heit&mem

Skriuwer Paul van Dijk oer ‘Omke Ûle past op’

x 24 februari 2021

‘Dit is myn earste printeboek. Ik woe wat moais meitsje foar ús soan Hidde, dy’t no seis jier is. Dat waard Omke Ûle past op. Ik ha earst it ferhaal betocht en op rym skreaun. Doe’t ik dêr tefreden oer wie, ha ik de yllustraasjes derby makke. It is echt in printeboek foar pjutten en beukers, mei in soad byld en net tefolle tekst.’

‘Ik kin net op in keammerke sitten gean en op kommando in ferhaal betinke, dat wurket foar my hielendal net. In idee foar in boek komt spontaan omheech buorreljen. Dat is moai, mar ek ûnhandich, want meastal bart soks as it my hielendal net útkomt. Omdat ik ûnder de dûs stean, of oan it hurddraven bin, dus echt op sa’n momint dat ik ek gjin pinne en papier by my ha om gau wat op te skriuwen. As dat slagget set ik dan in oantekening yn myn telefoan, dy’t ik letter útwurkje. En soms fyn ik it dan hielendal net mear sa’n goed idee, mar dat is net slim, der komt altyd wol wer wat nijs.’

Ik soe it moai fine as der bern binne dy’t nei it lêzen fan dit boek ek ris wat doarre te dwaan wat se eins mar eng fine.

‘Ik socht in bist dat wol wat húslik liket en fan lêzen hâlde kin. Dy dingen passe wol by in ûle yn myn eagen. Boppedat komme ûlen net faak as haadpersoan yn printeboeken foar.’

‘Omke Ûle sit leafst de hiele dei thús yn syn beam, mei in boek. In hiele saaie ûle dus. Dat komt om’t er eins oeral bang foar is. Op in dei bellet syn suster. Se siket oppas foar har soantsje. Omke Ûle doart gjin nee te sizzen en sa komt dat lyts ûltsje by him yn ’e beam. Dêr is foar it mantsje net folle te belibjen. Hy hellet syn omke oer om der tegearre op út te gean. Op aventoer!

Ienkear bûten syn beam stapt Omke Ûle hieltyd wer oer syn eigen eangst hinne. Hy leart dat it hartstikke leuk wêze kin om wat te besykjen datst eins net doarst. Ik soe it moai fine as der bern binne dy’t nei it lêzen fan dit boek ek ris wat doarre te dwaan wat se eins mar eng fine.’ 

Ut: heit & mem nr. 2 2020  

‘Omke Ûle past op’ is foar € 14,50 hjir online te bestellen.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!