heit&mem

De resinsje fan Irene: Winterboek

x 30 september 2022

De bledsjes binne noch grien as Seppe (4) it Winterboek útpakt. Dit kado komt tagelyk mei allegear oare pakjes foar syn jierdei, dus in soad oandacht hat hy der net foar, nettsjinsteande de fleurige plaatsjes op it kaft fan bekende figueren lykas Tomke, Sinteklaas en de krokodil Keimpe.

Wylst Seppe mei syn oare kado’s oan it boartsjen is, blêdzje ik it boek ris troch. It stiet net allinnich fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes en ferskes oer de winter, mar ek mei spultsjes en knutselwurkjes. Foar alle pjutten en beukers stiet der dus wol wat aardichs yn, oft dyn bern no hâldt fan (foar)lêzen, sjongen of spultsje dwaan.

Foaryn stiet in oersichtlike ynhâldsopjefte, dêr’t alles tematysk yndield is: Winter, Sint-Marten, Sinteklaas, Kryst en Ald en nij. En der stiet by oft it om bygelyks in ferhaaltsje of in spultsje giet. Gau in tapaslik ferhaaltsje opsykje wylst dyn pjut ûngeduldich oan dyn earm lûkt… dat slagget hjirmei wol. It falt my op dat by in soad opdrachtsjes lytse letters brûkt wurde en de klinkers in oare kleur hawwe. Dêrmei slút it oan op de lêsmetoaden fan skoalle. Dat makket dit boek ek geskikt foar de bern dy’t sels al in bytsje lêze kinne.

Wylst ik it boek besjoch, komt Seppe der dochs efkes by stean. Hy komt in spultsje tsjin dêr’t er aardichheid oan hat: mei stiften it lyntsje folgje om te ûntdekken hokker pakje foar Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu is. It duorret net lang of wy hawwe al in pear spultsjes dien en twa gedichtsjes en in ferhaaltsje lêzen.

Ik haw no al sin om, as de rein tsjin it rút slacht, mei Seppe oan de gong mei dit boek. In bakje tee derby en dan mar lêze oer Sint-Marten, it ferlanglistje meitsje en de ôftelkalinder ynfolje foar Sinteklaas. Of krystkaartsjes kleurje en echt opstjoere nei syn bêste freontsjes. Hoewol’t ik my ôffreegje oft Seppe wol siden út dit moaie boek knippe wol. It sjocht der mei syn 96 bledsiden nammentlik út as in lêsboek, stevich ynbûn en hast te moai om yn te kleurjen en út te knippen… Mar al soene we de knipopdrachtsjes oerslaan, dan is der noch genôch te dwaan. Dit winterboek is in lekker tsjok boek dêr’t wy de hiele winter wille fan ha kinne. 

 

Irene Klompmaker, mem fan Seppe (4) en Arne (0)

 

It winterboek is foar € 9,95 hjir online te bestellen.

-> Irene is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.