heit&mem

Ferdwale yn in wrâld fol ferhalen

Mei harren fiven steane de skoalbern om de deftige stoel fan skriuwer Mindert Wijnstra hinne. Allegearre ha se in briefke yn ’e hân, dêr’t se mar al te graach in hantekening fan harren Skoalskriuwer op hawwe wolle. Mei in glim op it gesicht set Wijnstra op alle papierkes in persoanlik ferhaaltsje, mei dêrûnder syn sierlike kribel. As de jonkjes en famkes wer nei it lokaal drave, laket er efkes. ‘Ik bin benijd hoelang’t se dat briefke bewarje.’

Nynke van der Zee 22 september 2017

Tegearre mei skriuwer Dolf Verroen is Mindert Wijnstra Skoalskriuwer op basisskoalle De Stapstien yn Kollumersweach. Fiif Fryske basisskoallen krigen begjin dit jier harren eigen Skoalskriuwer. Dat is in inisjatyf fan de organisaasje De Schoolschrijver, dy’t dêrby gearwurket mei de Biblioteekservice Fryslân. Doel is om bern entûsjast te meitsjen foar taal. De skriuwer komt elke wike op skoalle en giet op in boartlike wize mei de bern oan ’e slach. ‘Wy wolle dat de bern de smaak te pakken krije fan it lêzen en skriuwen’, leit Wijnstra út. ‘Dêrom lêze wy in hiel soad foar, mar wy prate ek mei de bern oer ferhalen en hoe’t dy yninoar stekke. Bern ha faak genôch ideeën, mar hoe krijst dy op papier?’

Fuort mei dat reade potlead

It wurdt stil yn de klasse fan groep 5 as Wijnstra foarlêst út syn eigen boek oer prinses Annabella Salmonella. It ferhaal giet oer in famke dat it leafst allinnich mar ûndogenske dingen docht. De bern fine it prachtich en ûntdekke al gau dat it ferhaal op rym is. Yn dizze les stiet nammentlik it meitsjen fan in gedichtsje op it programma. ‘In gedicht hoecht hielendal net te rymjen’, fertelt de Skoalskriuwer. ‘It is in lyts ferhaaltsje, wêryn ast mei sa min mooglik wurden safolle mooglik fertelst.’ Om te oefenjen begjint groep 5 mei wurdassosjaasje. It wurdsje ‘leafde’ leveret in grut ferskaat oan assosjaasjes op. Fan romantysk tútsjen oant seksen, wat foar folop gegniffel soarget. Mar dat mei bêst fan de Skoalskriuwer, want by dichtsjen is der ommers gjin goed of ferkeard.

Bern moatte de smaak te pakken krije fan it lêzen en skriuwen

Gjin goed of ferkeard, dat is de belangrykste regel fan De Skoalskriuwer, leit Wijnstra út. ‘Doel is dat de bern nocht krije oan taal en boeken. Ek de net-lêzers wolle wy entûsjast meitsje foar it lêzen. Dêrneist geane de bern sels oan ’e slach mei it skriuwen fan in ferhaal, wêrby’t se net beheind wurde troch skoalske regels. Wy bekroadzje ús net om stavering of oare regels. It reade potlead bliuwt yn it laad. Alles is goed, kinst gjin flaters meitsje. Dat dogge wy just om de bern frij te meitsjen. Skriuw wat yn dy opkomt. Ferdwale yn in wrâld fol ferhalen is it moaiste dat der is.’

Bist nea te âld foar foarlêzen

Groep 5 is yntusken sels oan ’e gong mei in gedicht oer in aktiviteit dy’t se alle dagen dogge. Op ’e nij in grutte risping oan ideeën. Fan nei de wc gean oant gamen op de iPad, alles komt foarby. Fia in handich systeem mei fraach-antwurd-opdrachtsjes ûntstiet der al gau in lyts gedichtsje. Om bar meie de bern foar de klasse harren gedicht foarlêze. Glunderjend steane se as profesjonele skriuwers njonken de Skoalskriuwer, wylst se orearje oer it nei de wc gean. Wijnstra glimket by elk ferhaal, en jout de bern as dat nedich is in bemoedigjend skouderklopke. Hy is sichtber grutsk op al syn skriuwtalinten.

Heiten en memmen hâlde faak op mei foarlêzen as bern sels lêze kinne,
mar bist nea te âld foar foarlêzen

Om ek de âlden fan de bern te motivearjen ta lêzen en skriuwen, organisearje Verroen en Wijnstra in âlderjûn. ‘Doel is om heiten en memmen entûsjast te meitsjen foar it foarlêzen. Foarlêzen is in hiel yntym momint fan rêst op in dei. Op de bank hast mei dyn bern tegearre wille om itselde, mar ek fertriet om itselde. Heiten en memmen hâlde faak op mei foarlêzen as de bern sels lêze kinne, mar bern bliuwe it moai finen. Just omdatst ek boeken foarlêze kinst dy’t se sels kwa nivo noch net oankinne, leare se in hiel soad nije wurden. Us boadskip is dan ek: bist nea te âld foar foarlêzen. Dat merke wy as Skoalskriuwers as wy sels in stikje foarlêze yn groep 8. Der is gjinien dy’t ropt “Master wat is dit bernich”.’

De húskeamer fan de Skoalskriuwer

Yn de biblioteek fan de skoalle yn Kollumersweach is spesjaal in húskeamer makke foar de beide Skoalskriuwers. Twa deftige stuollen steane njonken in kacheltsje en in taffeltsje mei dêrop in âlde typmasine. ‘Wy ha hjir ús eigen plakje’, knikt Wijnstra. ‘Bern kinne hjir komme mei al harren fragen. Mar ek de âlden en dosinten kinne by ús terjochte. Wy wolle hjir aanst ek ferhalen en gedichten ophingje dy’t de bern sels makke hawwe. It is hjir no noch wat keal, mar dêr komt grif feroaring yn.’  

Troch: Nynke van der Zee
Ut: heit&mem nr.1 2015

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!