heit&mem

Taal kado fan pake en beppe

Taal kado fan pake en beppe

Marrit de Schiffart 17 maart 2021

Meartalichheid is hot. Yn it ûnderwiis, de wittenskip, de kulturele wrâld, searjes en films. Yn eigen kring kinst ek meidwaan. Dizze pakes en beppes prate bewust Frysk tsjin bernsbern dy’t net yn Fryslân wenje. ‘Sa jou ik myn beppesizzer in ekstra taal mei, dat is dochs in prachtich kado?’

Jelle Visser en Hilly Hoitema, Ljouwert
Jelle en Hilly harren dochter Marike wennet yn Grins, har man is in Drint, berne yn Assen. Hy ferstiet Frysk, mar se prate thús Nederlânsk, ek mei harren dochters Louise (8) en Lidewij (5). Pake Jelle en beppe Hilly prate konsekwint Frysk mei de famkes. ‘It Frysk is de taal fan ús hert en fielt tichtby en waarm. Dat gefoel wolle wy graach trochjaan oan ús bernsbern. Louise en Lidewij fersteane alles wat wy sizze, mar prate Nederlânsk werom.’ Yn it begjin foel it foar Jelle net altyd ta om it Frysk fol te hâlden, ûnbewust skeakele er soms oer op it Nederlânsk, mar ûndertusken is it al in automatisme. Hilly past in dei yn ’e wike op en koe fan it begjin ôf oan just neat oars as Frysk prate. ‘Tsjin lytse poppen Nederlânsk prate fielt raar foar my, al hielendal as dy poppe myn beppesizzer is. Dat komt om’t it Nederlânsk net myn hertetaal is.’    

No’t de famkes âlder wurde, ûntdekke se dat der ferskil is fan taal, fernimme Jelle en Hilly. ‘Se brûke soms Fryske wurdsjes en freegje fan guon wurden wat de fertaling is. Se kinne ek al yn it Frysk oant tsien ta telle. Wierskynlik wurde se gjin aktive Fryskpraters en dat hoecht ek net, mar ferstean kinne se it sowieso. In ekstra taal kin it taalgefoel fan bern ferrykje, is it net prachtich dat wy Louise en Lidewij sa’n kado jaan kinne?’

 

Froukje en Johan Schregardus, Twizel
Froukje en Johan stappe alle tongersdeis om fiif oere moarns yn ’e auto om op harren bernsbern Tieme (10 moanne) te passen. Tieme wennet mei heit Theo en mem Simone yn Gelderlân en dat is twa oeren riden. Froukje en Johan prate Frysk tsjin Tieme omdat harren soan Theo dat graach wol. Froukje: ‘Theo fynt it belangryk dat Tieme syn Fryske famylje ferstean kin. Bûten in pake en in beppe hat Tieme ek noch trije omkes, twa muoikes en in stik as wat neefkes en nichtsjes dy’t allegearre Frysk prate, dus dan is it maklik as hy dat ferstean kin. Ek foar himsels, want hy sil letter grif wolris mei syn neefkes en nichtsjes boartsje of hjir útfanhûzje.’ Dochs is dat net de ienige reden wêrom’t Froukje Frysk praat mei har jongste beppesizzer. ‘Ik moat earlik tajaan dat ik net oars kin. Ik praat graach Frysk, dat is myn memmetaal, yn dy taal tink ik en uterje ik mysels it bêste. Nederlânsk prate fielt minder fijn. Ik soe der dus neat oan fine as ik Nederlânsk prate moast tsjin Tieme.’  

Hoewol’t Theo ek wolris Frysk mei syn soan praat, is de fiertaal by Theo en Simone thús Nederlânsk. Simone komt út Oerisel, mar ferstiet wol Frysk. Froukje laket: ‘Se moat ek wol, want yn de famylje-app wurdt allinne mar Frysk skreaun. Simone goait der tsjintwurdich sels wolris in Frysk wurdsje yn.’    
Healwei njoggenen jûns komme Froukje en Johan wer thús fan har oppasdei. It binne lange dagen, mar dat ha se der graach foar oer. ‘Wy krije sa in soad mei fan Tieme en hy fan ús. De Fryske taal yn elk gefal, haha!’

 

Tekst: Marrit de Schiffart 
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!