heit&mem

De boekresinsje fan Simone: ‘Silke en Miss Dee’

Dieuwke van der Meer 8 juni 2020

Silke en Miss Dee fan Baukje Wytsma giet oer in freonskip tusken in âldere Ingelske frou, Miss Dee en Silke, in famke fan ’e pleats yn it doarp.

Miss Dee is in Ingelske frou dy’t ferhuze is nei it Fryske plattelân. Se wurdt âlder en is in bytsje iensum sa allinnich op it plattelân. Nettsjinsteande it selskip fan har poes Fluffy en har hûn Charlie. Se tinkt der oer werom te gean nei Ingelân, dêr’t har suster ek noch wennet. De minsken yn it doarp fine Miss Dee in bytsje nuver.

Se hat de muorren yn har hûs mei âlde kranten beplakt, en kranteknipsels hingje foar ‘e ruten. Ek binne der teksten op de muorre ferve.

Op in dei mist Silke de bus nei skoalle. It reint hurd en se is dweiltrochwiet. Se mei skûlje by Miss Dee, dy’t deunby de bushalte wennet. Tusken de twa ûntstiet in spesjale freonskip.

It boek is skreaun yn trije talen. It is noch te lestich foar Sophie fan 9 om it boek sels te lêzen, it boek moat echt foarlêzen wurde. Ik fernaam dat troch it brûken fan trije talen it boek minder soepel te lêzen is as wannear’t alles yn it Frysk skreaun wie. Guon sinnen wurde yn ferskate talen werhelle.  It is learsum, mar hellet de faasje wol út it ferhaal.

Soene wy krekt sokke moaie boatsjes meitsjen kinne as Silke en Miss Dee?

By it lêzen fan it boek wie ik drok mei de fraach wêrom’t  frou Dee har hûs mei kranten bedutsen hat . As folwoeksene sykje jo nei in reden wêrom’t immen dat docht. De bern, lykwols, sykje gjin reden, Miss Dee hâldt fan kranten en dat is reden genôch.

De ein kaam wat ûnferwachte. Sophie hie soks fan, “Huh, is it no ôfrûn? Wat bart der no fierder?”

 

Wy hienen no wol in reden om oer it ferhaal nei te praten. Hoe soesto wolle dat it einiget en wat tinkst wat der barre sil? Silke en Miss Dee is in aardich boek oer freonskip en foar dysels opkomme. Mar benammen dysels bliuwe, wat oaren der ek fan fine.

Sels moasten wy fansels ek efkes oan de slach mei âlde kranten. Soene wy krekt sokke moaie boatsjes meitsjen kinne as Silke en Miss Dee?

Troch Simone Veenstra út Burgum

 

It boek ‘Silke en Miss Dee’ is foar € 7,99 hjir online te bestellen.

-> Simone is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!