heit&mem

Alle Stipboekjes op in rychje!

Joukje de Jong 18 april 2019

Stip (de Friese Dribbel) is al jierren hiel populêr by de lytskes. Hjirby in oersjoch fan alle Fryske Stipboeken dy’t op it stuit te krijen binne.​

Stip kin al telle
Dit flapboek is skreaun troch Eric Hill. Stip kin al telle fan 1 oant 10. Hy makket tegearre mei syn heit in rûntsje oer de pleats. Hy komt allegearre bisten tsjin. Hoefolle soenen dat wêze? En wat sit der efter de flapkes? Geskikt om in soad te ûntdekken mei dyn lytske. Besjoch hjir it ynsjocheksimplaar. 

€ 12,99
Hjir te bestellen

Wat fielt Stip?
Dit is in prachtich fielboekje foar de alderlytsten skreaun troch Eric Hill.  Yn dit boek kiste allegearre foarmen, kleuren en sifers ûntdekke. Troch de bisten en de sifers te fielen kinst jonge berntsjes in soad leare. In goeie tarieding foardat se nei skoalle geane. 

€ 11,99
Hjir te bestellen 

Stip – lûden op ‘e pleats
Ast lûdsjes hearre wolst en as dyn berntsje graach sels dingen ûnderfynt is dit boekje ideaal. Troch op de knop te drukken giet de motor rinnen en makket de trekker lûd. Stip helpt syn heit Simen op de pleats. Alle bisten meitsje ek lûd, mar de trekker fan heit makket it measte lûd! Skreaun troch Eric Hill.

€ 11,99
Hjir te bestellen

w_r-is-stip

Wêr is Stip? – Eric Hill is ferantwurdlik foar it skriuwen fan de Stipboekjes. Dit boekje hat flapkes wêr at guod efter ferskûlet. Stip moat ite, mar wêr is der bleaun? Kinsto him fine? Wa sitte der noch mear efter de flapkes? Gean op syktocht nei Stip! 

€ 12,99
Hjir te bestellen

product_4467_0

Stip en syn pake – Stip is sa wiis mei syn pake. Tegearre fine se fan alles út. It makket neat út wat foar waar it is. Miskien ha jo sels in pakesizzer wêr as jo sa wiis mei binne. Dit boekje skreaun troch Eric Hill is hiel geskikt om wei te jaan foar in jierdei. 

€ 6,99
Hjir te bestellen

product_2803_0

Stip en syn beppe – Stip is net allinnich wiis mei syn pake mar natuerlik ek mei beppe. Hy fynt it sa moai om beppe te helpen. Ek fynt Stip dat beppe goed foarlêze kin. Eric Hill hat dit aardiche boekje skreaun. As je tegearre mei jo beppesizzer foarlêze wolle, is dit boekje in oanrieder. 

€ 6,99
Hjir te bestellen

product_1550_0

Stip en syn heit – De auteur fan dit kartonboekje is Eric Hill. Alle berntsjes geane graach tegearre mei heit op paad. Krekt as stip. Yn dit boekje giet der de hiele dei mei heit op stap. Wat se belibje? Dear moatst sels mar efter komme. 

€ 6,99
Hjir te bestellen 

product_4064_0

Stip kriget in suske – Dit is alwer in Stip flapboek foar berntsjes fan ôf twa jier âld. Lyk as de oare Stipboeken is dizze ek skreaun troch Eric Hill. Heit en mem harre in grutte ferrassing foar stip. Wat soe dat no wêze? Natuerlik, in suske! Stip is sa bliid en wiis mei syn neie suske. Sjoch yn dit boekje hoe leaf se tegearre boartsje kinne. 

€ 8,95
Hjir te bestellen

 

product_3685_0

Winterwille mei Stip – Eric Hill hat dit kartonboekje skreaun. Stip en syn famylje hawwe in protte wille yn’e snie. In lekker boekje om tegearre te lêzen tidens de donkere dagen. Lekker waarm by de kachel mei in tekkentsje oer en genietsje fan de aventoeren fan Stip. Yn deselde ferskynden ek: Stip en syn mem, Stip en syn heit, Stip en syn pake en Stip en syn beppe. 

€ 6,50
Hjir te bestellen

Hoi, Stip! – Dit lytse boekje kiste bygelyks oan de buggy hingje. Ideaal foar de hiele lytskes. It soarget foar it protte wille ûnderweis. En as se it efkes besjen wolle kin dat ek. Of tegearre, dat is noch geselliger! Ek ideaal om wei te jaan as kadootsje. Eric Hill is ferantwurdlik foar dit skattige lytse boekje.

€ 7,50
Hjir te bestellen

stip-syn-moaiste-ferhalen-web

Stip syn moaiste ferhalen – De seis moaiste ferhalen fan Stip binne troch Eric Hill sammele en foarmjoen yn dit boekje. De ferhalen dy’t der yn steane binne Stip syn earste picknick. Stip op sikebesite, Stip yn’e grientetún, Stip giet nei de merke, Stip docht in spultsje en Stip sil kampearre. It boekje is ynbûn en hat 117 siden. Ast in wykeintsje fuort giest dan hoechst mar ien boekje mei te nimmen en hast gelyk meardere ferhaaltsjes! 

€ 14,95
Hjir te bestellen

Betterskip, Stip – In prachtich kartonboekje troch Eric Hill foar de lytskes. Stip is in bytsje siik. Siik wêze is neat oan, mar gelokkich fleurje Stip syn freontsjes him in bytsje op.

€ 6,99
Hjir te bestellen

  Dit is Stip – Kartonboek

In prachtich nij Stipboek foar de alderlytsten, dat sels yn de foarm fan Stip makke is!

Leuk om mei te boartsjen én leuk as dekoraasje op de bernekamer!

€ 8,99
Hjir te bestellen 

 

 


De boekjes fan Stip binne ek yn it Nederlânsk te krijen.

Der is ek in echte Stip bestekset spesjaal foar de lytskes te krijen!

9200000058712020(3)

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!