heit&mem

De boekresinsje fan Simone: ‘Jorrit en Philo begjinne in klup’

x 25 november 2020

In dûnsklup, in fuotbalklup, in nifelklup. Us bern hawwe ferskate klups hân. Faak duorje se net langer as de dei sels, mar it bliuwt wat spesjaals, in klup hawwe. It fielt goed om earne by te hearren.

Jorrit en Philo begjinne de iene klup nei de oare. Se begjinne bygelyks in fûgelklup as se in deade fûgel sjogge op it trottoir en in hûneklup as se de hûn fan buorfrou Wytske útlitte meie. De klups, krekt lykas dy fan ús bern, duorje net hiel lang.

Mei de oprjochting fan in nije klup begjint ek in nij ferhaal yn it boek. Dat bestiet út trije ferskillende ferhalen. Fûgelklup it Fearke, Hûneklup it Sturtsje en Autoklup de Tsjildop. De ferhalen kinne apart lêzen wurde.

Guon items ferskine yn meardere ferhalen. Lykas de tsiisskaaf. Dy tsjinnet as skep foar de deade fûgel en as poepskeppe. Wy hoopje dat er dêrnei net mear brûkt wurdt foar de tsiis.

Mei hûneklup it Sturtsje reitsje de jonges de hûn fan frou Jongstra kwyt. Us bern fine it frjemd dat de frou har eigen hûn net werkent. Stijn en Sophie tinke beide dat se har eigen húsdier fuortendaliks werkenne soene. Dat wie efkes spannend, mar gelokkich kaam alles goed.

De yllustraasjes yn it boek smite wat fragen op. Is it in foto of is de ôfbylding tekene? En wat is krekt tekene en wat is fan in foto? Jo bliuwe dêrtroch nei de ôfbylding sjen. De bern fine dat it hiel moai makke is.

 

Sophie wie ferrast dat der in haadstik oer ‘deselektysk’ yn it boek stiet. Sels in stoere jonge lykas Philo hat it. Hy kriget ek ekstra begelieding op skoalle. Wat my ferrast, is dat it yn it boek liket oft it oplost wurde kin mei in bril. Dat helpt fansels mei it better sjen, mar net foar dysleksy.

De bern fernimme dat de sels útfûne regels fan Philo en Jorrit net altyd goed folge wurde. Dat fine se stom. Dan kinne jo better gjin klupregels dwaan.

Sophie en Stijn fine beide it ferhaal fan de autoklup it spannendst. Wat soene de jonges dien hawwe, dat sels de plysje derby belutsen is!?

Op de fraach oft ús bern ek in klup begjinne wolle, krij ik as antwurd: in Poddestuolleklup. Hjoed hawwe ús bern in Poddestuolleklup. Der stiene dan ek hiel bysûndere poddestuollen oan ‘e ein fan ‘e strjitte. Ik freegje my ôf hokker klup it moarn wurdt.

Troch Simone Veenstra

‘Jorrit en Philo begjinne in klup’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

 

-> Simone is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!