heit&mem

De boekresinsje fan Femke: ‘Tútsje derop!’

x 19 augustus 2020

Hoera! Der falt in boek troch de brievebus. Mei in protte wille wurdt it pakje iepenmakke. It is in prachtich moai boek, mei de titel ‘Tútsje derop’. It is skreaun troch Bernd Penners en hat prachtige yllustraasjes fan Henning Löhlein. Der wurdt fuortendaliks gebrûk fan makke, efkes ûntdekke hoe’t it presys wurket en dan oan ’e slach!

‘Wol mem my foarlêze?’ ropt Faylina. It ferhaaltsje begjint mei in grutte toer fan allegear bisten: in hûntsje, in skiep, in aap, in bear en in oaljefant. Geandewei it boek krije alle bisten fan de toer in ûngelokje wêrtroch’t se in bytsje help nedich ha. ‘Tútsje derop, pleister… en it is wer klear!’ seit de tekst dan. Oan ’e ein fan it boek binne se allegearre wer bliid en sûn, de pleisters helpe, mar in tútsje helpt dochs wol it aldermeast. Troch de ‘echte’ pleisters dy’t by it boek sitte is it in leuk ynteraktyf boek foar oeren lêswille. Op de pleisters stiet ek noch in plaatsje fan de bisten, wêrtroch’tst moai sjen kinste by hokker bist hokker pleister heart.

Us Faylina (3) is gek op it fersoargjen fan bisten, dit boek koe wol foar har makke wêze. De pleisters kinne altyd wer brûkt wurde en sels skjinmakke wurde mei kâld wetter. Dêrtroch giet it boek in hiele tiid mei, miskien giet it sels wol generaasjes mei. Elk bist krijt in tútsje fan Faylina, wêrnei’t se de goeie pleister op it bist plakt en we tegearre sizze: ‘It is wer klear!’

Troch de ‘echte’ pleisters dy’t by it boek sitte is it in leuk ynteraktyf boek foar oeren lêswille.

 

 

qrf

It boek hat hiele moaie kleuren, wêrtroch’t it in moai boek foar lytse bern fanôf twa jier is. Sa leare se dat in ûngelokje barre kin en dat it altyd wol wer goed komt. Troch de pleisters is it in stik nijsgjirriger om it boek te lêzen. Foaral foar lytse bern dy’t lêzen net sa leuk fine, is dit in útkomst! Mar natuerlik ek foar de lytse boekefans sa as ús Faylina is dit in hiel moai boek om yn ’e hûs te hawwen. Myn Nederlânske freondin dy’t tafallich delkaam, wie ek hiel entûsjast oer it boek, se hat it sels al as tip trochjûn oan har oare freondinnen mei bern. In oanrieder is it dus seker!

Leave groetnis fan Femke en Faylina

‘Tútsje derop’ is foar € 12,50 hjir online te bestellen.

 

-> Femke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!