De 10 moaiste en bêste Fryske berneboeken op in rychje
![]() |
1. Oer de lytse mol dy’t witte wol wa’t him op de kop skiten hat.Dit boek giet oer de Lytse mol, dy’t by allegearre bisten del giet om út te finen wa’t him op ‘e kop skiten hat. In hilarysk boek oer bisten en poep. Docht it altyd goed by de bern. Wy binne alwer oan de sechsde printinge ta fan dizze klassiker. Priis: € 13,90 |
|
![]() |
2. Tûzen wurdenOft der werklik 1000 wurden yn steane ha’k nea teld, mar dat bern dit in moai boek fine wit ik wol. Der steane in protte moaie platen yn dêr’t bern oeren nei sjen kinne. It strân, in buorkerij, de berchen, iten, kleuren, getallen, bisten, ferfiermiddels, werklik alles komt foarby yn dit boek. In boek dat nea mar dan ek nea ferfeelt. Priis: € 14,95 |
|
![]() |
3. Wêr is Stip?Stip is hip! Dit boek is in echte klassiker en bliuwt leuk om mei dyn lytse dreumes te besjen. Dat komt fansels ek foaral troch de leuke flapkes dy’t yn it boek sitte. Wêr soe Stip sitte? Yn de kiste? Yn de klok of yn de piano? Priis: € 13,50 |
|
![]() |
4. Myn moaiste mearkesSe sizze wolris, dat ast wolst dat dyn bern yntelligint wurdt, datst se mearkes foarlêze moast. Fansels om’t mearkes fol mei moralen en oare libbenslessen sitte. It boek hat yn ferhâlding in protte moaie platen om te besjen, dat fine bern altyd fijn. De tekst is koart en simpel en de ferhalen binne werklik wier prachtich. Priis: € 17,50 |
|
![]() |
5. 100 x Tomke, diel 2Do kinst it net keare, bern fine Tomke leuk. Foar de bern dy’t echt al stil sitte kinne om te lústerjen nei ferhaaltsjes is dit boek in topper. Hjir steane wol hûndert ferhaaltsjes yn, dy’t earder yn de ‘Weekkrant Fryslân’ stienen. En by elk ferhaaltsje is in moaie tekening te besjen. Priis:€ 9,95 |
|
![]() |
6. Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?Wa kin dit boekje net?! ‘Oant de moanne en wer werom’ is in útspraak dy’tst hjoed de dei oeral tsjinkomst. In echte klassiker. En net te ferjitten in prachtich boek mei skitterjende platen en in geweldich moai ferhaal. Te moai om dyn bern net foar te lêzen. Priis: € 14,95 |
|
![]() |
7. De bisteboel fan Omke RoelKinne jim se noch? ‘In knyn, minemyn’ en Kees Kikkert, Hintsje Kokkelintsje en Bijke, Bijke, Bijke. Wy hienen yn it ferline al dizze ferskes op in plaat. Yn 2011 binne de ferskes opnij ynsongen en op cd set. Yn ien wurd: geweldich! Wy belusterje dizze cd altyd yn de auto en ús dochter giet dan alle kearen wer hielendal út har dak (wy ek trouwens). Yn it boek sels steane alle ferskes nochris útskreaun en ek steane der ferhalen yn. In echte oanrieder! Priis: € 14,95 |
|
![]() |
8. Rûpke NoaitgenôchIk kin my noch goed heuge dat wy dit boek al op de kleuterskoalle hienen. It boek is yn 1969 al útjûn mei de titel ‘ A very hungry caterpillar’. Yn 2003 kaam er foar it earst ek yn it Frysk. En wat is it in leuk boek! De bern leare oer hoe’t in rûp yn in flinter feroaret, mar se leare tagelyk ek tellen, kleuren te werkennen en ferskate soarten iten te beneamen. Dizze kin net mist wurde yn de boekekast! Priis: € 13,00 |
|
![]() |
9. Jentsje syn pemper Wa kin Jentsje net? Fan alle boekjes oer Jentsje (Jentsje syn pot, Jentsje syn bear, Jentsje yn ’t bad, Jentsje syn auto) fyn ik dit de leukste. Jentsje fynt himsels fjirstente grut foar syn pemper en betinkt dat Pukky dizze mar om moat. Mar oft mem hjir sa bliid mei is? It ferhaaltsje op rym lêst lekker foar en de plaatsjes binne geweldich. Priis: € 8,95 |
|
![]() |
10. De Gruffalo“De gruffalo? Noch noait fan heard. Mûs giet op stap yn it donkere bosk en komt in foks, in ûle, in slang en in gruffalo tsjin. Dy ha allegear wol sin oan in hapke mûs. Hoe sil er him dêr útrêde? Priis: € 14,95 |
HOKKER BOEK SOE NEFFENS DY YN DIZZE TOP 10 STEAN MOATTE?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: