heit&mem

Wy wenje op ’e stâl

Wy wenje op ’e stâl

Marieke Vinckers 16 maart 2021

De doar by elkoar platrinne dogge se net, mar it is wol fijn dat der altyd immen yn ’e buert is. Soe der wat wêze, dan binne se der foar elkoar, altyd. Tineke (31) en Geertjan (36) namen fiif jier lyn de pleats yn Harich fan harren heit en mem oer, yn goed oerlis. Aleta (58) en Roel Zuiderbaan (62) binne bliid dat it sa koe en wenje no yn ’e prachtich ferboude stâl. De nok sit op fiif meter hichte, yn it sicht twa grutte âlde houten balken dêr’t tsien moaie swarte lampen oan hingje.

Aleta: ‘We hawwe der gjin sekonde spyt fan hân, mar doe’t ús dochter Tineke mei it idee kaam, moast ik der earst wol eefkes oer neitinke hear. Roel woe fuortendaliks wol! Mar ik tocht: byinoar wenje mei de bern, dat is dochs wat foar âlde minsken? Ik wie krekt fyftich!’ Pakesizzer Teije (3) fljocht op syn fytske fan it iene hûs nei it oare. Tineke appt dan gau: ‘Teije komt deroan hear!’ Lytse Lyne (1) leit no noch rêstich by heit en mem yn ’e boks, mar dy sil letter ek har wei nei pake en beppe wol fine!

‘It giet allegear hiel natuerlik. Wy hawwe de iene kant fan ’e pleats, sy de oare. We hawwe beide ús eigen oprit en wy sjogge fan elkoar net wa’t der op besite komt. As de sûker op is, dan is it wol maklik: ien appke is genôch! Mar we hawwe direkt wol ôfpraten: we komme net samar by elkoar del. Dat moatst ek net wolle, we hawwe elk ús eigen libben.’ 

 

It is moai dat it plak yn ’e famylje bliuwt en de nije wenning is moai wurden, hjir kinne pake en beppe wol âld wurde.

 

Tusken de wenningen sit noch it bedriuwsgebou, dat is wat dat oangiet in moaie buffer. It bedriuw wie fan Roel en Aleta, mar troch sûnensproblemen moasten se spitich genôch stopje. Geert Jan woe wol in diel oernimme, en sa begûn it baltsje doe te rôljen. It is moai dat it plak yn ’e famylje bliuwt en de nije wenning is moai wurden, hjir kinne pake en beppe wol âld wurde. Fiifentweintich jier hawwe Roel en Aleta op ’e pleats yn it hert fan Harich wenne, en no wenje se op ’e stâl!

 

Tekst: Marieke Vinckers
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!