heit&mem

De boekresinsje fan Henny: ‘Pykje Fjouwer’

x 1 juni 2020

Pykje Fjouwer. In berneboek foar jong en âld. In boek mei in ferhaal, in boek mei ynfo oer de greidefûgel de skries, moaie plaatsjes en in boek mei in liet.

Net allinne ús Brecht (6) is entûsjast. Sels bedarre ik wer efkes yn myn bernetiid. Ik seach master wer foar de klasse stean en út folle boarst sjonge: “Wat bist do leaflik; rizende simmermoarn! ’t Opgeande sintsje laket my oan. ’t Hoantsje kraai: kûkelû! ’t Doke ropt: roekoekoe! Ik wol ek sjonge fleurich fan toan”. De hiele klasse die mei.

Doe’t Brecht en ik it boek foar it earst liezen begrutte it Brecht eins wol in bytsje. Pykje Fjouwer koe syn aai net stikken krije en omdat it te gefaarlik wie om op him te wachtsjen fleagen mem en de broerkes en suskes fan pykje Fjouwer út. Brecht begriep net hielendal wêrom’t de mem har pykje efter liet. “In mem heart dochs by har pykjes?” Se fûn it mar wakker begrutlik. Op de oare bledside begûn der gelokkich in moai aventoer foar it pykje. Pykje Fjouwer wurd beste freonen mei in kealtsje. Se bliuwt in skofte by it kealtsje en de oare bisten op ‘e pleats, oant de dei komt dat pykje Fjouwer de kribels krijt en lykas oare greidefûgels nei it Suden ta giet. Dêr rekket er fereale. Hy komt wer thús en hat sels in wyfke fûn om in nestje mei te bouwen. As it fjirde aai mar net útkomme wol fljocht pykje Fjouwer net fuort. Hy wachtet krekt sa lang oant at it nije pykje Fjouwer safier is. Hy hat betrouwen.

It boek fertelt oer de krêft fan freonskip, oer it op eigen fuotten stean, aventoeren belibje, fereale wurde, betrouwen hawwe… en lykas yn elts berneboek komt it altyd goed. Is dat ek net wat wy allegearre foar eagen hawwe foar ús eigen pykjes? Aventoeren belibje, falle en wer opstean mar boppe-al dat it altyd wer goed komt. Brecht en ik slute it boek altyd efkes sjongende ôf en der wurde wy o sa fleurich fan en it bringt ús de grutste wille. Slach it boek mar hurd iepen en genietsje lykas wy fan it moaie aventoer fan dizze greidefûgel. 

 

Henny van der Graaf, Berltsum

‘Pykje fjouwer’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

 

-> Henny is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!