heit&mem

Gozert: De resinsje fan Simone

x 25 maart 2024

Ties hat in freon. In hiele grappige en aardige, dêr’t er allegear aventoeren mei belibbet.
Gozert hjit er. Ties fynt Gozert hielendal geweldich, allinnich de oare minsken fine dat net.

Dat komt omdat de aventoeren dy’t se tegearre belibje faak sa út ’e hân rinne dat se yn ’e swierrichheden reitsje. Ties is de iennige dy’t Gozert sjen kin. Doe’t er lyts wie, fûn elkenien it prima en aardich dat Ties in ûnsichtbere freon hie, mar no’t er âlder wurdt, wolle se ynienen fan him ôf. Ties fynt dat hielendal net aardich. Hy hat it krekt supergesellich mei Gozert.

Gozert is in boek dêr’t je noch lang oer neitinke.
De âlden fan Ties wolle graach fan Gozert ôf. Sa graach sels, dat se Ties opnimme litte. Under it lêzen fan it boek giest sa fan Ties hâlden datst him syn freontsje graach gunst. Mar út it eachpunt fan ‘e âlden is de noed ek hiel begryplik. Want der rinne hieltyd mear situaasjes út ’e hân. Wat in striid om dochs de kar te meitsjen foar in opname. Al sjocht Ties dat yn it begjin hielendal net sa. Einlings mei er útfanhûs. Ties en Gozert sjogge it allegearre as ien grut aventoer.

By de opname leart Ties Luna kennen. Ties is fan it earste momint ôf ûnder de yndruk fan dat famke. Uteinlik soarget sy foar in omkear yn syn libben, en net allinnich yn dat fan Ties, mar úteinlik ek by syn âlden.

Stijn (9) fynt de aventoeren fan Ties fantastysk. De moaie printen yn it boek meitsje dat er him de aventoeren goed foarstelle kin. En aventoeren wurde noch aardiger ast se tegearre mei in freon belibje kinst, al of net ûnsichtber. De djippere betsjutting fan it ferhaal giet noch in bytsje oan him foarby. Al is it in moai ûnderwerp foar in petear.

De skriuwer hat de belibbingswrâld fan Ties echt fantastysk beskreaun.
Hy beskriuwt de ûnderfiningen fanút Ties krekt lykas bern dy sjogge. Want hoe stom is it foar in bern as dyn âlden allinnich mar de rommel sjogge dy’tst makke hast, wylst der in fantastysk aventoer achter sit. Hoe hearlik dat in bern him hielendal ferlieze kin yn syn spul, mei of sûnder in ûnsichtbere freon lykas Gozert. Want de belibbingswrâld fan in bern, hoe fantastysk is dy?! Al bliuwt it by Ties en Gozert faak net by allinnich mar rommel meitsjen.
De fraach is dan: yn hoefier giest dêr as âlden yn mei en hoe fynst dêryn in middenwei.

By it lêzen fan ‘e achterflap tocht ik dat Gozert in fantasyfreontsje wie, mar ûnder it lêzen begriep ik dat Gozert mear is as allinne in fantasyfreon.
Ties liket Gozert wier te sjen en ek gjin ûnderskied mear te meitsjen tusken werklikheid en fantasy. Mar is dat eins wol sa wichtich? Moatte wy Ties net gewoan nimme sa’t er is? Ynklusyf Gozert, syn fantastyske freon? Us bern fine fan wol. Want wat makket dat no eins út?

Simone Veenstra

 

Gozert is foar € 16,99 hjir online te bestellen.

-> Simone is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!