heit&mem

De resinsje fan Wieke: ‘De fertelbeam’

x 14 november 2019

Ast yn dyn libben te krijen krigest mei in hommels ferstjerren, dan stiet alles stil en de wrâld op syn kop. Foar jonge bern is soks hast net te begripen en yn in fertrietlike tiid is it sykjen nei in goede manier fan ferwurkjen foar bern.

Dit boek kin hiel goed brûkt wurde by bern dy’t te krijen hawwe mei in grut gemis. Yn it boek wurdt troch de eagen fan bisten beskreaun hoe fertrietlik in ferstjerren is en dat it hiel wichtich is om mei elkoar te praten: ferhalen en oantinkens oer in persoan meielkoar besprekke.

‘De fertelbeam’ is de titel fan it boek. De beam groeit yn it ferhaal út ta in wichtich plak.

Dit boek kin hiel goed brûkt wurde by bern dy’t te krijen hawwe mei in grut gemis.

It boek giet oer in foks dy’t nei in lang en lokkich libben wurch is. De foks docht foar altyd syn eagen ticht en alle freonen fan de foks ha fertriet en misse harren freon. Om it gemis te ferwurkjen komme se faak byinoar en prate dan oer foks. De freonen fertelle elkoar harren oantinkens op it plak dêr’t foks lei. Troch it fertellen fan de oantinkens groeit dêr in plantsje yn ’e snie. It plantsje wurdt by elk ferhaal grutter en sterker en groeit út ta in echte beam: de fertelbeam! Troch it fertellen fan de ferhalen oer foks wurdt it fertriet fan de bisten lichter.

Ik ha it boek foarlêzen oan ús bern. Se fûnen it in drôvich boek, mar snapten hiel goed dat oantinkens it fertriet lichter meitsje, want oantinkens binne hiel wichtich en mei gjin jild te beteljen!

Troch Wieke Hoekstra Ferwerda

It boek ‘De fertelbeam’ is foar € 12,99 hjir online te bestellen.

-> Wieke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!