heit&mem

Boekresinsje fan Marrit: ‘Buorman Brombear’

x 5 februari 2020

Lêzen is by ús thús de gewoanste saak fan ’e wrâld. Us trije bern ha harren eigen planken yn ’e boekekast, en mei jierdeis en feestdagen komt der eins altyd wol in nij boek by.

De biblioteek besykje wy ek geregeld. As der dan ynienen in grutte wite slúf mei mem har namme derop yn ’e bus leit, dêr’t samar in nij boek foar de dames yn sit, binne se út ’e skroeven!

‘Foarlêze, mem!’ En dat doch ik: Buorman Brombear hjit it boek, en it giet oer in bear dy’t hielendal allinnich op ’e romte wennet en dat wol noflik fynt. Hy fynt it dan ek freeslik as in kninefamylje beslút om harren nije hûs njonken dat fan him te bouwen. (Sels wenje wy yn in nijbouwyk, wy krigen der yn ienkear 40 nije buorren by. Dat je dêr dan oan wenne moatte, ha ús famkes dus út ’e earste hân meikrige.)

Op sawat elke bledside kinst in mûske fine dat frijwat ûndogensk is.

De kninen komme by bear oan ’e doar om te freegjen om help mei it houthakjen, of om boeken te ruiljen, en sels mei de fraach oft hy mei harren nei de stjerren sjen wol. Alle kearen wurdt bear lilker, en syn stim lûder as hy se fuortstjoert. De lêste kear raast er it út! ‘Lit my mei rêst!’ Mar as de kninen dat dan ek dogge, moat bear tajaan dat allinnich wêzen dochs net altyd fijn fielt. Dat soarget foar in omkear: bear giet op besite by syn nije buorlju!

Nei twa kear foarlêzen koe ús jongste, Louise fan hast fjouwer, it ferhaal al hast hielendal sels fertelle oan ’e hân fan de prachtige yllustraasjes. Op sawat elke bledside kinst in mûske fine dat frijwat ûndogensk is.

Dit boek is in oanrieder foar bern fanôf in jier as trije, sy kinne dan de emoasjes al aardich pleatse. Us famkes lûke hieltyd krekt in bytsje lilkere gesichten as wy dit boek lêze, en se slute ôf mei in dikke krûp!

Marrit Leenstra-Postma

 

It boek ‘Buorman Brombear’ is foar € 13,50 hjir online te bestellen.

-> Marrit is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!