heit&mem

It Bijeboek: resinsje fan Fleur

x 9 mei 2022

Watfoar soarten bijen bestean der? Wêr komt huning wei? Hoe prate bijen mei-inoar? Wêr binne bijen eigentlik belangryk foar en hoe kinne wy bijen helpe? Dat binne in pear fan de fragen dy’t yn ‘It Bijeboek’ beäntwurde wurde.

It boek is skreaun troch Charlotte Milner, in troch de natuer ynspirearre skriuwster. Har boekjes stean bekend om de moaie yllustraasjes en de natuerlike ûnderwerpen, dy’t op in boartlike manier útlein wurde.

Dit boek is dan ek ta stân kaam trochdat Milner sels ûndersyk nei de bijewrâld die. Dat ynspirearre har sa dat se dêr in boek oer skriuwe woe. Sadat jong en âld mei-inoar yn petear geane, oer it belang fan bijen en hoe’t we bijen op dizze wrâld feilich hâlde.

 

 

De ynformative stikjes tekst fan it boekje binne goed opboud, trochdat der meastal earst útlein wurdt wat in bepaald begryp betsjut en dêrnei in fierdere útlis komt.

 

Kwa foarmjouwing is it boekje hiel dúdlik en boartlik. Der stean by elk ûnderwerp moaie yllustraasjes, mei pylkjes derby, wêrtroch’t bern de yllustraasjes mei de ûnderwerpen goed faninoar ûnderskiede kinne. Je ha gelyk sin om yn it boek te sjen, omdat de kleuren byelkoar passe en it in hiele fleurige yndruk jout.

De ynformative stikjes tekst fan it boekje binne goed opboud, trochdat der meastal earst útlein wurdt wat in bepaald begryp betsjut en dêrnei in fierdere útlis komt. Ek stean der yn it boekje in protte begripen, wêrfan’t de betsjutting en faak in yllustraasje yn it boek te finen is.

It boadskip fan it boek is dat wy net alles op de wrâld samar foar leaf nimme moatte. We moatte goed op ús bijen passe, sa’t wy, lykas ek yn Milner har oare boekjes beskreaun stiet, ek op ús wrâld passe moatte. It boek soarget foar in petear mei dyn bern, mar stimulearret ek om wat te ûndernimmen mei de bern. Sa as it meitsjen fan in bijehotel of it plantsjen fan bij-freonlike planten. It boek kin ek in soad goeds dwaan foar in ynspirearjende sprekbeurt en is dus ek seker oan te rieden foar skoallen.

Koartom, in boek dat jong en âld in hiele protte leare kin en derfoar soarget dat we wer wat wrâldwizer wurde. Dit boek is dan ek in echte oanrieder om as basis te brûken foar in sprekbeurt of foar in temawike op skoalle oer de maitiid.

 

Fleur de Vries

 

‘It Bijeboek’ is foar € 15,00 hjir online te bestellen.

-> Fleur is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!