heit&mem

De resinsje fan Leo: ‘Op it bouplak’

x 29 juni 2022

Yn it boek op it bouplak steane tekeningen Wolfgang Metzger. In Dútske yllustrator dy’t spesjalisearre is yn it tekenjen fan masines en fleantugen. Hy wie ek de tekener fan it fan Frysktalige boekje Wat rydt dêr? dat earder by de Afûk te krijen wie, mar no spitigernôch útferkocht is. Dit boekje is in slachje grutter fan formaat en hat fansels in protte tekeningen mei allegear soarte masines. Yn dit gefal giet it om frachtweinen, betonautos en oar riidark dy’t nedich binne om huzen te bouwen. Mar net allinnich huzen, ek is te sjen hoe’t in dyk boud wurd. Ek binne der meardere siden yn it boek mei in handige oersjoggen fan masines. Net allinne alles wat riidt mar ek de beroppen dy’t hearre by de bou krije omtinken. Fan de arsjitekt dy’t betinkt hoe’t it hûs of gebou der útsjen moat, oant en mei de leadjitter dy’t de reinpipen oanslút op de daksgoaten. En ek fan it ark dat se brûke is in moai oersjoch. Bern kinne hjir leare hokker soarten hammers as der binne en hokker soarten troffels.

 Op de lêste plaat is in soarte fan stappeplan fan hoe in hûs boud wurd. As it hûs klear is, komt der wer  in oar soarte frachtwein om de húsried te bringen: in ferhúswein. Umzug stiet der noch yn it Dúsk op. Soene dizze misken út Dútslân wei nei Fryslân ferhúzje?  

It giet yn dit boek ek foaral om de tekeningen. De teksten yn it boek binne dêr ûngeskikt oan, en der sit ek net echt in trochgeand ferhaal yn. Dat is by dit soarte boeken meastentiids ek net it gefal. De siferske kat dy’t Metzer op in protte tekeningen weromkomme lit, sit ek op platen yn ‘op it bouplak’. Hy sit te sjen hoe’t de tegelsetster oan it wurk is, en op de earste plaat is er op in steiger klom. 

Us Feike fan hast twa is sljocht op dit soarte boekjes en wit al hiel wat masines en oare dingen te beneamen… 

Leo van der Leij út Gytsjerk

It boek ‘Op it bouplak’ is foar € 12,50 hjir online te bestellen.

-> Leo is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!