heit&mem

Om: resinsje fan Pytrik

x 19 maart 2021

Ate is fan doel om allinnich op ’e fyts in lange tocht te meitsjen rjochting de Noardkaap. Dat om syn ferline in plak te jaan. Underweis belibbet er fan alles wat er perfoarst net tocht hie. Sil hy de Noardkaap wol helje as er ûnderweis fan alles tsjinkomt dat er nea ferwachte hie?

Ast it boek ‘Om’ sjochst, tinkst fuort: dit is grif in modern en ‘fris’ boek. It kaft is sûnder opskik en je witte fuort wêr’t it om draait, nammentlik om fytsen.

It boek lêst flot fuort, yn it boek komme in protte – foar my – werkenbere ûnderwerpen nei foaren. Studint wêzen, it weromsjen op je jeugd no’t je folwoeksen binne, en bytiden koart foar de kop wêze. Dochs wiene guon passaazjes dreech. De skriuwer is opgroeid yn ’e Wâlden en hat Frysk studearre yn Grins, beide saken kinst bot fernimme, it taalgebrûk is somtiden lestich en men hat it oer dû wêr’t ik as klaaiklút do brûk. Ik moat al sizze dat yn ’e rin fan it boek it taalgebrûk wol went. It boek is bytiden poëtysk, de sinnen binne sa moai! ‘Werom is om’ wie in sin dy’t my oan it tinken sette en in glimke op myn gesicht tovere.

It moaie fan it boek is dat je sawol de aventoeren as syn gedachten lêze. Dêrtroch krije je echt it idee as leare je Ate goed kennen, je gean him begripen yn ’e rin fan it boek. It wurdt dan ek terjochte in psychologyske fytsroman neamd.

De reis dy’t Ate makket is moai beskreaun, krekt lykas de stêden en doarpen dy’t hy oandocht yn Skandinavië. Dochs is net alles moai beskreaun, yn myn optyk. Der binne in protte iepen einen yn it boek. Ik haw faak tocht ‘fertel fierder’ of ‘mar hoe sit dit dan’. Ik tink dat dat presys is wat de skriuwer berikke wol, dat it ferhaal mei je fantasy oan ’e haal giet.

In boek dat net al te folle tiid yn beslach nimt, de haadstikken binne noflik op lingte – ideaal foar as je krekt mem wurden binne yn myn gefal. In ferhaal dat in protte werkenning oproppe sil ast oan fytsfakânsjes dochst, of ast yn ’e jierren 80-90 berne bist, en in skriuwer dy’t seks op papier doart te setten op in wize dat it gjin porno wurdt.

Al mei al in boek om ris te lêzen, en om oer nei te tinken.

Pytrik de Groot, Dronryp – Dosinte Biology op it RSG te Snits.

 

 

‘Om’ is foar € 19,50 hjir online te bestellen.

-> Pytrik is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!