heit&mem

Hoe is it om pleechbern te hawwen?

‘Wy hawwe trije sûne en lokkige bern, mar der binne in soad bern op ’e wrâld dy’t gjin goed plakje hawwe. As wy sokke bern helpe kinne, dogge wy dat graach.’ De beweechreden fan Arjen en Maaike Joostema út Minnertsgea om pleechbern yn ’e hûs te nimmen is simpel. It resultaat? In drokke, gesellige en foaral leafdefolle húshâlding mei fiif fleurige bern.

Marrit de Schiffart 18 april 2019

‘Ikke op hynder’, grutsk goait Mandy (2) it nijs yn ’e groep. Se is noch hieltyd djip ûnder de yndruk fan har aktiviteit fan fan ’e moarn. Grutte kâns dat se har sussen Sanne en Jitske achterneigiet; dy sitte al op hynsteriden. Sanne en Jitske binne trouwens net har biologyske sussen, mar har pleechsussen. Mandy wennet noch mar in healjier by de Joostema’s. Mem Maaike: ‘Mandy kaam hjir yn desimber foar krisisopfang. Gelokkich ha wy in skoftke lyn te hearren krigen dat se bliuwe mei. Dêr binne wy bliid om, want wy hienen ús binnen in wike hechte oan dit bern.’ Tagelyk wit Maaike donders goed dat der ek in oare kant sit oan dat ‘goede’ nijs: Mandy har âlders binne der net bliid mei. ‘Sy wolle graach op har passe, der is gjin ûnwil, dat merkst oan alles, mar se kinne it gewoanwei net. As se hjir op besite komme besykje ik se dan ek mei te jaan dat wy op Mandy passe, mar dat sy de âlders bliuwe.’

Wy? Pleechâlder?

Mei lytse Mandy derby bestiet it gesin Joostema no út sân persoanen: heit en mem, biologyske bern Hein (17), Sanne (14) en Jitske (10) en pleechbern Mayna (7) en Mandy (2). It beslút om foar pleechbern te gean wie der net samar. Arjen: ‘It gefoel dat der in protte bern yn Nederlân binne dy’t it net goed ha, spile altyd wol, mar om echt de stap te nimmen om dêr wat oan te dwaan, is in twadde. It idee waard konkreet doe’t ik yn myn wurk as timmerman in putsje hie by in pleechgesin.’ It gefolch wie in ynformaasjejûn oer pleechbern en in STAP-kursus. ‘Foaral dy kursus hat ús oertsjûge’, fertelt Maaike. ‘Wy hienen in leuke groep, alle foar- en neidielen kamen op tafel en elk doarde syn ûnsekerheid út te sprekken. Dat wie weardefol.’

Fotoboek

Goed fiif jier lyn wie it safier: Mayna kaam. Earst in wykeintsje om te wennen en twa wiken letter definityf. Jitske wit it noch goed: ‘Ik hie der sa’n sin oan, alle dagen seach ik yn it ledikantsje oft se der al wie.’ Mayna – dy’t doe 2 jier wie – wit der neat mear fan, mar: ‘ik ha wol foto’s’. Se pakt it fotoboek út ’e kast en begjint te fertellen. ‘Sjoch, ik hie doe in hiele soad krultsjes!’ Maaike: ‘Wy hawwe fan begjin ôf oan in fotoboek byhâlden. Belangryk, want Mayna hat gjin foto’s fan de tiid dêrfoar. Se kaam út in krisisopfang en har âlders wienen net yn byld. Letter kamen wy derachter dat ien fan de gesinnen dy’t mei ús de STAP-kursus folge, in broer fan Mayna opfangt. Dy sjocht se no regelmjittich.’ It earste jier mei Mayna wie net maklik. Se wie geastlik en lichaamlik ferwaarleaze en hie in hechtingsprobleem, fertelt Maaike. ‘Se wie faak lilk en op sokke mominten wie der amper kontakt mei har te krijen. It wie suver in ferwyldere bern. Wy koenen ús net yntinke wat se yn har rêchsek meitôge, wisten neat fan har foarskiednis en hienen dus gjin idee hoe’t wy dêrmei omgean moasten. Gelokkich hawwe wy in geweldige begeliedster fan Pleegzorg Nederland. Dy hat ús doe echt goed holpen en docht dat no noch. Se komt regelmjittich op besite en wy maile in soad. Nei in jier gong it better mei Mayna, seachst har sosjaal-emosjoneel foarútgean.Yn it begjin wist se net wat emoasjes wienen. Dat ha wy har leard mei smileys. Gûle koe se net en dus utere se it yn lilkens. No komt se fan bêd ôf en krûpt ús oan.’ Op skoalle rint Mayna noch wolris tsjin fragen oan fan oare bern, mar se kin hiel goed ferklearje wêrom’t sy twa pear âlders hat: ‘Der binne memmen dy’t net fan harren mem leard ha om mem te wêzen. Myn mem is sa’nien.’

‘Der binne memmen dy’t net fan harren mem leard ha om mem te wêzen.’

Hûs yn pear oeren ‘peuterproof’

Mei Mandy gong it oars. Sy moast fanwege ferwaarleazing akút opfongen wurde. Arjen: ‘Se bellen ús om fiif oere middeis en om acht oere jûns wie se hjir. It hûs moast yn in pear oeren “peuterproof” makke wurde, ynklusyf loophek, ledikantsje, flessen, kleantsjes en pampers. Wy bellen freonen en famylje om help, mar it liek wol as wie it hiele doarp yn it spier. Elk kaam mei wat oansetten.’ Ek Sanne wit it noch goed: ‘Mandy wie oardel jier doe’t se hjir kaam, se koe net ite of rinne. Se hupste op knibbels troch de keamer, dat wie har manier fan bewegen.Undertusken rint en yt se, mar se is noch hieltyd ôfhinklik fan heit en mem, it is krekt of is se benaud dat dy fuortgean sille.’

Mandy hat ek âldste soan Hein yn har hert sluten. Arjen: ‘Se sliept by him op ’e keamer, dat skept in bân. Dy twa binne echt gek op elkoar.’ Regel yn ’e hûs is dat alle bern meihelpe. Dat moat ek, want Maaike wurket parttime op in basisskoalle. As sy foar de klasse stiet, past beppe Saakje op de bern. ‘Dat fynt dy gelokkich prachtich, oars hienen wy dit ek net dwaan kinnen. Likegoed is fleksibiliteit it koadewurd yn dizze húshâlding’, laket Maaike. ‘De dagen rinne faak oars as pland. Mar it pleechâlder wêzen bringt ús ek in soad; wat is it moai as in bern dat earst as in bang fûgeltsje by dy op skurte siet in earm om dy hinne slacht!’

Der sil yn de takomst fêst noch wolris wat op harren paad komme, mar foar no giet it goed mei ‘de beide  lytskes’. Mayna docht it prima yn groep 4 en sit op fuotbal en gymnastyk. En Mandy? Dy hoecht mei har twa jier noch net nei skoalle en hat ek noch gjin hobbys. Al sil dat lêste fêst net lang mear duorje. Te sjen oan de manier wêrop’t se mei in stôk troch de keamer hynderet, sil it wol útdraaie op hynsteriden…

Tekst: Marrit de Schiffart
Ut: heit&mem nr. 1 2015

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!