heit&mem

Heit en dochter (9) tegearre op Fryske les

Klasina van der Werf 10 december 2018

Wytske Heida hat al hiel wat Fryske lessen jûn foar de Afûk. Mar noch noait tagelyk oan in heit en syn jonge dochter. Wybren Jaarsma en syn 9-jierrige dochter Aafje hienen de primeur. Se wenje noch net sa lang yn De Langelille – dêrfoar wennen se yn Amsterdam – en fine it wichtich om de Fryske taal te learen.
Wybren hat tritich jier yn Amsterdam wenne en hat altyd sein: ás ik ferhúzje, dán nei Fryslân. ‘Mijn grootouders komen uit Friesland, maar ik ben niet Friestalig opgevoed. Mijn vrouw wel. Zij is geboren en getogen in Tytsjerksteradiel. Een echte Friezin en “native speaker”. Mijn hele schoonfamilie praat Fries en aangezien wij sinds mei vorig jaar in Langelille wonen, vond ik het tijd om de taal te leren.’

‘Samen met mijn dochter Aafje kreeg ik privéles. Ik vind het belangrijk dat wij de taal in elk geval goed kunnen verstaan. Frysk hoort nu eenmaal bij Fryslân’, stelt Wybren, dy’t trije dagen yn ’e wike as kardiolooch yn it ‘one-stop-shop’-sintrum fan it St. Antonius Ziekenhuis yn Blaricum wurket. It foel neffens him net ta om de taal in bytsje ûnder de knibbel te krijen. It Frysk leare te ferstean gie noch wol, mar it praten fynt er lestich. Foaral de útspraak fan wurden lykas ‘skuon’ en ‘boartsje’.

Stellingwerfsk
Aafje pikte alles folle flugger op. En de útspraak giet floeiender. Se kin no benammen goed Frysk ferstean en lêze. Dochs fûn Aafje de Fryske kursus soms ek wol wat dreech. ‘De hele les was in het Fries: de uitleg, de Friese woordjes en de opdrachten. Sommige dingen vond ik moeilijk, maar de woordzoekers waren wel heel leuk om te doen. Als mijn neefjes en nichtjes uit Gorredijk nu Fries tegen me praten kan ik ze goed verstaan, maar ik praat gewoon Nederlands terug’, fertelt Aafje.
Har heit fynt it spitich dat de bern op de skoalle fan Aafje yn Munnikebuorren hast gjin Frysk prate, mar Stellingwerfsk. Dochs is hy bliid dat se sels wól ynvestearje yn ’e Fryske taal. ‘Het is handig dat Aafje de Friese taal alvast beheerst voor als ze straks naar de middelbare school in Heerenveen gaat. Bovendien zit ze op karate in een klas waar de kinderen alleen maar Fries praten.’

Praat mar Frysk
De mem fan Aafje – Petra Boorsma – kin al Frysk en krige in goeie tip fan ‘juf’ Wytske. ‘Praat safolle mooglik Frysk tsjin dyn dochter. Dat is de bêste manier om it te learen.’ Wytske sjocht mei in soad nocht werom op de lessen mei heit Wybren en syn dochter Aafje. ‘It wie foar it earst dat ik dizze kursus oan in famke fan har leeftiid jaan mocht. Ik hie allinnich in lesboek foar folwoeksenen, dus it wie in útdaging om lessen te meitsjen dy’t foar Aafje ek leuk wiene. Ik begûn mei Tomke, mar hie al gau yn ’e gaten dat dat te maklik foar Aafje wie. Ik gie oer op de ferskes fan Hindrik van der Meer, en Fryske ferhaaltsjes. Dêrnei die bliken dat se de stof út it lesboek ek maklik oppikte. Foar sawol Wybren as Aafje siet dêr genôch útdaging yn.’

Wedstrydsjes
It foel Wytske op dat Aafje hiel oars nei de Fryske taal seach as har heit. ‘Folwoeksenen wolle graach snappe wat de regels fan de spelling binne, wylst bern inkeld in foarbyld nedich hawwe, goed lústerje en gewoan meidogge. Dan ûnthâlde se de wurden wol. Om it leuk te meitsjen foar it famke diene wy ek wol wedstrydsjes wurden werkenne. Aafje wûn meastal’, seit Wytske laitsjend.
Wybren hie dêr wol aardichheid oan. ‘Het was erg leuk om deze cursus samen met mijn dochter te doen. Een mooie manier om kennis te maken met de Friese taal. Ook de eeuwenoude Friese geschiedenis spreekt me aan. Friezen hebben echt een eigen identiteit en zijn altijd zichzelf gebleven.’’

Beste beslissing
Foar Wybren en Aafje wie it belangrykste doel dat se har gjin bûtenlanner fiele soene yn Fryslân. Dat is slagge. ‘Wij vinden het geweldig om hier in Langelille aan het water te wonen. In Amsterdam was het zo druk, zelfs op de fiets stond je in de file voor het stoplicht. Hier hebben we alle ruimte en kunnen we doen en laten wat we willen’, seit Wybren.
Ek Aafje fynt it hiel moai om yn Fryslân te wenjen. Simmerdeis kin se lekker swimme mei freontsjes en freondintsjes yn ’e Tsjonger, tsjinoer harren hûs. Har mem ferhiert dêr kajakken. ‘Het is hier een stuk rustiger. De klassen zijn kleiner dan in Amsterdam en de kinderen groter’, is Aafje opfallen. De húshâlding is it deroer iens: it wie in bêste beslissing om nei Fryslân te ferhúzjen. En ek om as heit en dochter út Amsterdam tegearre de kursus Frysk te dwaan.

Fries leren?

Voor het leren verstaan, lezen, spreken en schrijven van de Friese taal kun je een cursus volgen.
Op 1, 2 en 3 oktober 2018 en op 4, 5 en 6 februari 2019 starten de groepscursussen.  
De lessen vinden wekelijks plaats, met uitzondering van de schoolvakanties. Een les duurt 2 uur.
De lessen worden voornamelijk ’s avonds gegeven, van 19.30 – 21.30 uur.
 
LearmarFrysk – Fries verstaan en lezen
PraatmarFrysk – Fries spreken
SkriuwmarFrysk – Frysk skriuwe
Foar mear kursussen of ynformaasje >> kursus.afuk.nl
Ook voor startdatum, locatie en inschrijven, ga naar de cursuswebsite.

 

Ut: Heit&mem nr. 2 2018

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!