heit&mem

De 5 leukste Friese boekjes over de liefde

Dieuwke van der Meer 13 februari 2022

De leafde, dêr kinne wy noait tefolle fan ha. Wistest dat der ek hiele leave boekjes yn it Frysk ferskynt binne oer de leafde? Besjoch hjir ús top 5.
Sjoch hjir foar mear kadootsjes foar dyn leafste.

 

DE 5 LEUKSTE FRYSKE BOEKJES OER DE LEAFDE

 

Leafste leave

In leuk kadoboekje mei gedichtsjes en quotes oer de leafde. 
Leafste leave is hjir te bestellen. 

Ik bliuw by dy

In leaf boekje op rym oer echte freonskip.
Ik bliuw by dy is hjir te bestellen.

Mol hat in geheim

Mol fynt syn nije freondintsje Mûs wol hiel spesjaal. Hy hâldt har geheim, want hy wol har mei gjinien diele. Mar der binne geheimen dy’t allinne mar moaier wurde ast se mei oaren dielst.

Mol hat in geheim is hjir te bestellen.

Omdat ik sa wiis mei dy bin

Lytse iisbear Ysbrand wit al in hiel soad: wêr’t de lekkerste fisken swimme, hoe’t in snieflokje smakket, dat de wyn dy aaie kin en bite, wannear’t de sinne en de moanne oan de himel steane. Hy wit ek hoe fier as er by syn mem wei gean kin sûnder dat it gefaarlik wurdt. Mar der binne ek dingen dy’t Ysbrand noch net hielendal snapt, mar it antwurd op de alderbelangrykste fraach wit er wol…

In leafdefol boek oer de relaasje tusken mem en bern.

Omdat ik sa wiis mei dy bin is hjir te bestellen.

 

Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?

Soms, ast in hiele, hiele protte fan ien hâldtst, wolst dúdlik meitsje hoe grut dyn gefoelens binne. Lytse Ljochtbrune Hazze en Grutte Ljochtbrune Hazze krije yn ‘e gaten dat it net maklik is om te mjitten hoefolle ast fan ien hâldst!

Bern én âlden út de hiele wrâld binne mâl mei dit prachtige printeboek.

Witst wol hoe mâl ik mei dy bin is hjir te bestellen.

   

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!