heit&mem

De Gruffalo: resinsje fan Leo

x 26 februari 2021

It ferhaal spilet him ôf yn in tsjuster wâld. Der wenje in soad bisten yn dat donkere bosk, dy’t allegear wol in lekker hapke meie. In lekker hapke lykas in mûske. Dat mûske sil it dus alle bisten ôfwinne moatte, wol er net yn de mage bedarje fan ien fan dy bisten.  

As earste slagget it him om de foks leauwe te litten dat er ûnderweis is nei de Gruffalo. Dy hat noch noait fan de Gruffalo heard, mar is wol ûnder de yndruk fan de beskriuwing fan it mûske. En om in wêzen tsjin te kommen dat in gefaarlike snút hat en klauwen sa skerp as in swurd en ferskuorrende kaken mei grutte tosken, en dat ek noch graach bakte foks yt, dat liket de foks mar neat, en dus naait er hurd út. It twadde bist dat yn it Gruffaloferhaal fan de lytse mûs trapet is de ûle. Dy leaut dat de Gruffalo knobbelknibbels hat, skerpe neils en in grutte griene wrat op syn snút. Mar foaral dat de Gruffalo hâldt fan iisko fan ûle docht him gau weromfleanen nei syn nêst. De Gruffalo hâldt ek fan slang mei mayonêze. Dat makket de lytse mûs de slang alteast wiis en dy krûpt gau tusken in steapel beamstammen. 

Mar dan, ta skrik fan it mûske, komt er echt in Gruffalo tsjin. Dy bestiet dus dochs en foldocht presys oan de beskriuwingen fan it mûske. En hy wol it mûske ek opite! Mar ek de Gruffalo wit er it ôf te winnen, troch te sizzen dat elkenien him út ’e wei giet. Dat bart fansels ek as er yn it selskip fan de Gruffalo it spul wer bydel giet. As de lytse mûs de Gruffalo wiismakket dat er wol sin hat oan Gruffalopatat, draaft dy gau fuort. Oan de ein fan it ferhaal hat de mûs einliks syn rêst en kin er sels in lekker nútsje ite.  

De printen yn it boek slute goed oan by it ferhaal. Foaral de tekeningen by de beskriuwing fan de Gruffalo helpe om de tekst goed te begripen. Sa is de grutte griene wrat ek echt grut en grien. En bern dy’t net witte hoe’t knobbelknibbels der útsjogge, dy witte dat troch it sjen fan de tekening wol. It ferhaal is op rym en dat makket it noflik om te lêzen. 

L. van der Lei 

 

‘De Gruffalo’ is foar € 14,95  hjir online te bestellen.

->  Leo is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!