heit&mem

De 10 beste foarlêstips!

Foarlêze is in feest! Oerdeis of foar it sliepen gean, it kin allegear en dyn bern sil dat spesjale momint altyd by him hâlde. Foarlêze hat ek nochris in posityf effekt op de wurdskat, spelling en tekstbegrip. Hjir in oantal handige tips om it measte der út te heljen.

Dieuwke van der Meer 10 januari 2021

1) Earst sels it boek goed trochlêze

Lês it ferhaal earst sels goed troch, eventueel lûd op dan witst wêr’t de drege wurden sitte dy’t om in taljochting freegje. Kinst fêst al neitinke oer de mimyk: sjoch bliid, fertrietlik, boas, ferbjustere, mei spanning ensfh.

2) Hoe sjocht it boek der út?

Lês de titel fan it boek foar en praat mei bern oer de foarkant. Bern wurde nijsgjirrich nei de ynhâld!

3) Gean der foar sitten (mar net te lang)!

Om goed foarlêze te kinnen oan in groepke lytse bern is in rêstich plakje belangryk. Lit de bern yn in heale sirkel foar de foarlêzer sitte. Sa kinst alle bern goed sjen en eachkontakt hâlde. Lês net te lang foar. Stil sitte is slim foar pjutten; har spanningsbôge is sa’n 10 minuten. Lit de plaatsjes by it ferhaal sjen en nim de tiid derfoar!

4) Lit de bern fertelle en gean yn op reaksjes

Lit de bern reageare op it ferhaal mar soargje datst sels de regy hâldste. It giet derom dat bern prate, dus alle opmerkings binne goed! Nim alle opmerkings serieus en freegje fierder. Bern fertelle dy faak dan wêr’t se oer neitinke!

5) Mei de bern it ferfolch foarspelle

Ynteraktyf foarlêze betsjut dat de foarlêzer fragen oan de bern stelt dy’t twinge ta neitinken: wat soe der no gebeure? Wêrom seit Kornelia dat? Wat tinkst/tinke jim dat Romke no docht?

6) Dyn eigen foarlêsritueel

Besykje in fertelsfear te kreëarjen dy’t by dy past bygelyks gean op in moaie stoel sitten of set in foarlêshoed op. Begjin ferrassend: mei in fluitsje, in muzykdoaze, in roffel op in trom. Of sis ‘we begjinne’ en lit de bern dan sachtjes meielkoar ‘ssssssst’ sizze. Bliuw dysels!

7) Lit it ferhaal leve!

Lês rêstich en dúdlik foar. Besykje foariaasje yn ‘e stim oan te bringen, mar oerdriuw dat net! Bygelyks: heech en leech, lûd en sachtjes, fluch en stadich. Stimkes meitsje kin mar moat dan wol folhâlden wurde kinne! Tefolle stimkes wurket betiizjend foar lytse bern.

Lytse bern hâlde wol fan wat ‘show’ en dêrom kinne ek wol passende lûden yn it ferhaal brocht wurde: it lûd fan de wyn, de toeter fan in auto of freegje it bern sels om wat (foar) te dwaan.

8) Neiprate

As it boek út is, kinst der nochris op werom komme. Wêr gong it boek no krekt oer? Wat foel har op? Freegje ek wat de bern fan it boek fine.

9) Noch in kear!

Lês it boek meardere kearen foar. Bern leare elke kear wer wat nijs. Der falt har altyd wer wat nijs op en sa meitsje se harsels wurden eigen.
Súkses!

10) Gean nei de online boekwinkel fan de Afûk foar de moaiste Fryske foarlêsboeken.

 

Besjoch hjir de top 10 moaiste printeboeken.

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!