heit&mem

De boekresinsje fan Simone: “Lindbergh: It grutte aventoer fan in fleanende mûs”

x 7 oktober 2020

Oant de mûzefal syn yntree die, wie it in gesellige drokke mûzebinde yn Hamburch. No is it rêstich en stil. De mûzen fiele harren net mear feilich en de measten flechtsje nei Amearika. Lytse mûs wol ek nei Amearika, nei syn freonen. Mar ienris yn de haven oankommen, wurdt er omjûn troch katten dy’t troch de oanrin fan mûzen in fêst plak by de boaten ynnommen hawwe.

De mûs besiket oan de katten te ûntkommen en komt yn it rioel telâne. Dêr sjocht hy foar it earst syn fleanende soartgenoaten. De flearmûzen. Dat bringt de mûs op in idee. Hy wol it fleanen leare! Sa kin er Amearika berikke en syn freonen weromfine. Oeral siket hy skroefkes, houtsplinters, tou en oare materialen om sels in fleantúch te bouwen. Sil it de lytse mûs slagje om in fleantúch te bouwen dat him feilich nei Amearika bringt?

Wat is It grutte aventoer fan in fleanende mûs in geweldich moai boek. It boek is yn A4-formaat en hat prachtige printen, drukt op stevich papier. It boek is allinne al fantastysk om nei te sjen. Wat kin dizze man moai tekenje. Mei-inoar ha we de filmkes fan ‘the making of’ fan ’e foarside op YouTube.nl besjoen. Sophie en Stijn wiene djip ûnder de yndruk. Wat hat Torben Kuhlmann in talint.

It boek is in parody op it ferhaal fan de Amerikaanske piloat en pionier Charles Lindbergh. Hy wie de earste piloat dy’t (yn 1927) allinne yn in fleantúch de Atlantyske Oseaan oer fleach. Fan Amearika nei Europa. In reis dy’t 33 oeren duorre. Achter yn it boek wurdt de skiednis fan ’e loftfeart fierder besprutsen. Stijn wol dêr nei it lêzen fan it boek alles oer witte, dus dat is in noflike oanwinst.

De bern fine it ferhaal skitterjend en harkje der konsintrearre nei. In lytse mûs dy’t sa’n grutte útfining docht, sa knap! Soene der yn it echt ek mûzen wêze dy’t yn ’e huzen sykje nei lytse skroefkes en oare materialen om te brûken? En in reis hielendal nei Amearika… Hoe fier is dat eins?

It diel oer Torben Kuhlmann achter yn it boek makket grutte yndruk op Stijn. Hy fynt it fantastysk dat dy man dit ferhaal betocht en tekene hat. Hy wol sels ek in boek skriuwe en dêr wurdt fuortendaliks oan wurke.

 

It boek ‘Lindbergh’ is yn de oanbieding en hjir no foar mar € 7,50 online te bestellen!

Simone is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.