Falentynsdei; wer komt dat wei?
De Romeinen fierden op 14 febrewaris it feest fan Juno. Juno wie de goadin fan it houlik. Allinnesteande manlju en froulju waarden op dizze dei oaninoar keppele. Doe’t yn de Midsieuwen yn Europa it kristelik leauwen opkaam waard dit leafdesfeest ferbean.
Al hoewol’t der ferskillende ferhalen binne is it it meast wierskynlik dat Falentyn in priester wie.
Neidat keizer Claudius de Romeinske soldaten ferbean hie om te trouwen, wie priester Falentyn ûndôgens; hy trouwde stikem de soldaten mei har wyfkes. Doe’t de tsjerke dêr achter kaam, waard Falentyn fermoarde, op 14 febrewaris. Yn it ferfolch waard op 14 febrewaris de heilige Falentyn betocht.
De earste Falentynskaart waard stjoerd yn de 15e ieuw troch de Frânske hartoch fan Orleans. Doe’t hy yn de finzenis siet, skreau hy in leafdesgedicht nei syn frou.
Sjoch hjir foar moaie Fryske Falentynskadootsjes.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: