heit&mem

Jonge bisten: resinsje fan Irene

Dieuwke van der Meer 10 maart 2022

Yn it fleurige boekje ‘Jonge bisten’, mei tekst en yllustraasjes fan Mack, stiet op elke side in jong bistje sintraal. Yn dit kartonboekje steane húsdieren dy’t pjutten alle dagen sjogge, lykas in hûntsje of in poeske, mar ek bisten út de natuer, lykas pinguins en reeën. In bûnte samling bistjes dus, yn in bûnt kleure boekje. Hiel geskikt foar de maitiid.

Doe’t ik it pakketsje út de brievebus fiske, mei in prachtich ynpakt kadootsje deryn, betocht ik dat it miskien wol slagje soe om Seppe (2,5) dêrmei einlings wer ris op it potsje sitte te litten. Want Seppe hâldt fan kadootsjes en fan ‘boeke-lêze’. En ja: it slagget, Seppe sit op it potsje… Wol in hiele minút lang. Dan is it pakje útpakt en wol Seppe mei syn Duplo boartsje. Dus besjoch ik it boekje dan mar efkes allinnich.

 

Mar it moaiste fan de teksten fyn ik dat der by elk bistje krekt wer wat oars skreaun is.

 

‘Jonge bisten’ hat in moaie foarmjouwing, mei in kombinaasje fan foto’s en yllustraasjes. It binne frijsteande foto’s fan skattige jonge bistjes, dy’t op in ienkleurige eftergrûn set binne. De wat abstrakte tekeningen meitsje de siden kompleet. 

De sinnen binne maklik en koart. Mar it moaiste fan de teksten fyn ik dat der by elk bistje krekt wer wat oars skreaun is. Soms stiet der in fraach by om dyn pjut kognityf te stimulearjen: ‘Wat sizze de pykjes?’ of ‘Hokker knyntsje hat de langste earen?’ Mar de fragen dy’t steld wurde, kinne ek samar útrinne op in wedstrydsje pinguin-waggeljen troch de keamer. As mem wurd ik dêr bliid fan, it makket dit boekje foar âlders krekt wat ferrassender as de measte earste wurdsje- en printeboekjes.

Oan ’e ein fan de dei krûpt Seppe by my op de bank en we pakke it nije boekje der dochs noch efkes by. Seppe is eins al wat te grut foar dit boekje, mar hy fynt de plaatsjes hiel leaf. En as hy my fertelle kin hoefolle blomkes der by it einepykje stean en hokker kleur oft se hawwe, dan is er o sa grutsk. Mar it knyntsje fynt er it aldermoaist, want ja: syn knuffel Knyntsje en de knyn op it kaft ‘binne itselde’.

Foar dizze maitiid is ‘Jonge bisten’ in aardich boekje foar lytse pjutten. Mei moaie plaatsjes, ferrassende teksten en moai foarmjûn. Hiel geskikt foar bern oant twa jier. Mar foar âldere pjutten fyn ik it al wat bernich, hielendal as dyn pjut alle bisten al beneame kin en harren lûden al perfekt neidwaan kin. Mar foar bern wêrby’t thús net (in protte) Frysk praten wurdt, liket my ‘Jonge bisten’ wol hiel aardich. Want de plaatsjes binnen werkenber, de teksten maklik en der hoecht gjin ferhaalline folge te wurden. Dan leart dyn pjut mar moai dat it gjin ‘kukentsje’ is, mar in pykje…

Irene Klompmaker

‘Jonge bisten’ is foar € 9,95 hjir online te bestellen.

-> Irene is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Anna Fem (4) fertelt mem oer wat se op skoalle leard hat. “Der binne ek bisten dy’t poep ite, mem! Dat dogge kevers. Mar mieren net, want dy ite bledsjes út de frituer.” (natuer)