heit&mem

De resinsje fan Wieke: Tomke op it iis

De resinsje fan Wieke: Tomke op it iis

x 4 januari 2021

Tomke op it iis is in prachtferhaaltsje oer de winter mei Tomke en alles wat dêrby komt te sjen. Bygelyks it dragen fan waarme klean, it iten fan snert mei spek en fansels oer it reedriden learen. 

Us bern Eelke (2 jier) en Jitske (1 jier) binne gek op de Tomke-ferhaaltsjes. De rymkes yn de boekjes kinne se nei in pear kear lêzen sa meidwaan, dat makket Tomke sa oantreklik foar bern.
De herkenning fan it ferhaal en de ferske-achtige manier fan skriuwen fan Geartsje Douma, yn kombinaasje mei de tekeningen fan Luuk Klazenga, is by ús bern altyd in gouden formule.

Tomke op it iis spilet him ôf yn de wintermoannen. Tomke hat him waarm oanklaaid, omdat it kâld is bûten. As hy by de fiver komt, sjocht er iis lizzen, wat him wol lokket om op te stappen. Gelokkich ropt Tomke earst Kornelia om te sjen oft dat wol kin, en Kornelia fynt it iis noch te tin.

Undertusken is Romke ek bûten kaam, mar o wat fynt it hûntsje it kâld! No’t Kornelia noch net mei Tomke it iis op kin, breidet se in sjaal foar Romke.
Nei in pear nachtsjes friezen sil Tomke it riden leare, mar dat giet noch net sa maklik! Hy oefenet en falt en docht him sear, mar úteinlik kin Tomke ride achter de stoel en wat ha se in wille meielkoar!
As se wer thúskomme, ha se wol sin oan wat en dan makket Kornelia hearlike snert mei spek en woarst. Echte winterkost!

De koarte ferhaaltsjes op elke pagina binne rymkes, wêrtroch’t ús bern se maklik mei klank en/of wurd neisizze. Foar it begryp en de rin fan it ferhaal waard de spanning foar Eelke hieltyd heger oer wat Tomke dwaan soe no’t hy noch net echt ride kin.

De prachtige (bekende) Tomke-, Romke- en Kornelia-plaatsjes jouwe hiel moai oan wat harren emoasjes binne. De kleuren binne dizze kear wat feller as wat wy earder wend wiene, leuke tafoeging!
In genot om wer in nij Tomke-boekje mei ús bern lêze te kinnen, altyd feest om te sjen en te lêzen watfoar aventoeren Tomke mei Romke en Kornelia dizze kear wer belibje sille.

Groetnis Eelke, Jitske en Wieke Visser-van den Akker
Jirnsum

Tomke op it iis is foar € 6,50 hjir online te bestellen.

 

-> Wieke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!