwurdlik as doe’t ik sels mem wie. Ik bin no banger dat der wat bart.’ 

Mear tiid foar de bern
It falt Alle op dat bern har eartiids mear sels fermeitsje moasten. ‘Doe’t se lyts wiene, setten we de bern yn it loophek of se boarten bûten. It loophek is der noch hieltyd, mar dêr sitte se noait yn. No, dan witsto it wol’, seit Alle.

As pake en beppe meitsje se folle mear tiid foar de bern. Mei-inoar nifelje en fersideboartsje, it hâldt har jong. Fan Alle – dy’t master fan berop west hat − witte de bern dat pake wol fan grapkes hâldt. Mar hy kin ek streng wêze, bygelyks mei it iten. ‘It boardsje moat leech, dat witte se o sa goed. Fierder bemuoie wy ús net mei de opfieding fan de bern, dat is net ús pakkie-an’, seit Alle.

Pake en beppe wêze is hiel oars as heit en mem wêze, fynt Klaske. ‘Wy genietsje der no folle mear fan en fine alles bysûnder wat de bern dogge, it binne lytse wiisnoaskes. As we freeds by ús dochter yn Grins oankomme, stean de bern al entûsjast by de foardoar en fleane se ús om ’e hals. Dat is dochs prachtich?’

 

Tekst: Klasina van der Werf
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!