heit&mem

Boekresinsje fan Grietje: ‘Jesse’

x 28 juli 2020

Gelyk doe’t wy it boek Jesse binnen krigen wie ús ynteresse wekt. Us Sverre wie nijsgjirrich nei hoe’t in jonkje út de stêd it fine soe op in pleats. Ek de foarplaat sprekt daliks oan troch de kleuren en de tekening. 

Wy wenje sels op in pleats ticht by de seedyk, dat ús bern witte net oars. Dêrom spruts it ûnderwerp ús ek gelyk oan.

It is noch te lestich foar Sverre fan 9 om it boek sels te lêzen yn ’t Frysk, dêrom ha we it tegearre lêzen. Jesse (eins Joshua) ferhuzet fan Ljouwert nei pake ta op ’e pleats oan ’e seedyk. We binne nijsgjirrich wêrom’t er ferhúzje moat en wêrom’t er fan mem in oare namme brûke moat. Dêr komme we al gau achter. 

Syn heit is oppakt en sit yn ’e finzenis. Jesse moetet syn âlde freondintsje Lieke wer, sy wennet noch neist pake oan ’e seedyk. Jesse ken har noch fan de tiid dat er nei pake en beppe útfanhûs gie. Hy fertelt Lieke oer syn heit en tegearre gean se op syk nei antwurden. 

It boek is sa skreaun dat je nei elk haadstik fierder lêze wolle wat der no barre sil.

We fûnen it spitich dat it boek út wie en hoopje op in ferfolch. Want wy binne hiel nijsgjirrich hoe’t it fierder gean sil mei Jesse. 

Resinsje skreaun troch Sverre (9) en mem Grietje út Minnertsgea 

 

Jesse is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Grietje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.