heit&mem

De resinsje fan Leo: ‘Lindbergh, it grutte aventoer fan in fleanende mûs’

x 3 september 2020

As in mûs fleane wol, dan moat der wat gebeure. Samar even yn in fleantúch stappe kin net, want yn it jier 1912 bestiene dy noch net. Mar wêrom wol de mûs eins fleane? Dat komt omdat er syn freontsjes mist. Se binne allegearre fuort en it is stil yn de stêd. De mûs is der lykwols wis fan dat syn freontsjes net allegearre omkaam binne yn de mûzefallen, mar dat se ferdreaun binne. Miskien binne se wol nei Amearika. Yn de haven fan Hamburch lizze genôch skippen dy’t dêrhinne geane, mar it slagget de mûs net om derop te kommen. Yn de haven binne nammentlik ek hongerige katten dy’t wol in lekker mûske meie. 

De mûs kin krekt op ’e tiid in rioelbuis yn flechtsje. Dêr komt er úteinlik telâne by in stel flearmûzen en dat bringt him op in idee: hy wol ek fleane. De earste konstruksje dy’t er betinkt, sil er útteste ûnder de stasjonsoerkaping fan it Hamburger haadstasjon. It wurdt in teloarstelling, mar hy jout net op. Ynspirearre troch de steamlokomotiven makket er in nije fleanmasine, mar ek dy stoart del. Wol hat er de oandacht krigen fan de minsken yn de stêd, en spitigernôch ek fan de ûlen, dy’t ek wol in lekker mûske meie. Dochs sille se him net te pakken krije!  

De mûs syn tredde besykjen om in fleantúch te meitsjen slagget, en hy fljocht yn ien kear troch nei New York, dêr’t er einlings syn freonen weromfynt. 

 

De tekeningen yn it boek binne prachtich en guon bledsiden hawwe allinnich mar tekeningen en gjin tekst. Dat hoecht ek net oars, want de tekeningen meitsje alles dúdlik. It boek liket yndield te wêzen yn haadstikken, mar in haadstikoersjoch hat it net. De haadstiktitels foegje eins ek net folle ta en hiene likegoed fuortlitten wurde kind. 

Troch L. van der Lei 

 

It boek ‘Lindbergh’ is hjir online te bestellen.

Berber is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.