heit&mem

Pake en beppe as oppas, of dochs leaver net?

Hieltyd mear heiten en memmen bliuwe beide wurkjen as der bern komme. Meastentiids omdat se it sels graach wolle, mar soms ek omdat it net oars kin. De ekonomyske krisis twingt âlders om fulltime as parttime oan it wurk te bliuwen as der lytskes komme. No’t heit en mem op ’e sinten passe moatte, kinne pake en beppe moai op de bernsbern passe. Wy leinen dizze stelling oan jim foar op ús Facebook-side en der waard fanatyk reagearre.

Nynke van der Zee 29 mei 2019

Elke woansdei  tusken healwei achten en healwei njoggenen is it spitsoere by pake Leo en beppe Ella van Halderen yn Aldskoat. Earst wurde Luna (3) en Emma (1) brocht troch soan Lars. Dêrnei komt dochter Iris mei de stoere David (3). En ynkoarten komt der noch in fjirde lytske by. Pake en beppe ha de hannen fol op woansdei.  ‘Ik kin gjin krante mear lêze, want dan sette se hjir de hiele boel op ’e kop”, laket Ella.”It binne echte hannebinerkes, mar wy fine it geweldich.’

Sjen hoe’t de bern opgroeie

Dat Fryske pakes en beppes graach oppasse meie, begripe wy út de oerweldigjende reaksjes fan heiten en memmen, mar ek fan pakes en beppes sels. Sa skreau beppe Pietsje Hazenberg: ‘Ik soe it foar gjin goud misse wolle. De bern genietsje der fan en wy as pake en beppe ek. Ik ha sels nea in pake en beppe hân, dêrom fyn ik it ek sa moai! It is foar my in prachtige dei as it wer sa fier is!’ Ek beppe Joke Wassenaar genietet folop fan de bernsbern: ‘Wer op ‘e nij sjen hoe ‘t in bern opgroeit en de wrâld ûntdekt. En as pake en beppe kinne wy der no folle mear fan genietsje!’

Ella knikt as se de reaksje fan Joke heart. ‘Sa is it by ús ek. Doe’t ús eigen bern lyts wienen, bin ik altyd fulltime wurkjen bleaun. Dêrtroch miste ik in soad. De earste stapkes bygelyks, dêr wie ik net by. Mar dat helje ik no wer yn. It aldermoaiste oan oppassen is dat wy de bernsbern no troch en troch kenne. As pake en beppe groeie wy der hielendal mei op. Beide ha we de woansdei bewust frij naam fan it wurk. Dat is no ús pake en beppe-dei en dy is ús hillich.

It binne echte hannebinerkes, mar wy fine it geweldich

In dei frij foar pake en beppe-dei

Pake en beppe dy’t in frije dei nimme moatte om op te passen. It is net mear sa frjemd no’t elkenien hieltyd langer trochwurkje moat. Dat konkludearret ek Tjitske De Graaf: ‘Aangezien de leeftijd om te blijven werken is opgeschroefd, blijft het onmogelijk om volledig pake of beppe te zijn’. Of sa’t Marieke Abbink skriuwt: ‘Tegen de tijd dat mijn vader met pensioen kan, is mijn dochter al 19 en mijn zoon 16. Kan Pake later mooi op zijn achterkleinkinderen passen’. Ek Ella en Leo moatte noch net tinke oan ophâlden mei wurkjen. ‘Wy fine it skitterjend dat de bern hjir in hiele dei binne, mar by ien dei moat it al bliuwe. Want mear oppasdagen hawwe wy simpelwei net oan tiid.’

Op de stelling op ús Facebook dat it yn dizze drokke tiid net mear as logysk is dat pake en beppe teminsten ien dei yn ‘e wike oppasse, waard fanatyk reagearre. ‘Nee, pakes en beppes hearre gjin oppasâlders te wêzen foar har pake- en beppesizzers’, fynt Ingrid de Boer. ‘Pakes en beppes binne foar de leafde en de oandacht en hiel soad koekjes fansels! Se hawwe gjin opfiedende taak mear.’ Minke Rodenhuis is it dêr hielendal mei iens. ‘Pake en beppe binne der om in kear útfanhûs te gean. Se ha gjin opfiedkundige taak! Dy tiid hawwe se al hân mei ús, no mar puur geniete.’

‘It is mar goed dat pake ek meihelpt, oars kom ik hannen tekoart’.

Oppassen is hurd wurkjen

Der binne ek pakes en beppes dy’t dêrom bewust gjin fêste oppasdei wolle, fertelt Martine Russchen. ‘Us heit en mem ha altyd goed oanjûn dat sy net fêst oppasse wolle. Wy ha in gastâlder dy’t ús poerbêst befalt. Is der tuskentroch wat, dan kinne wy pake en beppe altyd freegje. Ik respektearje harren keuze. Se binne út it wurk en se kinne genietsje fan harren frije tiid.’ Ella kin har der wat by yntinke. ‘Oppassen is hurd wurkjen hear’, knypeaget se. ‘Ik hie my fjouwer jier lyn net yntinke kinnen dat der yn sa’n koart skoftke tiid fjouwer pjutten hjir by ús troch de tún drave soenen. Moast oeral op lette en om tinke. It is mar goed dat pake ek meihelpt, oars kom ik hannen tekoart.’

Boekje foarlêze, op de iPad spultsje dwaan, in stikje te fytsen, it swimbadsje yn de tún sette en dan jûns op ‘e tiid it iten klear ha. Pake Leo en beppe Ella ha it der smoardrok mei. ‘Wy ite alle woansdeis pankoeken of flensjes”, knikt Ella. “Dat is maklik te meitsjen en de bern fine it hearlik.’ En dan, as it hiele spul jûns wer op hus oan giet, gean Leo en Ella efkes mei de fuotten omheech. ‘Dan binne pake en beppe sloopt’, laket se. ‘Mar ik ha no al wer sin oan nije wike.’

 

Boekentip: Boek voor opa’s en oma’s
Iedere grootouder wil genieten van het leven met een kleinkind. Maar hoe kun je samen een hechte band opbouwen? Tot hoever gaat je betrokkenheid bij het gezin van je kleinkind? Bestel hier.

Ut heit&mem nr. 2 – 2014

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.