heit&mem

‘Us bern binne in segen’

‘Us bern binne in segen’

Ciska Noordmans 9 maart 2021

Namme: Lianne en Gerbrand Bokma (beide 33) fan It Heidenskip. Gerbrand is boer en Lianne is bûtermakster en wurket yn ’e eigen winkel

Húshâlding bestiet út: Lianne en Gerbrand en de trijeling Hanna en Luke en Fenne (16 moanne)

‘Ik wie krekt fjouwer wiken yn ferwachting en groeide fluch. Nei sân wiken gongen we nei ’t sikehús foar in echo. Ik gong út fan in twaling, mar Gerbrand tocht dat it sa’n faart net rinne soe. Doe’t de echoskopiste sei dat se der even in dokter by helje woe, wist ik genôch. Doe’t wy hearden dat it trije wiene, moasten we dat al even besinke litte.

 

Wy moasten ús ferhaal echt even kwyt en hawwe fuort Gerbrand syn âlders in briefke sjen litten mei dêrop: 1+1=5.

 

Wy moasten ús ferhaal echt even kwyt en hawwe fuort Gerbrand syn âlders in briefke sjen litten mei dêrop: 1+1=5. Sy snapten dêr earst neat fan, mar doe’t it trochkrong, wiene se hiel bliid foar ús. Sy wisten ommers ek fan ús sikehústrajekt.  

Moaie kanten
We sjogge de berte fan ús trije bern as in segen, in jefte fan Gods hân. De befalling is pland en mei 35 wiken kamen se op ’e wrâld, mei help fan in team fan 19 man en in protte ekstra apparatuer.

 

We libje no mei in strak ritme en dat giet goed; ritme is alles.

 

Unhandige kanten
Ienris thús hiene we ferlet fan help. Wy ha de WMO oanskreaun en krigen praktyske stipe fan twa froulju, fjouwer dagen wyks. It wie swier, dy earste tiid, mar it is slagge. Ek mei de boarstfieding dy’t ik sa graach jaan woe oan ús trije bern. 

We libje no mei in strak ritme en dat giet goed; ritme is alles. De bern hawwe altyd elkoar, kinne moai mei-inoar boartsje, dat is in dikke plus. Nei sânen jûns fine wy stadichoan wer wat tiid foar ússels, mar in soad gean we der noch net op út.’ Is dit ek better?

 

Tekst: Ciska Noordmans 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 1 2020

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!