heit&mem

Lêstip fan Keimpe novimber: it Winterboek

Dieuwke van der Meer 1 november 2023

 

It Winterboek is de lêstip fan Keimpe fan de moanne novimber!

It is hjerst en de winter komt der oan. In tiid fan mear binnen sitte brekt oan. En wat kinst dan mei de bern dwaan? Lêze, foarlêze, nifelje en sjonge fansels! En dat wurdt wol hiel moai mei dit prachtige Winterboek. Ek oer it tema Sint Marten, dus wês der op tiid by en helje dit ferrassende boek gau yn ‘e hûs.

In prachtig boek fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes. 

En dêrom is dit Winterboek Keimpe’s Lêstip fan novimber!

Foar bern fan 2 oant en mei 6 jier.

 

Dit winterboek is in lekker tsjok boek dêr’t wy de hiele winter wille fan ha kinne. 


It Winterboek is foar € 9,99 hjir online te bestellen.

De boekresinsje fan Irene:

“Foaryn stiet in oersichtlike ynhâldsopjefte, dêr’t alles tematysk yndield is: Winter, Sint-Marten, Sinteklaas, Kryst en Ald en nij. En der stiet by oft it om bygelyks in ferhaaltsje of in spultsje giet. Gau in tapaslik ferhaaltsje opsykje wylst dyn pjut ûngeduldich oan dyn earm lûkt… dat slagget hjirmei wol. It falt my op dat by in soad opdrachtsjes lytse letters brûkt wurde en de klinkers in oare kleur hawwe. Dêrmei slút it oan op de lêsmetoaden fan skoalle. Dat makket dit boek ek geskikt foar de bern dy’t sels al in bytsje lêze kinne.

Ik haw no al sin om, as de rein tsjin it rút slacht, mei Seppe oan de gong mei dit boek. In bakje tee derby en dan mar lêze oer Sint-Marten, it ferlanglistje meitsje en de ôftelkalinder ynfolje foar Sinteklaas. Of krystkaartsjes kleurje en echt opstjoere nei syn bêste freontsjes. Hoewol’t ik my ôffreegje oft Seppe wol siden út dit moaie boek knippe wol. It sjocht der mei syn 96 bledsiden nammentlik út as in lêsboek, stevich ynbûn en hast te moai om yn te kleurjen en út te knippen… Mar al soene we de knipopdrachtsjes oerslaan, dan is der noch genôch te dwaan. Dit winterboek is in lekker tsjok boek dêr’t wy de hiele winter wille fan ha kinne. “

Irene Klompmaker,
mem fan Seppe (4) en Arne (0).

Lês de folsleine resinsje fan Irene hjir.

//////////////////////////////
De boekresinsje fan Wieke:

“Dit is een prachtig winterboek voor kinderen van 2 tot en met 6 jaar. Aan de buitenkant van het boek kun je niet zien hoe verrassend de binnenkant is. Maar eenmaal begonnen met lezen merk je direct dat het boek gevuld is met een grote verscheidenheid aan verhalen en opdrachten. Er staan namelijk heel veel verschillende verhalen en dingen om te doen in, wat voor een perfecte afwisseling zorgt en mooi aansluit bij deze leeftijdscategorie. Voor elke leeftijd is er wat te doen, te luisteren en te knutselen.

Onze kinderen, Eelke (5 jaar) en Jitske (3 jaar), hadden beide veel aandacht voor verschillende verhalen. Zo was Eelke direct verknocht aan de verhalen van Marten de Mûs en de opdrachten en herkende Jitske veel in de verhalen van Tomke. Er zijn veel verschillende opdrachten om te doen, zo staan er bijvoorbeeld kleurplaten in en kun je zelf een memoryspel maken. Er zijn ook opdrachten te doen waarbij er aandacht is voor tellen, begrijpend lezen en het herkennen van kleuren.

Verrassend vinden wij dat er bij ieder lied een QR-code staat aangegeven waarmee je middels de camera van je mobiele telefoon op de website komt waar je deze liedjes kunt afspelen. Erg leuk om te doen thuis aan bijvoorbeeld de keukentafel. Voor de beleving van het boek is dit een prachtige aanvulling, omdat je zo door het boek heen een verbinding maakt met de verhalen, de opdrachten en de muziek!”

Wieke, moeder van Eelke (5 jaar) en Jitske (3 jaar).

Lês de folsleine resinsje fan Wieke hjir.

 

Ynsjochfilmke!


Ferskes sjonge
Witesto dat der QR-codes stean by de ferskes yn it boek? Sa kinsto lekker meisjonge mei dyn bern!
Fan Sint Marten oant it fjoerwurk! Klink op it plaatsje foar alle ferskes dy’t passe by de tema’s út it Winterboek.

Raar waar

Raar waar? Noflik yn ‘e hûs mei it Winterboek! 🙂

Winter printables

Dizze en oare moaie printables oer de winter fynst op dizze side.

Oanklaaipop

Knip of prip de pop en de kleantsje foarsichtich út. Tear de flapkes fan de kleantsjes om it liif hinne. Klaaisto har wol waarm oan?
Klik hjir foar de PDF fan de oanklaaipop.

Lêsbingo!
Keimpe de Krokodil wol bern graach mear lêze litte! Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke, spesjaal foar de hjerst. 
Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen! 😄
Klik op it plaatsje foar de download. 

   

Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.