heit&mem

In ljocht yn koroanatiid

In ljocht yn koroanatiid

x 8 april 2021

Lytse bern, ik wurd der fleurich fan, sy wiene der altyd yn myn libben, yn alle soarten en maten om samar te sizzen. Earst de fjirtich bern yn myn klaske yn Ljouwert doe’t ik yn in fier ferline noch juf wie. Prachtich! Doe myn eigen beide dochters en letter de fjouwer beppesizzers dy’t no al wer 31, twa fan 27 en 24 jier binne. Wat ha wy in wille hân doe’t sy lyts wiene en wat hawwe wy in soad belibbe mei elkoar: alle jierfeesten, fakânsjes, útfanhûspartijen, sporteveneminten, oppasdagen- en nachten, aventoeren yn bosk en fjild, neam mar op, want wy binne famyljeminsken. En dat hâldt gelokkich noch net op, want ik bin al wer in pear jier oerbeppe. Ja, oerbeppe! Allinnich sa’n wurd al! Dat klinkt fansels oerâld, mar sa fiel ik dat net, want ik wol fansels, tsjin better witten yn, dat it noch hiel lang duorret, want wy hawwe noch fan alles te dwaan!   

Ien kear yn de fjirtjin dagen passe wy in dei op lytse Sven (3) en ik sjoch der nei út as er syn favorite giele learskes wer ûnder de kapstok set en fol ferwachting ta de keamer ynstapt. Meast mei in grutte dino ûnder de earm. Ik hâld fan him oant de sinne en de moanne en wer werom en wy prate tegearre oer fan alles wat wy sjogge en ûntdekke, yn en om it hûs. Fan syn heit leart er fan alles oer de natoer en as ik tsjin him sis dat ik in fûgel sjoch, fertelt hy my dat dy fûgel fan merel hjit. En dêr wurd ik dan wer hiel gelokkich fan. En ik lês him foar, soms út myn eigen berneboekjes. Dat fynt er wol moai, mar hy wol earst nei de grutte ‘gereedschapskist’. Dan slaan wy spikers yn in plankje en helje se der wer út mei in knyptange. In grut sukses! Omi, seit er tsjin my, want hy hat ommers ek al in oma en in beppe en hy moat fansels net yn ’e war reitsje. Omi. En ik sis Svennie. Syn lytse suske Lauren, midden yn de earste hevige koroanaweach berne, seagen wy foar it earst by harren hûs efter it finster, want wy mochten har doe net iens efkes fêsthâlde. Mar dat hawwe wy letter gelokkich goed ynhelle! It is in feest, dy lytse bern, in ljocht yn de dochs wol wat ferfrjemdzjende stille koroanamoannen fan de lêste tiid.

Baukje Wytsma (1946), wurke by it ûnderwiis, yn de sjoernalistyk en is noch altyd aktyf as skriuwster fan benammen berneboeken, poëzij en muzykteksten. 

Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Fingerferskes fine bern prachtich en binne fan alle tiden. Kenst it ferske noch fan ‘Dit is pake, koart en dik?’ Hjir fynst de komplete tekst!

lês mear