heit&mem

De resinsje fan Jeltje: ‘Pykje Fjouwer’

x 19 april 2020

Op in tongersdei yn maart kriich ik in mailtsje mei de fraach om in resinsje te skriuwen oer in nij boek. Ditkear Pykje Fjouwer fan Lida Dykstra. In moai foarjiersboek.

Doe’t ik thús oan de itenstafel sei dat we ynkoarten wer in leuk Frysk boek ûntfange soenen, wienen de bern gelyk entûsjast. Doe’t it boek yn ’e brievebus hong, wie foaral Tessa (5) hiel nijsgjirrich. Se rôp gelyk: ‘O, dat is in hiel moai boek.’ Se hie it boek al op skoalle sjoen en se wist der ek al wat oer te fertellen. Tessa fynt it ek geweldich op de pleats fan har boarterskammeraat. De kealtsjes dy’t berne wurde, mar ek it fjild yn nei de skiep. Se is altyd bûten te finen.

It ferhaal giet oer in skries dy’t net út it aai komme kin. Mem giet fuort en Pykje Fjouwer bliuwt allinne achter. In kealtsje nimt de skries yn ’e bek en sa bedarret Pykje Fjouwer op de pleats fan Yfke. Hy wurdt grut op de pleats mei alle bisten om him hinne. Hy wurdt sa grut dat er útfleane wol en dat docht Pykje Fjouwer dan ek. Tessa fynt it wol wat sneu foar alle oare bisten op de pleats. Hoe moatte dy no fierder sûnder Pykje Fjouwer?

De tekeningen meitsje dat ús bern hielendal yn it boek ferdwine.

 

En dan komt de winter sûnder Pykje Fjouwer. Hy wurdt mist, mar gelokkich komt de maaitiid der ek gau wer oan. Pykje Fjouwer fljocht werom nei syn heitelân en sjocht syn freonen werom. Hoe’t it boek einiget sil ik hjir net ferklappe, want dat is it lêzen wurdich.

Achter yn it boek wurdt noch fan alles ferteld oer de skries en wêr’t se yn ’e winter nei ta fleane. Hiel edukatyf foar de bern, mar ek wol foar mysels. Mei it prachtige waar fan de ôfrûne wiken ha we in soad te fytsen west mei de bern. De bern ha drok op syk west nei de skries, mar koene him net sa best fine. Neffens Tessa is de skries al wer fuort. De aaien sille wol útkommen wêze. No mar hoopje dat der net wer in Pykje Fjouwer allinne is. 

Pykje Fjouwer is in prachtich moai boek foar bern. Leeftiid makket net út. De tekeningen meitsje dat ús bern hielendal yn it boek ferdwine. In dikke oanrieder foar elk bern!

 

Jeltje Reitsma út Stiens

‘Pykje fjouwer’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Jeltje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!